is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Der binne fensels ek in poarsje dingen, dy't hjar wol yn goed Frysk adfertearje litte, ei-wis. As bakker v. d. Goot to Grou syn foerbrea yn 'e krante oanpriisget yn 't Frysk, hat er der neat gjin wirk fen en gjin-ien scil nei 't lézen sizze det de tael net doogt. Mar as er nou ris banketbakker wier to Ljouwert en syn pain de luxe en al det spil adfertearje moast yn 't Frysk, ho scoe him det öfgean ?

De Hollanners hjar adfertinsje-tael is ek min, en yn wirdkar en sinbou heal fransk, dütsk en ingelsk. Det dy ljue hjar det net ergerje, komt om't hjar hiele hannelstael sa is en hja ek sa prate. Det giet sa yn in lyts lan, det in bulte om utens wei ha moat en dit bidoelde ik ek do't ik niis sei det mei ham en gram oernomde offysyéle en hannelstermen üs gau net mear hinderje scoene, as it Frysk hjir ris de tael fen bistjür en hannel waerd. Fensels koe 't den ek to slim gean, — det giet it nou sims ek yn 't Hollansk, — mar by wirden as hannelsartikel en hannelsterm seach en harke men den net sa frjemd op. Op 'en dür komme der döchs ho langer ho mear fen sokke wirden yn. Niis krige ik in brief ut 'e Gordyk, dêr't se in nij gasfabryk krige ha, en dêr stie yn : „üs buizenet leit al." Dy man hat der grif gjin amerij bitinken op hawn det dit eigentlik gjin goed Frysk wêze scoe. En de ljue dy't det sizze freegje 'k: hwet hied er den skriuwe moatten?

It pipenet, seit ien, ef de pipelieding, det is yette better.

Fij, hwet in getsjoen. Buizenet sizze se oeral yn Fryslan, dêr't gaspipen lizze.

Mar hwet komt der fen üs Frysk torjucht, as wy sokke ynkrüpsels brüke? freget in oarenien.

Bleau Dokterom syn Frysk der den net like moai om, al liet er yn 'e „Jonkerboer" de jonker fader tsjin syn heit sizze, en de omke neef tsjin syn omkesizzer, en al brükte er de wirden geheim, bihalwen, instituten, pandecten, promotie*), freule, portret, en yet folie mear;

*) Dokterom scil wol promoasje skreaun ha, tink 'k. Mar yn 'e léste ütjefte stiet it sa.