is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

verstoken van alle gunsten, omdat je geen witte handschoenen aanhebt!

seit de man yet en den is er dea ....

Dêr riist wer in Holianner üt sé wei op en sjucht him driigjend oan ; 't is ien mei in lange mantel oan en in müntsekape skean omheech oer 'e holle .... greater en greater wirdt er en grommeljend wiist er op 'e graef syn lyk . . . „Hwèt seist' .... ?" „O, pardon mejo-ir, ik meinie dat-u wat zee . . . ." Foart is 't skynsel wer.

Jinsen giet it der ek heil om seil troch. De Hollanners lizze al, as se mar in fleijel yn 'e hichte gean sjugge. „Beaumont d la rescousse'" balt der ien, mar in sersjant springt foarüt en makket him kald mei de heafoarke. ... In sersjant? Hea, ho komt dy hjir. ;. . Hé! heila! sersjant Verbeek, ben jij 't . . Dêr stiet Geart to kaldgnyskjen. . . . Frysk prate. . . . bistou it? Dou bist' döchs in Sieu?

O ja, Sieuwen binne ek Friezen. ..."

Mar sjuch dêr: dêr steane wrychtich Sjerp fen Adelen en luitenant

Fisser nêstinoar to meanen, fiks op 'e slach, as de mieren yn 't mêd, en efter hjarren lizze de deade Hollanners op swé. Ho kin dy luitenant. . . . och, hy is ommers in Skylger en op Skylge prate se ek Frysk. ... O Skylge, myn lantsje, hwet hab ik dy jeaf. • •

Nou is Jan op 't Reaklif, dêr sit de abt op in sanbultsje en alle Friezen yn in tropke om him hinne. „Bistou dêr ek wer, Deodaet? freget him ien en hy waechst saun jelne as er him sa oansprekken heart; hy wit nou ho folie lok der for him weilein is. . . . Dêr is de Roas fen Dekama al, dy stekt him in blom yn 't twade knoopsgat fen 'e koarte jas en foroaret der op it selde stuit seis yn. . . . „Moarn kinne jimme foart trouwe, de biskop fen Utrecht hat der neat op tsjin; it scil wêze yn 'e Oaestmarder tsjerke en ik scil 't wol dwaen, om t, dou kinst it mei domeny Hohjiterius net rjucht lyk fine, det wit ik

wol. . . ." Sa seit de abt.

Dêr binne ek yet Hollanners oerbleaun. Dy kinne genade k"Je> mar hja moatte allegearre sizze fen „büter, brea en griene tsjiis". . .

Ho't det ris gean scil. ...

Hwer binne se nou sa gau? O ja: to Aldegea yn 't stasyon. De sjef docht it loket op en freget : „Kaartjes heere' ?" mar de abt graut: