Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„Frysk prate, oars giest' der ek oan!" De sjef foroaret yn Dr. Schepers en seit: „Det's goed, mar den yn in nije spelling," en Dr. Buitenrust Hettema stiet yn ienen nést him en haldt him de han boppe de holle...

Meiïnoar spoare se nei De Gaestmar, dêr scille se allegearre de trouweraesje bywenje; de forlofgonger sit mei de Roas fen Dekama yn 't knoopsgat foar in finsterke. Hja spoare Bürrum foarby, tichteby Grinslan, dêr't Geart by syn heit-en-dy ütfenhüzet; hy sit bütedoar op in omkearde ierdkarre; syn heit is weinmakker. „Sjuchst' nou wol!" ropt de forlofgonger greatsk tsjin him en wiist nei 't Starumer stran, dêr't de deade Hollanners lizze en luitenant Fisser en Sjerp fen Adelen to seineharjen sitte mei 't baitsje oer ,'e skouders. „Hark ris, Jan," ropt Geart werom, „ik scil dy myn goede rie sizze: forsliep dy net, it is. . . . fiif. . . • fiif- • • •"

Fiif ure! skrillet it de forlofgonger troch de lea. Mei in sprong stiet er midden oer 'e keamer en strykt in lüsjefer oan om op 'thorloasje to sjên, det fensels sa mar op 'e tafel leit, hwent yn in kaserne wirdt noait stellen,

't Is by trijen. Huverich en skrousk krüpt er wer ünder 'e tekkens. Fen sliepen scil net folie mear komme, hwent as er jouns him-sels oplein hat om sa-en-sa let der öf, en hy wirdt foartiid wekker, den is en bliuwt er de sliep bjuster.

En ik bin ek hwet bjuster, lêzer. Hwet it is wit ik net rjucht, mar de romanskriuwers neame it in trie en 't moat mar in min ding wêze, as men dy net to pakken halde kin, ha 'k wol ris heard. Det ik him kwyt bin, is fensels dy beide fervers hjar skild wer; dy binne hookstrooks ophalden fen sjongen en ik wier al sa ta hjar gesang biwend, det nou is 't my krekt as hear ik de stillens om my hinne. Dou scitt' it selde wol ris merkbiten ha tink 'k, b. g. as deklokstean bliuwt, ef 't haldt bütedoar efkes op fen rüzjen, ef domeny komt yn tsjerke. Hwerom hear ik dy oars by sokke gelegenheden sa faek „Hark!" lüsterjen, mei nijsgierrigens en kjellens tagelyk yn dyn lüd? Ik ken ek ljue, dy wenje flak nést in oaljemounle; dy giet nachts troch, mar

Sluiten