is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„Den koe det minske it üntsach der oars ek net goed yn halde,"

sei er, sünder him to bitinken.

Det kaem my do botternöch oan en nou yet.

It iene plak ef 't oare, det scil wol in hopen skele, mar salang it fryske folk yn 't algemien seis syn tael safolle minder achtel; as 't Hollansk, is 't tinkt my for immen dy't Ünder hjarren gesach habbe en halde moat, altyd in hiele weach om Frysk to praten. Binammen scil 't det wêze as de ljue om yen hinne, dy't yn 't selde gefal forkeare, it Frysk al slüpe litten ha. En sa wier 't mei dy ünderwizeresse Hjar boppemaster en de oare ünderwizers praetten Hollansk, ef hwet

der hjir yn Fryslan for giet.

Ik hab koartlyn ek wer fen in jonge domeny heard, dy is op in frysk plak to stean komd en praette by syn earste husbisiik Frysk mei de ljue, mar hy moat neitiid sein ha: ik doch 't net wer, hwen forskate minsken forgeaten opslach det se hjar domeny foar hiene.

Sikersonk it is sa: de inkelde minske scil net opbouwe hwet tuzenen öfbrekke. Ik wit wol, as dy ünderwizeresse en dy jonge domeny en dy sersjantmajoar folhalden hiene, scoene se op in dür itdiel üntsach det se yn 't earstoan forlearen mei Frysk praten, der wol wer yn krige ha. Dêr binne heger middels for. Lykwols, prestige is in tear ding; mar inkelden dy't hjar for in fier doel in skoftke oan ïen mei hwet minder geneare wolle. En den is 't ommers yet preekjen for stoellen en banken, salang men allinne stiet!

't Hearenfean, 1904.

Dit drankje dêr hat ek yet al hwet skriuwerij oer west. De hear O. H. Sytstra makke der üt op, det ik it hollanskpraten om 't prestige heal en heal goedprate woe. Nou, det wier myn doel net, en ik kin my yette net bigripe, det soks der üt to heljen is. Ik hab, tinkt my, oars neat sein, as det it for jonge minsken, hwa't men gesach (yn bisündere sin) tapart hat, in swier stik is. om it Frysk net slüpe to litten, as se allinne steane; det der, om yn sa'n gefal like fier to kommen mei Frysk as mei Hollansk, mear slach fen ... ja, ho scil 'k it neame ... mear slach fen omgeanmei-de-greate-heap nedich is, as de measten ha, - en det wy üs dêrom byinoar oanslute rnoatte.

1907.

i