Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

XIII.

Jan yet op reis.

In oanrin, dêr't de skriuwer gjin genade yn, mar al for ynropt. — De forlofgonger docht syn yntré wer, mei de hi- en de si-waldman as gefolch, mar it forhael eint as in lüs op in tarre dek. — In moaije dage, bisongen op syn Longfellows. — In hastige boat, forgelike by syn genamt. — In forhanling yn testamintstyl oer 't Moaije. — Sésykte, strüsfügel-polityk en in petear oer Fryske sang, folge fen warskógjen for forkearde oanwensten, dy't de skriuwer seis hiem hat, sa't liket. Teffens blykt it de iêzers dy't it yet net witte mochten, düdlik en klear, det dizze it forhael brükt for bleek, om der syn eigen linnen op to blikken.

Do't ik forline jier midsimmer myn Xllte „Drankje" rémakke, hie'k net tocht det de tiid om de rige to forfolgjen, my salang üntbrekke scoe.

Graech hie 'k foart trochgean wollen mei de biskriuwing fen sersjant-majoar Jan syn forloftiid. Mar it giet by wollen altyd net óf; twisken it foar yen nimmen en it dwaen fen in ding hat men faken in hiel poarsje tükelteammen op to romjen, en sa is 't my gien. Earst binaem dy skriuweraesje oer prestige en soks my de gelegenheit om foar de han wei op myn wirk to dwaen; letter striek bütenwenstige winter- en foarjiersdrokte in skoatteltsje foar myn aptheeksdoar.

Sadwaende hat de ierde syn jierbaen al wer in stikhinne roun west en komt in nije simmerbreid him op syn omgong laitsjend yn 'e miette oer 't grien tapyt det de maitiid foar hjar ütröllet, nou't ik mei 't rémeitsjen fen dit drankje bigjinne kin.

Ik hoopje nou foart gjin tsjinstuiten en tobeksetten wer tokrijen. Fen 't ütsprekken fen myn bitinken oer hwet üs allegearre sa nei oan 't herte leit, scil ik my fierders safolle as yn myn formogen stiet ünthalde; de pasjint mocht us ris ünder 'e hannen weistjerre, om't wy mei al det geïggewear oer 'e forskynsels fen syn kwael forgeaten, det praten neat is, mar dwaen in ding. Mocht lykwol skieik de alde Adam döchs wer boppe komme, — en det is sa ünmooglik net; ik wol my

Sluiten