is toegevoegd aan je favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

poarte öntskoatt'let, bütedoar komt yn hjar breidspronk, en hjar earmen for him iep'net! Hastich, rêd en rêdder, riist er üt nachts fierten hjar tomiette, oer 't tapyt fen sinnestrielen det hja foar syn fiet ütröllet! Langst nei ljeafde is yn syn haestjen, langst nei rêsten oan hjar herte!

Loaits'! de sé, de ünwiten wylde; loaitse! it breinroer, brinsgjend munster, det de skippen brekt en bryslet, dun en dyk to-mealt oan brokken: loaits'! de sé, de woaste, oerstjüre, hwa't nin teamme haldt, noch heiter, draegt de wearskyn fen 'e dage, draegt hjar poarper op syn weagen, draegt de moarnsbreid op syn skouders; jowt him op, sa sêft, sa mijen, sa't in heit him sêftkes opjowt ünder 't ljeaflik bern

det hoarsrydt op syn rêch, en 't mijen foartdraegt!

* * *

De „Friesland" leit oan 'e steger to wachtsjen op 'e reisgers. Hy hat al stoom op. Ut en troch set de masjine oan ; den kriget de boat in skok troch syn izeren lea; de rédden dogge in slach-twa trije en eazje it wetter efterüt krekt sa't in ünfordildich hynsder foar 'e wein to skraebjen stiet, en moude en grint efterüt skopt. It liket eft de boat him in tombré opjowt, fol langst nei de striid tsjin e skomjende fijan dér jinsen. Efkes sjit er foarüt; de gongbarte forglydt sa skean, det de reisger de foet dy't er der op set hat, hastich tobek lukt. De swiere tuikeabels rekke kreakjend en litte it iis los det twisken hjar stringen sit . . . . ; den steane de rédden wer en sa t in betterjende sike, dy't wit det er him ynbine moat, tobeksakket op syn stoel, sakket it fartüch omleech en efterstobek, ont de barte wer rjucht leit en it skypjen foartgong ha kin.

Is dy boat mei syn heal ynhalden hastigens net it byld fen 't lan dêr't er nei forneamd is? It giet Fryslan ommers as de „Friesland': it driget nei de iepen sé; it skoert en hellet oan 'e tuitouwen; it himet fen langst nei de kriich tsjin 'e weagen fen 'e fremdsin. It is yet net ré; earst moaite alle foetten oer 'e langong en all hands op dek. Mar ringen is 't safier, en den haldt neat üs mear tsjin: mei kriich yn 't herte en krêft yn 'e sinen giet it yn 'e folie foarsje nei buten, om to striden „for heitelans brükmen en memm'taels bihald. . .

Ik scil net graech sizze det de forlofgonger dit allegearre foart