is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

ris üt, eft Fryslan yet net üt 'e weagen opdükt. Ik ha oars net folie lést fen ünwennigens, mar hjir twisken Inkhuzen en Starum krij 'k altyd in gefoel as hingje 'k twisken himmel en ierde."

— „Yn dy forgelikenis is Fryslan fêst de himmel?" freget A'damstra. „Mar Hollan komt ek goed wei; it mei bliid wêze, det jy de tsjinstelling net skerper meitsje."

Beide laitsje se ris; den anderet Jan: „O, mar de hel üntbrekt der net oan! Dy fyn ik oer fjirtsjen dagen to Haerlem werom, binnen fjouwer keale mürren, krekt sa hjit as 'k him fen 'e tnoarn forlitten ha."

„Ha jy sa it mier oan 't kasernelibben?"

— „Ja, ik sjuch ho langer nammersto mear yn, det ik net dooch

for dy saunstürske drokte."

„Det kin 'k my skoan bigripe, mar ho kamen jy der den ta om

de blauwe klean oan to tsjen?"

nlt wier 't iennichste middel om üt it ingelsklear wei to

kommen," anderet Jan. „Mar om fen 't iene yn 't oare to praten: jy fregen my niis nei Gysbert Japicx; nou wol ik graech ris witte hot

it mei Friso giet."

Friso is 't jongste selskip to Amsterdam. It oare hjit Velstra.

„Och, hwet scil 'k sizze? Der wirdt hwet al to folie kreaud by üs. It is tsjieren ef it wirdt tsjieren; nou is der wer in kloftke, det wol bitankje en in nij selskip oprjuchtsje. Det scil den it treddewêze to Amsterdam, buten it Studinte-Frisia." (*)

- „Ik bigryp net det it altyd mei rüzje öfmakke wêze moat," seit Jan. „Dêr ha wy by uzes gelokkich gjin lést fen."

„Né, mar jimme binne dêr ek spekkeaper: jimme habbe Johan Winkler en Schepers, dy halde de boel gear."

Ja sa is 't al, tinkt Jan en hy sjucht dy twa mannen foar him, dy't inoarren sa'n ein üntrinne, net allinne hwet hjar bitinken oer tael- en skriftenkennisse oanbilanget, mar yn hjar hiele libbensopfetting, mar dy't trou nêstinoar steane, as 't giet for us sprake yn 't algemien en for 't Haerlemske selskip syn woldijen yn 't bisünder. „It is dóchs moai, sa'n taelbiweging," seit er, mear yn himsels as

(*) De lêzer moat net forjitte det dit en hwet folget allegearre op tastannen fen 189... slacht.