Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

skiplike klasse dêr't men yn foarstelt, ef 't is wer fen 't selde lekken in pak.

Fij, fij! Krektsa hied er yet argewaesje fen 'e splinters yn 'e eagen fen twa Friezen dy't op reis, as se elkoar frjemd binne, Hollansk tsjininoar prate; nou fornimt er yn syn eigen in balke. . . .

Mar tige fier öf daget ek it bigryp det it Frysk him net forfoarmje lit nei in frjemd mal. Tige fier öf, siz ik; it scil yet tiden en tiden oanhalde, foar't it him goed düdlik wirdt det gelegenheitssinnen, omgongsfoarmen-yn-tael, stad ichwei groeije moatte ünder it folk, scille se brüksum wêze en yngong fine. Yn 'e earste opslach bliuwt er spitich op himsels, om syn ünmacht om in theory troch to setten yn it deistich libben, en hy nimt ek foar him, om foaral en biljeaven net wer sa gau in hird oardiel ré to habben oer lansljue dy't üt 'e sleur wei Hollansk prate, lyk as de nije kinde dêr nyskes. Hwent sleur moat it west ha, — gjin falske skamte, ef greatskens. Oars scoe de man döchs tsjin A'damstra ek net praten ha yn syn einmoarstael. It blykt klear: hy is ien fen it great poarsje Friezen det Frysk praet as oaren it dogge, mar alhiel ünforskillich is for 't bihald fen syn tael.

Sokken binne 't minst to bikearen, en dos fine "wy Jan — hwent swier wirk fortokket him, — in amery letter drok dwaende mei wettertögjen yn dit Danaïdenfet. A'damstra hanlanget him üt en troch, en de hiwaldman sit der by for spek en brea; dy forstiet it Frysk fen syn selskip op 't stuit sa goed net, as 't plat-Amsterdamsk fen syn bernsbern. Hwet wit hy, dy't syn libben lang forkeard hat yn in geasteswrald, net folie greater as it sichtber om-en-by fen syn waldboerkerije by mistich waer, fen in taelbiweging; fen Flaemsk, Tsjechysk en Volapük; fen Kosmopolitisme en sok ding? Och, wier er bidreaun yn us faderlanske skiednis, miskien scoed er in bikend historysk sizzen op him seis tapasje en tinke: nou prate se by my, oer my en sünder my. Mar net iens de óflieding, dy't skiedkindige forgelikenis jowt, kin syn diel wêze; hy heart it petear earst in skoftke oan, den forfeelt it him ta hakken en teannen üt en om't der oars gjin oanspraek is, kriget si de ginst fen syn opmerksumens. 't Wirdt ek tiid; it ald minske is „raer gesteld," seit se; hja is bleek as in wytling, gappet

Sluiten