Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

opsteande kleppen dêr't yn tiden fen gefaer sa mei skik in prümke yn weimoffele wirde koe. Do wierne bizen, passanten en fangsnoeren giel, nou binne de bizen rea, de passanten ha it plak romje moatten for reade skouderlapen en de fangsnoeren binne alhiel ut 'e tiid, büten dy't de jonges ta hyngstebytling formakke ha. Do skeaten se mei Beaumont syn inkellader, nou wirde de Prusen büten 'e klompen keard mei Manlicher syn repetearwapen. Do wier it kommizebrea roun, nou is 't fjouwerkant, — ef einliks fiifkant mei in roune rêch; do waerd de büter der yn bibakt, nou wirdt se der apart by jown, alteast as de korporael him by 't rounparten net in „portie" forrekkenet, nei himsels ta, mar fen 'e léste man oan 'e „bak" of, dy't yn sa'n gefal to halden kriget: „Je kunt op 'n houtje bijten!" Do krige men assljucht soldaet saun, nou krycht men tsjien sturen yn 'e fiif dagen.

Mar oan 'e oare kant, — „pink" ef tomme en naed ef biis: do gyng de han swietsjeswei wer nei foaren en brocht de „instructeurs" ta wanhoop, nou ek. En 115 ef 120 trêd: do roan in soldaet yn tsjinst net in stap hirder as sa hird, as gjin sersjant ef korporael him troch de moster fitere, nou leit er 't ek sa bidaerd oer as er kin. Sjako ef képi, polysjemütse ef klotske: do krige men fen 'e sjako in reade ranne om, en pine yn 'e holle, nou krycht men 't fen 'e képi ek; do prümken de manskippen, ünder 'e tsjinsten, nou halde se ek yet wol fen in „slaadje," allinne moat it nou, om't de opsteande kleppen fen 'e polysjemütse nei de faderen binne, in reismennich faker trochslokt wirde. Giele ef reade ütmünstering, en fangsnoeren ef gjin fangsnoeren: do seagen de jongfammen niget oan in kein soldaet, nou is er hjar yet likegoed ta in eachweide. Beaumont, ef dy oare ütfiner: do waerd yn 't leger folie mei spek sketten, nou docht men 't net minder. Roune ef kante kommiis en de büter der yn ef der op: do wier se lekker, suver en fiedsum, mar hwet al to ringen hird en droech, nou kin men der yet wol in spiker op rjucht slaen, as se in heale dei ald is. Saun stüren ef tsjien: do wier 't traktemint yn in omsjuch op, en nou kinne se der ek wol trochslach yn krije en is 't in boer yet likemin wys to meitsjen ho't in soldaet oan 'e kost komt.

Sa is der, by in hopen forskeel, döchs ek in bulte oerienkomste,

Sluiten