is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

fitte: „Verduistering van eens anders herinneringsvermogen, in casu

— der moat hwet latyn by, det hat altyd holpen om gelyk to krijen!

— in casu dat van mijnen cliënt Jan fen 'e Gaestmar."

Jimrnes kinn' jimm' skriuwe litte, hwet jimme mar wolle. Alles is goed. Oaestmarders bygelyks, dy't de Aldegeasters net lije meije, ef Aldegeasters, dy't it mier oan 'e Gaestmarders ha, kinne de rie oanbringe „wegens koppelarij". In bistefrjeon kin komme mei „poging tot groene-nachtegalen-moord". Skoenmakkers, klompehanlers, manIjues- en frouljuesskroarren en alles hwet nearring en bidriuw hat, ta de skoaljonges ta, dy't hikken op- en tadogge en draeijen earst foar yens noas óf- en den wer oerdraeije, alles for ien ünnoazele sint, en, as 't knypt, ek for in healtsje, ha to kleijen oer „deloyale concurrentie". En sa scoe 'k trochgean kinne mei 't weijaen fen goê-rie oan elk op himsels, mar 't liket my noch mar 't béste ta, det jimme de biswieren forienje yn ien freeslike klachte: „wederrechtelijke opheffing van isolement". Det stiet gelyk mei ynbrekken, as 't net slimmer is.

Sjêsa, nou ha Oaestmarders en Aldegeasters my al bigrepen en scoe 'k de pinne dellizze kinne, as 't my net foarstie det der ek yet in mennich minsken sykhelje, dy't fen 'e Geastmar noch fen Aldegea fendinne binne, ja der licht wol al hjar libbensdagen noait west ha. It iene mei 't oare moat hjar as in grouwélige flater oanrekkene wirde, mar it gefal leit der ta, en men mei gjin kwea mei kwea forjilde. For sokken folget hjir dêrom tekst en ütliz. Fornim en harkje, frjemdling yn Nazareth ....

Hou, — yn Jerusalim moat it wêze! fait my hjir faeks mear as ien yn 'e reden. Mar det is mis. Wy ha 't oer Aldegea en de Gaestmar, oars net? Nou, twisken dy doarpen leit Nazareth, in stik lan det sa hjit om't der earen in kleaster fen dy namme op stie. (*) Mülk hjirom, mülk ek om hwet oars, neamt men de Gaestmar mei de omkriten ek wol sa. En 't jowt wol eigenskip, hwent hwa leaut det der üt 'e Gaestmar ea hwet goeds foartkomd is?

Frjemdling yn Nazareth dos: fornim det Wymbritseradiels rieyn

(*) Hofolle Gaestmarder skoaljonges en did-skoaljonges, dy't it by de namme kenne en, foaral yn 'e aeisikerstiid, wol yn dit stik tón komme, scoene dizze skiedkindige bisünderheit witte?