Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

den scoe 'k neffens de leare det it hountsje det yen biten hat yen ek wer genêze moat, — hjit it gjin homoeopathy? — fen 't pear wiete foetten det ik grif net misroan, wer better wirde kinne, en rüzje krije mei us dokter, dy't ommers ek libje moat!

Né, 'k fortel jimme ljeaver ho't Jouke en Hiskje, üt 'e Gaestmar, in jiermennich lyn de reis diene, do't se in dei üt to iten scoene nei Houke en Jiskje, to Aldegea. Den kinne wy beide op 'e stoel bliuwe.

In dei ef trije, fjouwer fen to foaren hiene Jouke en Hiskje in brief krige fen Houke en Jiskje. Ik achtsje 't myn djüre plicht, de ynhald hjir mei to dielen. Oars mochten jimme siker ris miene det dy wier: „De heer en mevrouw Houke en Jiskje hebben de eer,den

heer en mevrouw Jouke en Hiskje te inviteeren " en sa foarthinne,

sa't jimme tsjinwirdich jaink sa'n ütnoeginge ynklaeije.

Né, Houke skreau:

Oudega, ... September 18...

Waade vrind?

Daar wij taatsen Dinsdags af sproken hebe dat jimme tegare een dag bij ons te eeten kommen zoudene. Jo weete wel, doen wij met mekander na Sneek weest benne. Zo lijkte het ons Wel goed toe als gij Toekeme woensdag maar kwamen. Mijn vrou Zij ales is nu nog droog en sgoon en wat dieper in de herts Namens te minder. Dus kom Woesdag wij Reekene vast op, geen berigt goed Bericht. De roodbonte heet het Kalf versmeeten en ons kleine Poppe is ook niet Goed weest mar das al weer wat Besakt. Zij is nu Zo gesond als een vis. En hoopen dat UE. Deesze ook met U allen in gezontheid moge omvangen, gegroet van

Houke en Jiskje.

Do't de post dit brief by Jouke-en-dys omroale tsjin in pantsjefol kofje, roan de bak, en forgoed ek. Fen droegens en skjinnens scoe dos, nei alle gedachten, dy wyks wol gjin sprake mear wêze. Mar Hiskje sei: „Wy geane kl. Men kin 't wol wer fen 'e han stelle, mar

Sluiten