Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

hinne: hy hie twa reven yn 'e boksen, hja alle rokken op ien nei op* slein. Hwa't hjar niette, ef fen 't hiem óf biroppe koe, frege fensels: „Kom, scille jimme ris nei Aldegea ta?" hwent det wiisden dy reven en opsleine rokken düdlik üt. As in Gaestmarder foart scil, is 'taltyd oan 'e tarissing wol to sjên hwerhinne. En binammen as 't nei Aldegea giet, jowt elk him in frjeonlik praetsje mei op reis. 't Is krekt as wol men elkoarren büter op 'e strou dwaen.

Nei't se sa in reismennich ophalden wieme, kamen Joukje en Hiskje allinken-oan büten 'e Greate Gaestmar, en do wierne se ek ringen oan 'e hikke ta, dêr't men opdraeit nei de Lytse Gaestmar. Det leit, fen 'e ryddyk óf, tsjien minuten geans it lan yn.

Jouke draeide earst om 'e hikke en naem do syn wiif by d' iene earmtakke. Mei dizze stipe en de deadsforachting, dy't frouljue sims toane kinne, krige dy hjar 170 poun flêsk der ek omhinne.

Do stiene se yn in yester, ef einliks der foar. Men wit wol, üs fryske boeren ha 't mei pryslike soarchfaldigens sa ynrjuchte, det hja yen likernóch yn alle stikken lan, dêr't in paed troch rint, it geniet fen in yester jowe. En mei der yet in droech en skjin gêrsrantsje yn to finen wêze, det men oars wol gean koe, den stiet dêr sünder mis op syn minst ien kou dwers oerhinne, mei de stirt yn 'e hichte en de poaten to skrep. Under melken is 't yet better. Dy't den om 'e hikke draeit, sjucht, det er drok dwaende is om fen Scylla yn Charybdis to reitsjen, hwent flak der efter sit de boer ünder in kou. 't Bist stiet oerdwers op 'e daem, mei de kop oer 'e iene en de stirt oer 'e oare daemlegger, en is mei beide oan 't miggetyskjen. Om Charybdis hinne, dêr kin gjin sprake fen wêze; dy't it döchs bisiikje mocht, scoe fen 'e kou as mich bihannele wirde. Dêrom freget men minlik, ja by 't fleonske óf, hwent men hat earder mei 't wetter foar 'e dokter west en wit dos, det by de boer de skiklikens op en del giet mei 't sin en 't sin mei de merk: „Scoe 'k der wol efkes lans meije, boer?"

De man loert yen skean oan, efter 'e kou om, krekt as hat er nou earst erch yn yen. Ken er yen, en stiet de mütse him net al to skean, den docht er ien fen twaën: hy lit it bist hwet omgean,

Sluiten