Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Gaestmarder ek: hja seagen ris om hjar hinne. Dêr laei de Lytse Haske den wer, yn al syn hearlikheit! Hwet in eachweid wier't.... hwet in eachweid is 't hjoed de dei yette, net-Nazarener! O, 't is suver om mei Vondel üt to geijen:

Aen d' Aemstel en aen 't Y Daer doet haer heerlik ope,

Sy die als Keyserin De kroon draegt van Europe!

Mei dit ünderskie allinne, det de Gribus hjar net oan Aemstel en Y, mar oan Haeifeart en Bratsleat „iependocht," en tofreden is mei de keizerinnekroane fen Fryslan.

Dêrom net: eft hjar dy fen Europe fen rjuchtswegen ek net takomt, scil noch to bisjên stean. Sa faek hat men de Lytse Gaestmar net sjoen, ef hieltyd sjucht men wer niget, fynt yens each wer in nije bikoaring. Dizze stêd bistiet nammentlik üt it stoflik oerskot fen in mennich alderwetske boerepleatsen, forboud ta arbeiderswenten en koumelkerijen. Dy pleatsen kearden yen, do't se yet yn hear en fear wieme, al hwet ünskeamel, de rêch ta, det is to sizzen: de skürdoarren. Mar de wenten dogge oars: dy meitsje nei alle siden front, lyk as in carré soldaten. En sa'n krychshaftige skouwing as dy alde stienklobben ha! As hiene 't kastielen ef stinsen west, sjêdêr! De tichtmitsele kouwefinsterkes gnize it fjild oer as alde sjitgatten. De draeijers op 'e skoarstiens kreakje as roastige wynfeantsjes op slottoerren. De yeskebulten lykje oerbliuwsels fen bolwirken. Op ytlike plakken sjucht men ek bygeboukes dy't nearne mear op lykje as op skilderhuzen. Fen dy trijekante dingen binn' 't, dy't allegearre oanelkoar bisibbe binne: hjar mienskiplike fan is ommers Nauta (nau ta)? En stins-noch stêdsgrêften scille it de sleatten dêr't dy nautas boppe steane, forbetterje, as 't der op oankomt om yen „noaswille en rükfreugd troch 't hiele jier" to jaen, ja automobilen en moatorboaten ha der wol oan.

Dit léste nimt üs üt 'e middelieuwen op, om üs wer del to setten yn 't foarhöf fen 'e tweintichste ieu. It biwiist det de Lytse Gaestmar net allinne ütskaeit nei it bisünder-alde, mar ek om syn gelikens siikket

Sluiten