Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

yn 't stribjen nei 't bisünder-nije. Aerdzje de sloepen dy't hjir oan e wal lizze net allegearre min efte mear nei plezier-moatorboaten ? Ride hjir gjin automobilen, sünder benzine, op ien tsjil? Wenje de hinnen hjir net faek op sky-scrapers fentrije fordjippingen heech? Sjucht men yn 'e Gribus it spoar net fleanen? In goed ure geans öf, det is sa, mar 't fljucht dóchs. En binne de trije skieppepóllen gjin Vondelparken for hwa't net al to krekt sjucht? En is der gjin bazar ef Waarenhaus; hat lytse Wybren net fen alles to keap? Viaducten binne der ek, mar dy lizze faek öf, en de Gribusiten, dy't neat net greatsk binne, ne'ame se sljuchtwei haeibarten. Fierders makket men hjir fen gers wol. Dit is de Gaestmarder husflyt en 't giet sa: alle hüshaldingen ha in pear skiep rinnen op ien fen 'e pollen, ef oars by in boer yn'e we.de,

en as se den mar op 'e tiid op skieppeskarren pasje, komt it yn oarder.

De natür is hjir ek tige moai. De Lytse Gaestmar hat wol gjin baei, lyk as Grou en Napels, mar dêrfor steane de binn'-lannen yn'e omkriten it greatste part fen 't jier yn 'e splis en de butlannen der alhiel ünder. En boskich det it der is! Der binne trij'-fjouwer boerehiemen mei beibeamkes, en sims groeije der wol beijen oan!Ek san wünder net, as men bitinkt det de Eastynjes ünder 'e Lytse Gaestmar hearre en de Westynjes en de Kaep De Goede Hope der mar in trije kertier geans óflizze.*) Earder moat it yen binije, det in plak der t men de girle fen smaragd hast yn ien omsjuch, en Kaepstêd en Suriname yn trije bigean kin, net faker fen dy bisocht wirde, net-Nazarener ... ef mei dy bisocht, hwet moat 'k sizze? Mar dou siikkest altyd fierof, hwet tichteby wol to finen is. Ik woe dy oars wizer ha! Siker, de Lytse Gaestmar en... Napels bygelyks, det skeelt mar in Vesuvius. Hwèts'jo? net iens! Ja, as men it goed bisköget, is Napels yn't efteroangean. Fynt men net efter elke koumelkerij yn 'e Gribus sa'n rikjende berch? Spat de lava yen sims net om 'e earen, as men der winterdei, as de kij op 'e stal steane, efkes foar melken lans giet? En — neat gjin lést fen ütboarstingen of soks,hear, alteast net, aste netkomste

« nit is sünder lieen wier. De Eastynjes en de Westynjes binne boerepleatsen dêr-by-om. De lêste leit oan e Grflifs by Niihuzum; de earste in tweintich minuten geans ,e„ 'e Lytse Gae£ mar öf, oan 't paed dêr hinne. De Kaep de Goede Hope is in greate koumelken), ek oan e Grfins.

Sluiten