Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

efte mear op Aldegea oan, loek Hiskje rimpen hjar foetten tobek en die op hoasfoetlingen, (hwent diskear liet se beide klompen sitte,) in eintsje fen 'e weromreis, linia recta en sünder omkearen. Dêrby joech de langst, ef hwet it oars wier, hjar boppe-ein wjukken, mar partte, sa 't like, it Onderstel foarby; alteast, hja forhastke hjar en rekke danich üt it lead.

„Oeee, Jouke!"

— „Sein' jy hwet Hiskje?" frege de foarste helte fen 'e ienheit, — dy't, lyk as wy al fornomd ha, dêrom lang altyd gjin iensheit wier. Hy hie syn stüdzje by 't baeijen en hold de eagen der ek by.

Mar do't er for 'e twade kear syn namme hearde, waerd er döchs opmerksum. Forbylde er 't him, ef wier 't siker sa, det yn hjar lüd de ynlikens laei üt tiden, lang forlyn, sa lang, det er 't him hast net mear to binnen bringe koe, ho lang krekt? Hy stie op syn greate teannen yn in foege mar; fen siden lykwol wier in droech eilantsje en it slagge him om dit mei ien trêd to interjen. Nei't er sa himsels yn feilichheit steld hie, naem er, einliks mear üt nijsgierrigens hwet se wol to fortellen hie, as om't er it nedich achte, de tiid der öf om nei syn oare helte om to sjên.

Hwet er seach wier de moeite wol wirdich.

Hiskje siet plat op 't gat tsjin 'e Jordaen oan.

Dy hie hjar by 't fallen heal en heal heind, al hwet ünsêft, det is sa, mar 't wier hjar döchs to'n goeden tige, oars hie se ommers op 'e rêch yn 'e yester stien, en hjar klean hiene glêd bidoarn west. Nou wier hjar, om samar to sizzen, gjin spatsje bynei komd, hwent it iene gelok komt den by 't oare: hjar pels, dy't se, sa't wy witte, opslein hie, wier ünder 't fallen efter in spiker heakke, dy't béste jüpe en bopperokken sa moai ophold, it koe net better. It siet hjar strak ünder 'e earmen troch, ja, hja hong der min efte mear yn, det hja fielde amper groun. Hwet in wiis bistel fen us boeren, det se hjar stekken fen öfbraek meitsje! En hwer't in roastige spiker net goed for wêze kin! Dizze die einlik op twaderleije menear syn nut, hwent it griene öfprint fen 'e steksplanken, det Hiskje oars grif op 'e rêch fen 't boppest krige hie, stie nou ommers yn 'e binnekant

Sluiten