is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

taesje, dy't yet al fluch yn syn wirken gytig, wer op reis bijoegeti, koene se 't oan de oare kant wer forlitte. Sa lieten se net allinne't lan Kanaan lizze, mar roannen ek in Vesuvius mis, dy't fierder-op nést de pleats dwers yn 't lan laei en dêr't de lava oan alle kanten ta üt sipe.

Gans in ein gyng it nou fierders goed. Der kamen yet wol smoarge dammen, mar Hiskje, dy't ünder 'e knibbels net folie mear

to üntsjên hie, batste raek.

„Kom, jy leare al!" sei Jouke op 't lést, sabeare tige forbaesd. Hja hie him yet gjin goed wird wer jown, mar't plomke miskaem net.

— „Ja", andere se, „ik tink sjêsa mar: hoazzen en foetsokken dêr ha 'k döchs gjin droege trie mear oan, det der hoef ik my net mear om to mijen, en den is rjucht trochrinnen de baes mar, leau 'k. Wy scille der wol komme. In oar komt der ek al, hwerom wy net like goed ?"

„Hwetsj... o jawis, o jawis!" andere Jouke. Sa tocht hy der ek oer. „En 't slimste ha wy nou ek hawn," forfette er.

Och dy siel! Hied er heal witten hwet der him yet to wachtsjen

stie, hy scoe him wol stilhalden ha!

Efkes Hantsje' mounle foarby, moat men oer in viaduct — oer barten, sa't, lyk as ik al forteld ha, de Gribusiten sljuchtwei sizze, en om de lezer net yn 'e war to bringen, scil ik dy léste bineaming fierders ek mar brüke. Dy barten den lizze meastal öf, mar det is troch 'en tiid sa slim net, hwent, lyk as al folie yn 'e greidhoeke, fynt men hjir ek in dübeld stel, en 't is wizansje, det, hwa't se öfsmyt, oan elke kant ien lükt, den kin de foetreisger him ommers rédde, as

er net bang is fen in hantaest wirk.

Jouke-en-dy bifounen de tastan lykwol oars. In bi is ef in sokses, mar grif ien fen beiden, hie kans sjoen, de barten sa öf to lüken, det men altyd oanklaud stiene, fen hoffer kant men ek ynkaem. De barten laeijen nammentlik oan 'e Aldegeaster, de leggers oan 'e Gaestmarder

kant fen 'e Idsegeaster feart.

„Dy blinder!" sei Jouke, do't se nést de leggers op't haed stiene, „sokke tükelteammen dér ha 'k gjin bitinken op hawn. Ho moatte wy dit ha?"

Hy karde him al wakker yn 'e nekke, en seach in reistwa djipsinnich by 't haed del yn 'e feart, mar dêr wier de skird net mei lape.