Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

der wild ik mar twongeu om disse klean oan to liabben, en ik wird knipt en trjuwn en knükforske, krekt as ik in gemiene skobbort ben.

Keapman Watse, (tsjin de arbeiders).

Och, lompe sügen fen kerels, lit dy man los! Jimme scille hjir in pear ündogense snaken fange, en dy litte jimme 't ontglüpje, yet wol mei in oar sin klean oan, en in knap en fetsoenlik man dögge jimme sa '11 skande oan. Unbiskofte domme esels benn' jimme!

Eksteur.

En jy benne in evelse labbekak! In pleats fen mei dy mannen jou hus tiöch to gean, krüpe jy fen binaudheid biside Boue Kroppert.

Hwet is my dat ?

Fjildwachter. (tsjin Keapman Watse).

Hiene jy mei in 'e hus gien, den hiene wy us net fortaest. In kerel, dy 't wy lor disse man oanseagen, wier der just fen to foaren ta 't lius üt komd: nou fünen wy him op bed mei de froulju's-klean by him. Koene wy nou oars hwet tinke, as dat it ien wier len dy twa bisfynten, dy 't wy sochten? Keapman Watse.

Gekkepraat! it roait nearne nei! Jimme moasten wol forstan genöcli ha om to sjen, dat dit in knap en earlik man wier.

Eksteur-

Dat is dóch wrachtich oan sin noas net to sjen.

Fjildwachter

Nou, mar wy waerden d«'»r stjurd en wy moasten lis plicht folbringe. E11 nou freegje 'k jo, keapman Boue Kroppert, as wy dat net goed dien liabbe.

Boue Kroppert.

Dat mocht de divel! Ik fiel it yet oan min kop en oan min ribben ho goed as jim jimme plicht folbrocht ha.

Eksteur.

It liket my sa ta, dat wy hjir neat mear ütticre kenne

3.

Sluiten