Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

FIIF-EN-TWYNTICHSTE ÏOANIEL.

De foarigen, Eabele en Wopke wer In hjnr eigen klean.

Eabele.

Keapman Watse, ik tsjuch de driste skuon oan om jo forjeffenisse to freegjen for de bjustere moeite dy k jo lijoed oandien liab.

Keapman Watse

E', dóch ? Nou, ik ben oars tige lilk op dy. Mar hwer is Wikje?

Eabele.

Dy is In in feilige haven, hjir by jou eigen sister. As jy Japik mar efkes hinne stjüre scil hja dalik wol thüs komme, tink ik.

Keapman Watse

Japik, ren den gau hinne!

Japik.

Best, keapman, ik scil fleane. (lhj giet)

Keapman Watse.

Keapman Boue Kroppert wier al sa lilk, omdat er hjir sa bjustere raer forwolkomme waerd. Hy het sin boppeklean der yet by opset-

Wopke.

Dy scil er wol wer fün ha. Ik hab se rüngear in sin sjeas trjuwn, dy 't foar de herberge stie.

Keapman Watse.

Nou jimme benne in paar ündogense bisfynten, dat is allike fölle.

Eabele.

Dat is oars sa slim net, keapman; mar de ljeafde siket list» matte jy tinke.

Wopke

D<h' komme Wikje en Saep togjerre al mei Japik oan.

Sluiten