ÂLDE RIEDSBISLUTEN AS SKIEDNISBOARNEN
HWAT him set ta biskriuicing fan it forline, moat him foarst rekkenskip jaen fan de to rieplachtsjen boarncn. Dat binne dus alderneist de archivalyske boarnen', de archiven fan stêd, doarp, streek, provinsje of lan. En dcrt'it moat dan wer in kar dien wurde om it gacdlikste en foamaemste bijinoar to fandeljen, om de wierheit, de geast en de sm fan it eartydske sa geef, krekt en gearfetsjend rni'dk to forstean en ünder icurden to bringen.
Sa komt men njonkenlytsen ta it forstean en de witnis fan 't forline, al bliuwt der it mark fan persoanlik ynsjoch oan hingjen. Eltse skiedskriuwer sil him hoedzje moatte tsjin in to individualistyske visy, mar nimmen üntkomt hielendal oan it eigen persoanlike yn de skiedskriuwing, al wol er noch sa objektyf wêze. De kar fan syn boarnen bipaelt dit mei en helpt him-by dat stribjen. Dy kar is dus fan '\\ heechste bilang en men moat jin derby liede litte fan de ünderfining of erfaring. archyfkennisse en jierrenlang arehyfündersyk, feeling en yntuysje. Men krijt dat sa mar r.et, en üt boeken en biskieden is net alles to learen hwat men derta nedich hat. Njonkenlytsen wurdt men ek op dit mèd wol ünderrjochte en yn 't salt bibiten. Sa set men jin bygelyks ta it biskriuwen fan de stèdsskiednis, dêr't al of net earder oer skreaun is en dus ündersikings yn 'e archiven oer ynsteld binne. It sintrale bistjürskolleezje wier eartiids de magistraat, net altyd precys itselde as boargemasters, skepenen en froedskip(pen), omt bygelyks yn'e Fryske stêdden tige bitiid ek noch de „alderman" oan 't haed stie en de froedskip letter bystien waerd fan 'e miene miente of „gemeensmannen", towyl ek jit oare functionarissen yn rie en regear to neamen binne. Vn oare provinsjes fynt men dat mei oare wurden of nammen allyksa.
Dochs halde wy nouris efkes fêst oan it type „magistraat" as sintrael kolleezje lyk as nou de kolleezjes fan B. en W. en de rie togearre. Dy har bisluten, doe meast résolüsjes neamd, earne oars, lyk as folie yn 'e stêdden fan de südlike provinsjes, „akten magistraal", binne dus fan it greatste bilang. Dêr sit dus it materiael yn foar de historicus om syn stêdsskiednis op to bouwen, net allinne om to witten hoe dy stêd bistjürd waerd mar ek om to witten en troch to jaen, hwat der sahwat omgong buten de rcunten fan bistjür en administraesje. En jit folie oare saken, faeks ek fan dy tafallige en bykomstige bisünderheden üt it libjen en stribjen fan üs foaralden, komt men tsjin yn de riedsnotulen, dy't it oantekenjen mear as wurdich binne. Doet der boppedien hast noch gjin kranten wienen om it deistige nijs de wrald oer to striftjen, kamen feiten en dieden fan mear as pleatslike bitsjutting wol yn 'e magistraet, it stêdsbistjür dus, yn bisprek en sadwaende dus ek yn 'e forslaggen fan san kolleezje tolanne. Men praette deroer, naem dit oangeande ek wolris in bislüt of joech in biwiis fan meilibjen, dielnimming en blydskip, sawol dus yn't blide as yn't dröve, oan dyjingen, hwa't it neist rekke.
As bijgelyks in stêd of festing earne yn 'e Republyk, ynnomd wie, dè float op sé of it leger yn't lan de fijan de baes wurden wie, dan waerd der net allinne yn forskate stêdden en sels wol op doarpen tige flagge, sketten mei 't kenün, fjürwurk jown, mar ek skreauwen magistraet of froedskip it bistjür oan fan oare stêdden en doarpen, faeks yn fiere omkriten, om it sukses rounom witte to litten. De oanskreaunen joegen dan as foarste réaksje yn brieven mei lokwinsken bliken fan meilibjen of namen dit oangeandë ien of oar bislüt.
Sa soe'k trochgean kinne om it wichtige yn histoarysk opsjuch oan to tsjutten fan de alde magistraetsrésolüsjes, hwerfan spitigernöch de measte alde registers troch bran, oarloch, koartsjuchtige oprommingssucht of oar ünk fornietige binne en dus net biwarre bleaun.