BETTER WURD.
Vn „Uitgaan in Friesland 9" (LC 17-2-1967) stie in nijsgjirrige rigele alde spreuken en sizwizen, dy't hjoedde-dei noch op forskate plakken yn it doarp fan Sint Pieter to lézen binne. len dêrfan, nammentlik boppesteande, skynt hwat yn it forjitboek rekke to wezen, hwant, sa stie dêr yn dat stikje: „Boven de plaats, die vroeger als cel werd gebruikt voor boosdoeners, moet de spreuk hebben gestaan „Better wurd". Yndied, hawwe dizze wurden dêr stien. Myn pake, dy't yn Grou berne is, en him tige foar it alde doarp ynteressearre, hat hjir inkele rigels oan wijd, dy't yn in libbensbiskriuwing oer hun to finen binne. Vn „Bodders yn de Fryske striid" fan de han fan Dr. G. A. Wumkes stiet: „Hy (pake) boarte yn it hounegat op it Eastein fen de tsjerke. Bettirwird stie der mei gouden letters foar. Vn de pei twisken it „gat" en de tsjerke stiene de deabaren. De bern hiene der aerdich romte to boartsjen". En dr. A. S. Wadman seit yn syn dissertaesje „Hjerre Gjerrits van der Veen — libbensgong fan in skoalmaster": „It opskrift fan dit hounegat jowt him (pake Van der Veen) yn 1849 dizze wémoedige rigels yn 'e pinne:
„Bettorwird! nei buppen liedst' my Foar des greate Riuchters troan:
Och, det knarsetuskjend weinen — Kent 't in Bettorwirde nt eindje? Is der KRISTUS nawt GODS Soan? Bernefinsnis, Bettor wirde!
Irma th alde Grouergea. Bild fon th libben! Bild fon d' ier-
de! Lit my „bettor wirden!" — skiede 'k — Treastfol ütsnikje irma dea!" Nou 't dizze dingen op it aljemint kamen, wie it tocht my wol aerdich om hjir ek noch efkes omtinken oan to jaen. Hurdegaryp. A. Douma-Postma
(Over ingezonden stukken kan niet worden gekorrespondeerd. Ze kunnen ook niet worden teruggezonden. Anonieme inzendingen of stukken zonder duidelijk adres van de inzender worden niet in behandeling genomen. De redaktie behoudt zich te allen tijde het recht voor de stokken te bekorten.)