ACHTERGRUNEN FAN DE TAALSPEGEL (I) Fiif jier min en geef Frysk yn de LC Op 1 maart oansteande bestiet de Taalspegel fiif jier. Lykas bekend wurdt dy rubryk gearstald troch trije leden fan de „Kommisje Taalsoarch" fan de AFUK. Ta gelegenheid fan dat lustrum sille de kommende wiken fjouwer artikels fan Pieter Breuker, foarsitter fan de „Kommisje Taalsoarch", 'ferskine oer „Achtergrünen fan de Taalspegel". Vn dit earste artikel wurdt ferteld oer üntstean, wurkwize, doel en beheiningen. De Kommisje Taalsoarch en de redaksje fan de LC wolle ek graach de lezers yn it lustrum behelje. Elkenien kin oan 22 febrewaris ien taalspegel, dus in sm mei „min Frysk" en de derby hearrende sm mei „geef Frysk", opstjoere oan de „Kommisje Taalsoarch", p/a AFUK, Postbus 53,8900 AB Ljouwert. De gearstallers fan de Taalspegel kieze dêr dan de gaadlikste foarbylden üt en dêr wurdt fan 1 oant en mei 16 maart alle dagen ien fan publisearre yn de rubryk de „Taalspegel". Opnommen ynstjoeringen wurde beleanne mei in eksemplaar fan it krekt by de AFUK ferskynde boek: Pieter Breuker e.o. Foar de taalspegel; koart oersjochfan Hollanske ynslüpsels yn it Frysk. Strip fan Geart Gratama yn de Strikel fan jannewaris 1984 --- Untstean Vn 1977 is de Kommisje Taalsoarch fan de AFUK oprjochte. De kommisje, dy't har benammen mei de suverens fan it Frysk dwaande haldt, hat by it grutte publyk grif har bekendens krigen troch de 'Taalspegel'. Op 1 maart 1985 fiert de 'Taalspeger har earste lustrum. Dan hawwe mear as 1500 taalspegels yn de LC stien. Dat lick üs in goede reden ta om yn in stikmennich artikels it ien en oar oer bygelyks untstean. doel, wurkwize en achtergrünen fan dizze rubryk buorkundich te meitsjen. It idee fan de 'Taalspegel' is yn 1978 yn de 'Kommisje Taalsoarch' üntstien; de namme is betocht troch Sytze T. Hiemstra, foarsitter fan de AFUK, wylst op oantrün fan de LC de beide mantsjes it etiket 'min Frysk' en 'geef Frysk' opplakt krigen hawwe. --- Wurkwize Fan it begjin óf oan binne de teksten foar de 'Taalspegel' fersoarge troch trije leden fan de 'Kommisje Taalsoarch'. Dat wiene fan 1-3-1980 oant en mei 28-7-1984 Adam Zantema, taalkundich meiwurker fan de AFUK, Willem Visser, studint M.U.-Frysk, en Pieter Breuker, wittenskiplike meiwurker Frysk oan de Ryksuniversiteit te Grins. Zantema moast yn ferban mei syn sünens ferline simmer spitigernöch ophalde mei syn bydrage oan de rubryk; op 5-11-1984 is syn plak ynnommen troch Koop C. Scholten, learaar Frysk. Hoe komt no de 'Taalspegel' alle dagen wer ta stan? Om bar fersoarget ien fan de trije gearstallers foar fiirtjin dagen de teksten. Ear't dy yn de krante ferskine, wurde se earst besjoen troch de beide oare gearstallers. Pas as alle trije it iens binne oer de foarbylden, wurde se nei de krante stjoerd. De oare leden fan 'e 'Kommisje Taalsoarch' kinne op 'e gearkomsten fan dy kommisje (acnteróf) har miening jaan. Op san wize hoopje wy al te persoanlike ideeën oer 'min' en 'geef' Frysk safolle mooglik foar te kommen. De gearstallers dogge har best om foarbylden op te teKenjen dy't ünder de Fryskpraters vn libben tebrük binne. It is fansels fan grut elang, dat de lezer it idee kriget, dat er mei reële foarbylden konfrontearre wurdt. Vn üs eagen slimme flaters, byg. 'allemaal', |erch', 'sleutel', 'fingertsje' (dat er) 'kin komme', wurde mei sm üt en troch herhelle. Wat faker at de lezer in foarbyld ünder eagen krijt, wat earder at er it ünthalde sil, sa is üs ferwachting. As it heal kin, slute de skriuwers mei har teksten by de aktualiteit oan. Dat betsjut bygelyks yn 'e maitiid in foarbyld mei 'lente' jaan. Mei't de teksten troch de boppeneamde wurkwize al in dei as tsien foar de publikaasjedatum klear wêze moatte, fait aktuelens lykwols net ta. Fierder jouwe de skriuwers soms in wike lang soartgelikense foarbylden, wer yn 'e ferwachting, dat troch dy wize fan herheljen it effekt grutter is. Dêrmei komme wy op it doel fan de 'Taalspegel'. Wy hoopje alderearst de lezer der yndacntich op te meitsjen, dat syn Frysk grötfol Hollannismen sit. De measte minsken witte dat net, sa is üs ünderfining. Neffens in yn 1984 publisearre ündersiik nei taalferhaldingen yn Fryslan Taal yn Fryslan. Fryske Akademy, Ljouwert) is mar 16% fan de Friezen fan 12 jier en alder fan betinken, dat it Frysk 'sterk' troch it Hollansk beynfloede wurdt, 42% mient, dat der 'wol wat' ynfloed wêze sil en neffens mar leafst 29% is der amper of hielendal net' beynfloeding. De 'Taalspegel' soe foar üs har besteansrjocnt al bewiisd hawwe, as de lezers in goed byld krigen fan it Hollansk dat se troch har Frysk mjuksje. Fansels hoopje wv, dat de twadde stap dan weze sil, dat se har Frysk ferbetterje wolle. Vn hoefier't dat eventueel it geval wêze sil, is net üs ferantwurdlikens: uteinlings sil elkenien sels syn eigen taafiioarm kieze moatte. Neffens it hjirboppe neamde ündersiik liket der oars wol in basis te wezen om wat oan taalsoarch te dwaan: hast ienfjirde part fan de Friezen fan 12 jier en alder is it (absolüt) üniens mei de stelling, dat se har net drok meitsje om it opnimmen fan Hollanske wurden yn it Frysk (63% is it dêr (absolüt) al mei iens). It soe tige nijsgiirrich wêze om te witten at, en as aat it gefal is. yn hoefier't für jier 'Taalspegel bydroegen hat ta de reewilligens om it Frysk suver(der) te halden. Wy binne wat dat oangiet net alhielendal sünder hoop: wy hawwe yn de öfrüne jierren gauris murken, dat de 'Taalspegel' lézen wurdt, ek wol troch minsken dêr't wy dat net fan ferwachte hiene. Oare oanwizingen foar de bekendens fan de rubryk binne bygelyks ynstjoerde stikken, brieven en telefoantsjes fan lezers dy't op in foarbyld reagearje en op de Taalspegel' ynspirearre teksten op fersierde weinen yn doarpsoptochten. Ek de yn de redaksje tan de LC üntstiene ütdrukking 'Foar de taalspegel halde' foar Kontrolearje op de suverens fan it Frysk' kin yn dit ferban neamd wurde. Oan e oare kant sil it fansels düdlik wêze, dat it resultaat fan de rubryk - al hoe faak at dy ek ferskynt en al hoe grut at it herik ek is - beheind wêze moat. Troch de LC binne wy bysteat om it probleem fan 'min' Frysk te synjalearien; it sil fan de minsken sels öfningje wat se dêrmei dogge. It seit himsels, dat foar de jongeren it ünderwiis derby in tige belangrike taak hat. Wat de foarm oangiet, achtsje wy de koartens en direktens fan de 'Taalspegel' in ünmisber foardiel. De lezers kinne yn ien eachopslach sjen wêr't it om giet. Dêrneist binne frekwinsje en berik wichtige winstpunten. Wy miene dan ek alle reden te hawwen om de kommende jierren op de bewende wize fierder te gean. Dochs hat de opset fan de Taalspegel' ek syn beswieren. De termen 'min' en 'geef' Frysk suggerearje tefolle, dat it iene foarbyld folslein en ünder alle omstannichheden ferkeard wêze soe, it oare goed. Dat is net sa; wy komme der yn it folgjende stik op werom. Troch de foarm fan de rubryk kin neist it foarbyld fan 'min' Frysk' mar ien foarbyld fan 'geef Frysk' set wurde. Ek dat is fakentiden in simplifikaasie fan üs opfettingen. In foarbyla ta ferdüdliking. Op 29-5-1984 stie dizze taalspegel yn 'e krante: (Min Frysk) 'It is hjirre noflik yn de skaduw'; (Geef Frysk) 'Vn it skaad is it wol üt te halden' It Frysk hat lykwols foar 'schaduw' twa dialektyske farianten: neist 'skaad' bestiet ek 'skad'. Foar üs binne alle dialektyske foarmen 'goed' as se mar Frysk binne, dus wy meitsje yn dy sm gjin ferskil tusken byg. 'harke' en riuwe', 'sneon' en saterdei', 'tomme' en 'tüme', 'rjocht' en'rucht'. Dochs moatte wy hieltiten foar ien foarm kieze en meastentnds sjogge wy dan nei de bekendens en frekwinsje fan de ünderskate farianten: de neffens üs witten meast gongbere en algemiene wurdt yn 'e regel opnommen. In oare beheining is, dat yn de 'Taalspegel' net alle soarten fan 'min' Frysk behannele wurde kinne. Foaral as it om in ferkeard brükt lüd giet, sjitte de mooglikheden fan de Taalspegel' tekoart. Hoe moat 'winst', ütsprutsen as it Hollanske 'winst' yn stee fan 'weenst' (om mar te swijen fan it ek yn Fryslan gongbere 'weanst') oanjün wurde? Dat kin allinne mar troch óf te wiken fan de gebrüklike stavering en dat achtsje wy ünderwiiskundich net ferantwurde: de minsken soene dan yn ien en itselde foarbyld tagelyk wat 'goeds' en wat 'ferkeards' leare. --- VAL D'AOSTE, IN REGIO MEI SELSBESTJOER (2) Striid foar behâld fan de autonomy wie swier De begjinjierren fan it selsbestjoer yn de Val d'Aoste wienen in tiid fan swiere striid foar it behald fan de autonomy. Want der wie in faktor, dy't bynammen yn it begjin, sterk tsjin it stribjen nei selsbestjoer yn de Val d'Aoste wurke: de yn ferhalding sterke posysje fan de Democrazia Cristiana, de kristen-demokratyske partij. Doel fan dy partij wie sünder mear it tsjinhalden, en as dat net koe, ferswakken fan de autonomy, seit Claude Magnabosco yn syn boekje oer de Union Valdötaine. Soks soe net slagje, mar de striid wie net ücht. De UV stelde har lykwols taktysk op. It earste regear dat de regio krige, stie ünder lieding fan immen fan de Union, Severin Caveri. Syn regear waard foarme troch oanhingers fan syn eigen partij en de DC. De UV wie in bünsgenoatskip oangien mei de kristen-demokraten, mar fan it beghij öf oan hie men wol yn de smizen, dat it sintrale regear yn Rome derop üt wie, fia de DC die autonomy ünmooglik te meitsjen. De Grünwet fan 1948 skreau foar, dat in grut tal steatsfunksjes taparte waard oan de regio's. In autonome regio lykas de Val d Aoste krige in regionale ried en 'n ütfierend komitee, Giunta neamd. It sintrale regear yn Rome haldt lykwols ynfloed op it regionale bestjoer troch de beneaming fan in kommissaris. Dat is in oare funksje as dy fan kommissaris fan de keninginne yn Nederlan. De kommissaris heart alle wetten, dy't makke wurde troch de regiobestjoeren, yn te sjen. As hy en it regioregear it net iens wurde Kinne, wurdt de saak foarlein oan ": Italjaanske Konstitusjonele •Mof. Hjirtroch is de autonomy fan winliken alhiel öfhin*«k fan de sintrale macht. Der oinne fyftiin gewoane regio's yn Haalje en ïiif mei in fierdergeand se/sbestjoer: Sisylje, Sardynie, öud-Tirol, Friuli-Venezia-Giulia en Aosta. „ Vn 1948 is in tal rjochten fan it •f ransk wer yn de wet opnommen, mar de ütwurking yn de praktyk stelde net safolle foar. Hiel wichnch wie fansels yn dy regeling it laalgebrük yn it ünderwiis. Nefjens de foarskriften fan in mingde moat de fiertaai yn de essen godstsjinst, Fransk, regionale skiednis en ierdrykskunde, naturwittenskippen en de earste ■earjierren wiskunde it Fransk eze. Steatsboargerlike foarming, symnastyk, Italjaansk en de hegeit rf wiskunde hearre yn ,l italjaansk jün te wurden. Der «earre likefolle uren bestege te w"rden oan Fransk en Italjaansk. Mar dat is de téory. Vn de praktyk slacht it Italjaansk foar master op; it is de fiertaai yn it hiele ünderwiis en it Fransk is allinnich learfak. Der hawwe hiel wat füleindige protestaksjes fan learkrêf- De liuw is it symboal fan de Union Valdötaine. De lju dêrre fine it in sympathike liuw, lykas te sjen is op 'e affysje. ten west, mar om 'e nocht. Alle ütstellen fan de regio en de fertsjintwurdigers fan de regio yn it Italjaanske parlemint om ferbettering yn dy tastan te bringen, binne fersmiten. De taal fan de rjochterlike macht is Italjaansk. It iepenbier bestjoer moat der foar soargje dat it persoaniel safolle mooglik oanlutsen wurdt üt de regio wei of yn elts gefal it Fransk prate, léze en skriuwe kin. Dochs kriget men allinnich Fransktalige stikken, as men derom freget. De steatspolysje is hast alhiel Italjaansk; in beslüt fan de regionale ried om it polysjepersoaniel ferplichtsje te kinnen it Fransk te behearskjen, waard troch it Konstitusjonele Hóf ferneatige. Plaknammebuorden binne lykwols twatalich. Hiel swier hat it Fransk it yn de media. De radio hat elke dei tsien minuten lang in Fransktalich programma. Fransktalige televyzje is der net. De regio woe, dat de Franske televyzjeprogramma's ek ütstjoerd wurde soene yn de Val d'Aoste, en woe der sels wol foar betelje, mar it Italjaanske regear ferbea it. By kulturele brükmen hanthavenet it Fransk him better. Boppedat binne der twatalige en ientalich Franske kranten. De fiertaai yn de tsjerken is oer it generaal Fransk, mar de Democrazia Cristiana docht alle war om ek it Italjaansk yn tsjerke ynfierd te krijen. De DC ferlear yn 1954 de mearderheid, en gyng sels yn 1958 noch fierder efterut. De DC hie oant no ta mei twa minsken de Val d'Aoste fertsjintwurdige yn de Italjaanske Keamer en Senaat. Der kamen no twa öffurdigen, dy't stipe wienen troch de Union Valdötaine en de partijen fan lofts. Vn 1953 wie ien fan de oprjochters fan de UV, Albert Deffeyes (hy wie doe fjirtich jier aid) ferstoarn. Deffeyes wie, tegearre mei de kanunnik Bréan - dy ferstoar ek yn 1953 - de man fan de dialooch mei de roomsken. Doet beide mannen der net mear wienen, waard it petear aloan swierder, en dat beynfloede ek de relaasjes mei de DC. De UV begün mear kontakt te sykjen mei de loftse partijen. De tiid kaam doe foar in wat soasjaler bewald. De UV en Lofts foarmen doe meielkoar de List fan de Liuw. De liuw yn in fjild fan read, swart en wyt is it symboal fan de Val d'Aoste. Under de Giunta fan de Liuw waard gans in soasjaal programma ütfierd. Dat omfette de ferbettering fan efteröfdykjes yn de bergen oant it beskikber stellen fan stipe foar earme minsken, dy't harren bern studearje litte woenen. De regio koe oer eigen jild beskikke. De ekonomyske struktuer fan de Val d'Aoste wie f rij swak. Der wenje fee- en wynboeren en der wurde wat metalen fün. Dat leveret wol wat op, mar der is noch in oare boarne fan ynkomsten: it Kasino, dat yn de earste jierren fan de autonomy yn Saint Vincent delsetten is. Der wurdt grute, dat de Mafia fan Sisylje dêr gans wat jild fergokt. Mar noe dan ek, der komt jild binnen, dat foar alderhande soasjale doelen brükt wurdt. De Giunta fan de Liuw waard füleindich bestriden op de meast negative antikommunistyske wize, bynammen fanüt de tsjerke. Vn 1966 stapten de soasjalisten üt de Giunta fan de Liuw, om't de Italjaanske soasjalisten gearwurkje woenen mei it sintrum. De kristen-demokraten tsjinnen in oanklacht yn tsjin de bestjoerders fan de Val d'Aoste, en de rykskommissaris kaam. Der üntstie dalik ferset; tüzenen Valdótanjers demonstrearren yn Aosta tsiin dizze oanslach op harren selsbestjoer. Der kaam lykwols in regioregear mei oan it haad in presidint fan de DC. De Union Valdótaine krige it yn it tiidrek 1970-1973 te stellen mei in konkurrint: de Démocrates Populaires (Folksdemokraten). Dat wie in loftse öfspjalting fan de Democrazia Cristiana. Hja sochten bynammen gearwurking mei de kommunisten, mar om't hja har ynsetten foar in polityk om de gefolgen fan de ekonomyske krisis foar de Val d'Aoste safolle mooglik op te fangen en deryn te foarsjen, dat der gaadlike oplossingen kamen, spriek de partij yn de regio tige oan. Dochs waard de posysje fan de Union Valdötaine net bedrige. Vn 1978 gyng de UV wer stikken foarüt, en de partij levere ek de presidint foar de Giunta. Vn 1979 helle de kandidaat fan de UV foar it Europeeske parlemint, Bruno Salvadon, krekt net genóch stimmen om in sit te krijen. Vn 1982 hat de UV him oansletten by de Europeeske Frije Alliansje. Ek de FNP hie dit al earder dien. Boppedat is der yn Aosta in Buro foar de etnyske en nasjonale minderheden kommen. In goed jier lyn lykwols bruts der yn de Val d Aoste it Kasinoskandaal ut. Der wienen ündüdlikheden fêststeld oangeande swart jild yn it Kasino. It bestjoer slagge der net yn, üt te finen, wat der no krekt bard wie. Mar der kaam hiel wat dalje op; der wienen groepen, dyt hjiryn in moaie oanlieding seagen, it selsbestjoer oan te tallen. De autonomy waard kriminahsearre yn de Italjaanske parse, en de weagen runen sa heech, dat de presidint fan de Giunta, Mario Andnone, flechte en ferdwün It skandaal hie fan gefolgen, dat de UV en de Folksdemokraten by de Euroferkiezings fan ferline jier tüzenen stimmen ferlearen It wie de swierste krisis, dy't de foarstanners fan it selsbestjoer yn de Val d'Aoste yn de seisentritich jier fan de autonomy meimakke ha Tenei mear) ' ' Politike propaganda yn de Val d'Aoste: lofts foar de frije krite, de zona franca, dy't al yn 1948 ünthjitten is, en dêr't no noch altyd om striden wurde moat en rjochts foar it twade nasjonale kongres fan de Union Valdötaine. --- Omskreaun Nijs 1 Fersprate stikken oer taal en literatuer dy't D. A. Tamminga yn de rin fan de jierren skreaun hat, sille fan 't jier ünder de titel 'Kantekers' utkomme yn de 'Estrikken' fan it Frysk Ynstitul te Grins. - Arme Wadman en I lans Visser halde de kop derfoar wat Vestdijk oanbelanget. Vn harren rige 'Rondom S. Vestdijk' komt meikoarten al it tredde dieltsje üt: 'De brieven van Mick de Vries aan S. Vestdijk van 1927-1957. Utjouwer is Stabo/Allround te Grins. - De taalsosiolooch dr. P. H. van der Plank, fan Waaksens, yn de rünten fan de Fryske beweging in warber man, publisearret by de Amsterdamske ütjouwerij Coutinho in boek oer syn spesialisme: 'Taalsociologie: een inleiding tot de rol van taal in het maatschappijverkeer'. --- Almanak Earst noch efkes oer 'Aarts' letterkundige almanak voor het jaar 1985': de 'Adreslijst' dêryn omfettet nèt, sa't ferline wike yn dit kolomke stie, in foech 400 nammen, mar - hoe is 't mooglik, soe men sizze - wol in lytse fjouwertüzen. --- Bjinse Houtsma op tv De Flaamske tv-bewurking fan Arme Wadman syn roman 'De oerwinning fan Bjinse Houtsma', dêr't op dit plak al earder oer skreaun is, sil no sneintejün o.s. (BRT, 20.35 oere) op it skerm komme. It scenario is fan de Flaamske skriuwer Libera Carlier. Hy hat it ferhaal, mei behald fan de haadpersoanen en harren problematyk, ünder de titel Cantate' oerbrocht nei in Flaamsk fermidden. Op dizze foto in spylscène mei de underwizer-koarliederkomponist Hindrik Visser en syn oarehelte Wypkje Hempenius. Vn 'Cantate' hjitte hja fansels hiel oars. De beide rollen wurde spile troch Luk de Konink en Tania van de Sande. Al spitich dat men sneintejün net efkes sjen kin... --- Trinus Riemersma op Afûk-lesjouwersjûn Jün haldt dr. Trinus Riemersma op in lesjouwersgearkomste fan de AFUK in lezing oer Frysk literatueründerwiis en de metoaden dy't derby brükt wurde kinne. De bedoeling is dat nei ófrin yn groepkes diskussiearre wurdt oer in tal stellingen fan de ynlieder. De lesjouwersgearkomste wurdt halden yn it AFUK-gebou, Kanaalstrjitte hoeke Emmakaai te Ljouwert en begjint om healwei achten. --- Fryske tydskriften De Stim fan Fryslân Vn De Stim fan Fryslan, it moanneblêd fan it Kristlik Frysk Selskip en it Roomsk Frysk Boun, pleatst dr. Harm Oldenhof krityske kanttekeningen by de oergong fan PA nei PABO. Hy freget him derby óf wat de takomst wêze sil fan de kristlike ynstellingen „De Him" yn Snits, „Mariënburg" yn Ljouwert en „Fiswert": „Moatte se dan alle trije mar lesplak wurde fan in grutter kristlik ynstitüt? Dan ferlieze se in stik fan har karakter nei de Fryske kant ta. Moatte se ek mar stappe yn de mooglik kommende hegeskoalle foar Fryslan? Dan moatte se op 'en doer har kristlik karakter ferlieze. Want de leararen wurde net beneamd oan in stüdzjerjochting, net oan in sektor, mar oan de hiele hegeskoalle; as dus in neutrale tüke krimpt en in kristlike groeit, dan moat dy leararen fan de Krimpende tüke oan 't wurk sette. Dat nat de minister ek sein. It is net allegear swiet wat fan in broeder des geloofs üt Zoetermeer komt." --- Nijs 2 Arend J. Wijnsma, koartlyn noch haad fan de öfdieling Foarljochting fan de provinsje en no ferbün oan it kabinet fan de Kommissaris fan de Keninginne, skriuwt foar ütjouwerij Wever te Frjentsjer in boek oer 'De overval' (de oerfal op de Ljouwerter finzenis, no goed 40 jier lyn). It sil om april hinne ferskine. - Bas den Oudsten, ek in ald-foarljochter (fan de gemeente Smellingerlan), hat fan utjouwerij Bruna opdracht krigen ta it skriuwen fan in nij toeristysk boek oer üs provinsje. 'Neem nou Friesland' sil de titel wêze. --- Dat wie doe Doet fyftjin jier lyn de betinking fan de befrijing oansteande wie, hat it provinsjaal bestjoer fan Fryslan in literêre priisfraach foar koarte ferhalen en poëzy ütskreaun. Der ha 74 minsken oan meidien en oer de ynstjoeringen moast in jury gear, besteande üt M. J. de Haan, dr. Y. Poortinga en drs. J. Pop. It wurk fan de priiswinners (R. W. van Tuinen, Tiny Mulder, D. Winsemius-Bakker en Tr. Riemersma mei proaza; Ernst Huisman en Jan Dotinga mei fersen) waard, mei guon oare pryslike' ynstjoeringen, bondele en yn boekfoarm ütjun - troch de KFFB - ünder de titel fan Van Tuinen syn prnswinnend ferhaal: 'Skrael ilüt'. It is ek yn 1985 it lézen noch wurdich. Hjiründer it omslach: --- De Stiennen Man Reitze J. Jonkman hat foar De Stiennen Man it rapport Taal yn Fryslan nochris trochrün om te sjen oft op grün fan de si fers sein wurde kin dat it in spultsje fan „efterütfuotbaljen" is mei it Frysk. Hy konstatearret dat de sifers düdlik oanjouwe dat it Fryi I. de taal fan in tebekstappend mindertal is: „Wat mear at de Frysktaligen mci de Hollansktaligen yn kontakt komme, wat mear at sij harren taal slüpe litte." De oarsaken binne neffens Jonkman de sosjale twang fan de ekonomysk sterke groep en it psychologysk meganisme yn 'c minske om de oar yn 'c mjitte te kommen. Dochs lader, seit hy, in mooglikheid oanwêzich om it efterütfuotbaljen, dat wol ferkeard ófrinne foar it Frysk, om te setten yn in ferdigening: „Der moat in mentaliteitsferoaring komme: net it praten fan Frysk tsjin Hollansktaligen is ünfatsoenlik, mar krekt it nel ferstean kinnen fan Frysk. Dan kin der faaks noch wat st.vlromte foar it Frysk oerbliuwe * --- Skrael earesalut ---