JONGFRYSK PROAZA FAN MARTEN BAERSMA (1890-1918) 'De jonge fan de Marsheide': as song der in nachtegeal „Dejün wie kommen; il grille bocht fan de dei wie ferbloeid yn in teare reade glans lyk as de sinne jüns oer defjiiden leit, dy't dan stil te dromen li::eyn dit lette Ijocht. pan de Mar kaam hoarich en klear it lihl fan in skipper. dy't yn de waring lans klompe; dt kikkerts królen har ienteanich liet yn depuollen enyn in beamboskje \iet in klysler le kwelen.". . . „Mar Broar wie in Fries en dy binne \nbannich; har djipste Helen kinne se nel samar ütsi::e en ilèrfan wurdt in bulte stil-leed lit. in bulte moois bliuwt djipyn 't moed. sünder dat it utsein wurdt en dan opbloeit ta in libbenslok (an twa minsken ". . . Sok stimmingsproaza koe san fiifensantich jier lyn de Fryske lezers, de jongerein benammen, djip yn 't moed taaste. Hja liezen it as in foarm fan wurdkeunst dy't foar Fryslan nij wie. Wend as hja wienen oan it rjocht-op-en-del proaza tan sokke alde hurdkoppen as Waling Dykstra, ündergienen hja tlit teare ympressionisme fan in tiidgenoat as in woldied. Net allinne om de foarm, de wize fan uterjen, ek om de ynhald waard dit wurk as wat nijs, wat befrijends, begroete. Ynpleats fan ac anekdoatyske, gauris platte eksploaten fan de folkssknuwers as it bygelyks om in 'meidslach' gong, waard hjir in hoedene taast dien nei wat it jongfolk werklik rekke yn en om it üntweitsjen fan de earste leafde... Net yn it léste plak sille ek de tiidsomstannichneden derta bydroegen hawwe dat it ferheljend proaza fan Marten Baersma - want dêr doel ik hjir op - by ferskinen in yndruk en in opgong makke dy't wy no eins net mear nei- en meifiele kinne. It wie midden vn de benearing fan de earste wrafdoarloch dat er svn earste en wichtichtste novelle, 'De jonge fan de Marsheide', publisearre. Oanfalliger skets fan in idylle middenmank in üntheistere wrald koe men jin doe hast net yntinke. Der is Iykwols noch in oare faktor yn it spul dy't wv achtslaan moatte as wv it wurk fan dizze Jongfryske skriuwer op syn doetlestndske wearde skatte wolle: it persoanlike elemint, of better sein de kultus dy't syn grutte freon. de Jongfryske foafman Douwe Kalma, om it wurk en de figuer fan de sa jong en tragvsk ferstoarne Marten Baersma hinne weefd hat. Marten Baersma is op 25 maart 1890 yn Eastermar te wrald komd yn in orthodoks-kristlike bakkershüshalding. Syn echte namme wie Meint Hylkes Bottema. Dat er foar syn literèr wurk in skülnamme keas hat sa't skynt wat te meitsjen han mei it feit dat hja thüs no net sa wiis wienen mei syn skriuwerskip, dat him yn it godstsjinstige nammers ek wat langer wat mear vn frijsinnige rjochting üntjoech. Sa net - de ferhalding mei syn alders en syn iennige suster is altyd tige goed bleaun. Ek al hied er giin nocht oan heite bakkersfak. Hy waard earst timmerfeint en koe him troch selsstüdzje opwurkje ta boukundich tekener/ opsichter. Vn de mobilisaasje fan 1914-1918 lei er in skoft as ordonnans-fvtser mei de fiirde divisy fan it fjildleger yn Noardbraban en dêr hat er. ünder de tsjoen fan Kalma syn fanfares yn de Ljouwerter krante. yn 1916 syn earste en tagelyk syn beste wurk, 'De jonge Tan de Marsheide', skreaun, troch Kalma enthousiast üntfongen. Mei Kalma, E. B. Folkertsma en R. P. Sybesma hearde er ta de oprjochters. ein 1915. fan de Jongfryske Mienskip, dy't foar sa mannich jonge Fries en Friezinne vndied de finsters op 'e wrald (fan keunst en skientme) iepene hat. 'Meint', sa't er yn dat fermidden neamd waard, moat in aldersimpatykste. iepene persoanlikheid west hawwe, in jongkeardel ek dy't syn meiminsken leaf hie, earnst mei syn wurk makke en stnhbe nei ferdjipping en ferhef. I). deiboeken dy't er neilitten hat en dêr't Kalma posthüm it ien en oar üt publisearre hat. dog^l ek ütwizing oer. As skriuwer mei er dan vn syn tiid en rünte oerskat wêze, as minske is er mei rjocht en reden heechset om syn oprjocht en suver karakter. Mt i (lérom kaam de slach ek sa ttend oan, doet Meint Hyl- Bottema alias Marten Baersma op 13 novimber 1918 te Ljouwert. dit t er nei't er öfswaaid wie linst wie by Gemeentewurtige hommels kaam te ferstjerren as it safolste slachtoffer fan de deadlike goarre fan dy dagen, de 'Spaanse gryp'. Kalma en de oare Mienskipsfreonen en -freondinnen ha derta bydroegen dat der op it hof fan it Heechsan (Eastermar). dêr't er begroeven waard, in tinkstien kaam mei - op oanstean fan de famylje - in ferwizing nei Psalm 103:8. Dêr sti.'t [..irmhertich en genedich is de H luldich en fol fan Keunst " Fins. sa skreau Kalma noch in oare Bibeltekst by op moatten, nammentlik Mattheus 5:8: „Lokkich dy't suver fan hert binne, want se sille God sjen."... Noch efkes werom nei 'De jonge fan de Marsheide', Marten Baersma syn haadwurk. De novelle hat fiif printingen belibbe, de léste yn 1948, mear as tritich jier nei de earste alsa. De besoarger (fansels Douwe Kalma) wie fan betinken dat it boekje ek de jongerein fan nei de twadde wraldoarloch wat te sizzen ha koe. Doedestudske resinsinten wienen dat mei him iens. Guon fan harren wurdearren 'De jonge fan de Marsheide' heger as it meastepart fan wat der doe oan nij proaza ütkomd wie. It ferhaal hie Iykwols èn om syn styl èn om syn ynhald doe al benammen antikwaryske wearde, soe men sizze kinne. Wat it no nochris lést sil it tsjin it ljocht halde as in eartiids kostber achte, fynbeslipe drinkglés dêr't no frijwat it waar yn sit en dêr't men fan yn bestan stiet: is 't keunst of dochs in stikhinne kitsch? Hjirboppe haw ik besocht om oan te iaan wêrom't doe, om 1915. hinne Marten Baersma syn wurk sa himelheech priizge waard. Want dat waard it. „Syn wurk is it meast Frysk-eigene dat üs hiele literatuer oant no ta joech," woe Kalma hawwe. En nimmen oars as E. B. Folkertsma spriek fan „it teare, djip-minsklike proaza" fan Marten Baersma. In resinsint yn dizze krante - perfoars gjin Jongfries - sei it sa: „Marten Baersma syn novelle is as it sjongen fan in nachtegeal." Vn syn tiid en fermidden hat dit simpele, mar oprjochte proaza funksjonearre as in signaal tan de siele sa't dy besküle leit efter de sichtbere wurklikheid. In signaal dat Marten Baersma, dy't in earsten fiildman en in 'wetterliuw' wie, ek en foaral socht hat yn de ünfersniene stilte fan de natoer en de tsjoenpracht fan it Fryske lanskip. Tsjin dat dekor üntbloeit yn dit ferhaal de leafde yn hert en wezen fan de jonge, ünbesnoeide heidsjer Broar, dêr't de stille, ynbannige boeredochter lm him it antwurd op jout. Der sit yn de algemiene bêwündering ek wat fan it Rein- Leven-stribjen üt dy jierren, tinkt my. Ek dat sil in elemint west hawwe dat der yn it heech-idealistyske fermidden fan de Jongfryske Mienskip ynwoech. Douwe Kalma, waans wurd destiids in jüding hie as wie it it Evangeelje sels, priizgje 'de jonge fan de Marsheide mei dêrom: „De moaie frije en keine omgong tusken feint en faam lykas dy tusken Broar en lm mei it hiele jonge Fryslan in foarbyld oan nimme," fermoanne er... Kalma seach nammers ek wol tekoartkommingen yn Marten Baersma syn jong skriuwerskip: it sketsmjittige. de swakke kompade skematyske karakteristyk. Baersma sels wist ek skoan wat der noch oan miskearre. De Noarddütske dominee-skriuwer Gustav Frenssen ('Jörn Uhl') en de Flaamske bakker-auteur Stijn Streuvels ('De vlaschaard') seach er as syn grutte foarbylden. „Sa skriuwe te kinnen as Streuvels: alhiel gjin hanneling, oars net as skilderjen." notearre er yn syn deiboek. ik leau dat him dèr, foar de lettere lezers benammen, de it It al te skildereftige, mei san beheind palet, it weak-ympressionistyske en it tekoart oan konkrete aksje en spanning hawwe dit wurk no dochs wol tige datearre. Al sil it gjin serieuze lezer muoie, 'De jonge fan de Maisheide' nochris ta him te nimmen. Sels tink ik derby mear as oan Frenssen en Streuvels oan de Hollanske dominee-skriuwer S. Ulfers. Dy svn 'Oostloorn', mei bygelyks 'wiegen de dromer', sil Meint Bottema wol kend hawwe, ornearje ik. Der sille amper noch ald-Mienskipsleden yn libben wêze dy't üt eigen ünthald tsjügje kinne fan de freonskip en de tagedienens dy't Marten Baersma yn dat fermidden ütstriele hat. As it my net mist is noch net sa hiele lang lyn syn faam fan destiids ek rest. De takomstige biograaf fan Douwe Kalma sil der net foarwei kinne en jou spesjaal omtinken oan wat de freonskip mei Marten Baersma foar Kalma syn persoanlike üntjouwing betsjut hat. It moat tinkt my wol wat sizze, dat oan Kalma svn problematyske ferhalding (ferloving) mei Simke Kloosterman moai hommels in ein kommen is fuort nei Marten Baersma syn ferstjerren. „Ik leau dat ik nimmen tenei kom as ik sis, dat ik nea ealder minske kend haw." skreau Kalma noch yn 1948 yn in trefhk neiwurd by de fyfte printinge fan 'De jonge f,in de Marsheide. De jonge Kalma syn homoerotysk üntweitsjen soe wolris sterk beynfloede west hawwe kinne troch de bysündere, irenyske omgong mei dizze heterofile freon. dy't er faaks wol as syn altt i -ego sjoen hat. De stien op it hof is der noch. Lit üs hoopje dat er yn care bliuwt In oar taastber oantinken oan dizze aparte soan fan Eastermar is de stjelp. dy't ünder syn architektuer boua is en dy't - eigendom hjoeddedei fan de Wiersma-Reitsma stifting - te finen is oan de Toerloane 16 tusken de tsjerke en it tsjerkhóf en dêr't no J. Ozinga op buorket. Der is leau 'k oan cast- en westkant wat yn- en oanboud. mar it oarspronklike bestek is noch düdlik herkenber. En wat tiids tosk ek mei 'de jonge fan de Marsheide' üthelle hat. hy is om mear as ien reden noch altyd te goed om wei. dizze earstling fan de iennige prozaïst tusken it manmachtige Jongf ryske dichterskoar fan om 1915 hinne. FREARK DAM Marten Baersma De tinksiien op it hof fan it Heechsan foio u HamSkxbooa --- Litouwen De toan is oanjün. it foarbyld is der: Litouwen hat himsels ünófhinklik ferklearre. Vn 'e stream fan feroaringen dy't de léste tiid East-Europa op nar grünfèsten skodzje lit, is dizze died in nij hichtepunt. Gorbatsjov syn perestrojka hat ünderhüdske sentiminten. dy't al jierren oanien slommeren, in kans jün om nei buten te kommen. Kinst minsken lang ünderdrukke. mar üteinliks komt der in pust op 'e hüd fan 'e repressy en dy sil op in dei iepenbarste. Dat bart no yn Ruslan. It nuvere is fansels dat Gorbatsjov, as baas fan de ünderdrukkende partij, sels it sinjaal ta feroaringen jün hat. Hy liket op in puber dy't ünder de pükels sit, mar dochs alle dagen sükelarje en patat mei mayonêze yt. yn'e hope dat de pusten dêrtroch gau opbarste, dat er nei ferrin fan tiid wer in moaie, egale hüd kriget. It is te hoopien dat de man ek de fleksibiliteit fan in puber hat en net de Clearasil fan e ünderdrukker. it leger, ynset. no't blykt dat de pusten in oare ynhald ha as hy miskien ferwachte. Litouwen, Letlan en al dy oare gebieten ha rjocht op harren eigen kultuer, taal en ünofhinklikens. Okkerdeis seach ik yn dizze krante in berjocht oer de Rely Jorritsma-priis 1990. Njonken de mooglikheid om in ferhaal of in gedicht yn te stjoeren, wurde der dit jier ek essays frege. It motto foar dy essay-priisfraach is: 'De wrald en Fryslan, Fryslan vn in nei ienheid stribjend plurifoarm Europa, yn 'e wieling fan de hjoeddeiske tiden'. Hoe no? Sit der in optimist by dat Füns dy't tinkt dat de üntjouwingen vn East-Europa oanklang fine sille yn üs Heitelan? Dat der meikoarten moandeitejüns tüzenen minsken yn Ljouwert de strjitte op gean sille om te demonstrearjen foar in ünófhinklik Fryslan?üat aansens op in moaie simmerdei alle Friezen en Friezinnen inoar in han jaan sille om in lang lint fan 'e Ofslütdyk oan Bütenpost ta. fan Appelskea oan Holwert ta, te foarmjen? Dat it Provinsjehüs bestoarme wurdt. dat der in blokkade fan Wiegel syn wenning yn Gytsjerk yn e loft hinget? Soesa9 Binne iier tekens dy t der op wize dat soks libbet yn Fryslan9 Of is it ünderwerp ienfaldichwei te tankjen oan it arankgebrük op 'e jün dat der plannen makke waarden foar de priisfraach? Of gloaret der noch hope yn 'e herten fan yntellektueel Fryslan? Hope op in frij Fryslan, dêr't alle dagen keatst wurdt. alle wykeinen it fierljeppen it nijs benearsket en dêr t it skütsjesilen winterdeisyn oerdekte hallen halden wurdt? Tsja, it kin fansels... Ik sil in jier as fyftjin west ha doet yn it doarpshüsyn Yswald in gearkomste wie fan e aksjegroep Tryslan Oerein'. Rünom yn it doarp hiene affysjes oanplakt mei de oprop om it gesichl sjen te litten as Fryslan dy nei oan it hert lei, dat tolve minsken hiene de wei nei it sealtsje fün. Efter in lange tafel sieten fjouwer manlju. Twa Fryske flaggen wiene op it reade gerdyn pnpke en üt'e lüdsprekkers kaam akkordeonmuzvk: fertroude deuntsjes as de Waldsang en sa. De gearkomste soe om acht oere begjinne. mar doet it sa fier wie, stelde ien fan 'e manlju foar om noch eefkes in bakje kofje te heljen, om de letkommers de kans te jaan rêstich harren plak te finen. Doet nei in healoerke de letkommers der noch net wienen, iepene ien fan e manljudejün mei it foarlêzen fan in gedicht dat gjinien ferstie. F<>..r in part kaam dat omdat it gedicht wol hiel Aldfrysk wie. mar ek spile in rol dat de man senuweftuh n dêrom nochal hastich en binnenmülsk prate. ..Kin it wat lüder en stadiger?" frege alde Feenstra dan ek doet de man it gedicht ófraffele hie. De man knikte en hiet üs wolkom. It die bliken dat Yswald de care hie om as earste doarp 'Fryslan Oerein' te üntfangen. Fansels. de oare doarpen en steden soene ek eau oan Dar komme. want 'Fryslan Oerein' woe it Fryske folk mobilisearje. Mobilisearje omdat de maat fol wie: it moast mar ris üt wêze mei it Hollanisme. it ünderdrukkende en manipulearjende gedrach fan 'e Hollanske oerheid. „Op Kneppelfreed ha wy üs tosken sjen litten." sei de man fol fjoer. „doe ha wy in protte wün. Mar net alles. De fout nat west tl.it wy doe net trochsetten ha. Dy kans ha wy lizze litten. En wêrom? Omdat wy leaver klieme en kleie." De man seach üs oan. Doe gie er fierder. „Want dat kinne wy goed. Eamelje en seamelje." Hv wachte eefkes om syn wurden goed ta harren rjocht komme te fitten. Mar dat pakte oars üt as er ferwachte hie. Hamstra, in boer dy't krekt buten it doarp wenne, frege mci ütset lüd: „Hoesa? Ha Jo my oait seuren heard?" De man seach Hamstra ferheard oan. „Sa bedoel ik it net." sei er. hy wifele eefkes. Mar foardat er noch wat sizze koe, sei Hamstra: „Wèrom sizze Jo it dan?" „Ik bedoel it net persoanlik." besocht de man him der üt te reden. Hamstra seach üs tolven oan. „Binne jim dan eamelkonten''" frege er. „No", begün frou Feenstra. „ik ha miskien wol ris wat tefolle..." Se halde har fierder stil omdat se fernaam dat in pear minsken nochal laken. ..Ik bedoel it allegearre n« rop de man efter de tafel. „Ik bedoelde it retoarysk " „Retoarysk?" Hamstra seach de man nuver oan. „Wat hat de tsjerke hiir mei üt te stean'' Mar as Jo no al beejinne mei dingen te sizzen dy't Jo eins oars bedoele, hoe moat it dan fierder? Ik tocht Frvslan Oerein', dat is düdlike laai Mar no freegje ik my óf oft dat dan ek oars bedoeld is." Der waard lüdop lake en trochinoar praai en it koste de foarsitter muoite om de seal wer rèstich te krijen. 'Fryslan Oerein' krige dy jüns net it fertrouwen fan Yswald. dat sil düdlik wêze. Ik ha ek noait wer fan dy ploech heard, dat ik nim oan dat hja net echt ta waaksdom kaam is. Mar miskien dat har neiti ,tni fia de Rely Jorritsma-prns nochris sjen wol oft der noch meistenneri binne. Tsja, it kin fansel --- Betinkingsboekje Willem Santema De gemeente Snits wol in garansjesubsydzje fan ƒ 1000 jaan foar de ütjefte fan in betinkingsboekje oer de fersetsstrider Willem Santema. Dêrmei wolle boargemaster en wethalders har wurdearring foar it fersetswurk fan Santema stal jaan. Willem Santema waard yn 1902 berne yn Skearnegoutum. Hy waard winkelman yn Snits en fan 1939 oant 1941 siet er dêr vn de gemeenterie. Fan it begjin fan de twadde wraldkriich óf wie er by it ferset tsjin de Dütsers belutsen. Hy waard arrestearre en is op 10 augustus 1944 yn Vught fusilleard. Vn de wyk Lemmer-Oostweg yn Snits is in strjitte nei him neamd. It boekje bestiet üt de Fryske gedichten dy't Santema skreaun hat nei syn arrestaasje yn Amsterdam, dêr't er yn de finzenis siet. De gedichten binne noch yn de oarloch yllegaal ütjün. Fierder is in ferhaal oer de pérsoan Willem Santema opnommen en steane der in hündert foto's yn. It boekje is skreaun en wurdt ütjün troch Henk van der Veer fan de Hommerts en Willem O. Santema fan Heech. De publikaasje is yn it Frysk mei - ofsjoen fan de gedichten - in Hollanske oersetting. --- LKryptogram Horizontaal: 8. Rün sieraad fan de Beatles (5); 9. Stadichoan öfsette op in dearinnende dyk (9); 10. Op it skütsje mei in L yn it seil stiet men mei de bile klear (8); 12. Stimpel fan in katsje (6); 13. Jout waarmte oan süplapen (6); 14. Om de skippen fan üngetiders oan fêst te binen? (8); 15. Om mei op in tune te skriuwen"' (7); 18 Steane oerein as de skuonmakker der mei naait (7); 22. A beet hat. hat er it noch net (8); 24. Enerzjyk dwaande wêze om de rige yn de ynhaldsmjitte te krijen (6); 26. In fraudeur op skoalle wurdt ornaris op'e kop slein (6); 27. Strük dy't op hannen en fuotten oer de sangrün giet (8); 29. Om der krollen fan side mei te meitsjen? (9): 30. Is yn in hotel iten foar de boppelaacn? (5). Fertikaal 1. Heechmoedigens fan in flie, in ka en it skythus fan Grins (6); 2. It is net earlik om skean te skriuwen (8); 3. Eale Sjineeske boatsman (8); 4. Messide (4); 5. Tajaand stik boartersguod (8); 6. Sibe mei op'e pudding graach wat fan de strinkjes (6); 7. Leaf read steatsferban (8); 11. Geastlik laam (4); 16. De plantenamme is hast net te lézen (om't de molke der oerhinne gien is (8); 17. Fia, doch it net yn ien kear! (8); 19. Betide tsjinstkontröle fan de Reade Star (8); 20. Oanstiit oan in holte nimme (8); 21. De smoargens dy't Tiny üt 17 helle (4); 23. Ündersyk nei it ferdwinen fan it soer ut de roekenêsten (6); 25. Dêrop is it faaks min waar (6); 28. Turf yn'e waskkoer (4). As de puzzel klear is, fine jo yn de hokjes 6• 11 -16 -18 -21 - 4 - 24 - 23 in plaknamme. Skriuw dy namme op de efterside fan in brievekaart en stjoer dy oan: Redaksje Ljouwerter Krante, postbus 394. 8901 BD Ljouwert, mei de oantekening 'Kryptogram'. De kaart moat op syn lést ton-' gersdeitemoarn 5 april by üs wéze. Under de goede vnstjoerders wurde trije boekebonnen fan / 25 elts ferlotte. Oplossing kryptogram 413 De pl.ikuimth. wie: Mullum. De boekebonnen geane nei: R. Feitsma - Hoogterp. Bredijk 25, Stiens; GE W. Baalman - Weits, Pibemaleane 16, Penjum en J. van de Heide - Knol. Wilhelminalaan 91, Frederiksoord. --- 'Blut und Boden' yn tydskriftcn foar en yn WO 2 It literêre tydskrift Hjir is syn njoggentjinde jiergong yngien yn in nij habyt (fan wilco Berga) en mei nije belettering. Arme Wadman ferfolget yn dit nümer ünder tle titel 'De roken fan alear' syn speurwurk nei anty-semityske, faksistyske en 'Blut und Boden'-eleminten yn de Fryske publisistyk om de jierren '40 hinne. Wat it earste oangiet is er te seil gien op wat datoangean tle ie futen wie yn It Fryske Folk en syn opfolger it Frysk Folksblêd. Der fait In i vchje al bekende nammen fan redakteuren en meiwurkers, dy't harren yn de jierren 1939, '40 en '41 fan har minste kant sjen lieten. Vn de iiergongen 1942 en '43 fan It Fryske Folk is „mar in kear of wat en alhiel net systematys sprake (..) fan «pari (Wadman hat apert skreaun, moat men oannimme, red.) anty-semitisine." It giet derby almeast ferskül „yn in oerfloedich gepraat oer bloed, grün en ras; it is ek mear rjochte op Joaden as groep as op yndividuen." De konklüzje is: „Nei it lé/en fan Adriaan Venema svn boek 'Schrijvers, uitgevers en hun collaboratie', diel 11, moet ik sizze dat, fergelike by wat lju as Martien Beversluis, Albert Kuyle, George Kettmann en harren te tier oan anty seiintisnie ütbraakten. dy by de mannen fan 'It Fryske Folk' noch aardich nuet oandogge. En yn de tredde jiergong, twadde helte 1943 - de tleportaasje fan Joadse Nederlanners wie doe al yn har lt stt haw ik gjin anty-joadse uteringen mear fün. Oft der tusken it lene en it care ferban west hat, doar ik net üt te meitsjen." Poezy dy't bloed, grün en ras as tema hie hat der wol west; fan in lyts keppeltsje hiele en heale dichters. De dichtenj oer de Eastfront-soldategeaftt' stekt neffens Wadman seunstich óf by de Hollanske fan dy tiid. Ek hjir fynt er syn fergeliklngsmateriaal yn it al neamde boek fan Venema. Hy slüt syn bydrage öf mei it haadstik 'It foarspul fan De Tsjerne' en bringt al sa dwaande it ien kear yllegaal ferskynde tydskrift De Rattelwacht te praat. Kierder yn dit nümer fersen fan SLAH-pniswinner Syds Wiersma. Piter Boersma en oersettin?;en - mei in ynlieding - fan t an Derek Walcott troch TsjébU- Hettinga. Vn Vn 'e latrine leit Rink van der Velde de dichter/skriuwer Josse de Haan üt hoe 't er it oanpakke moat as er werns troch de kontróle moat op it Israelyske fleanfjild Lod. --- SA SYDLINGS Fan leafde en dea len fan de ütsünderlikstc slik ken dy't it Fryske toaniel vn de fiiange ieu opsmiten hat is it wurk fan in anonymus, dv't it ek by dat itiie besvkjen litten hat. „Wikje' kar" is dc titel fan dit drama ui fjouwer bedriuwen. It ruit tl. ut troch syn spylberens, mar wol troch syn thematyk. „Wikje' kar!" („Wikje har kar" soe men hjoeddedei leaver skriuwe) is yn 1884 ütkomd sünder au teursnamroe op omalach ol titel blêd. Dat is net nedich. MJ de skriuwer yn syn foarwurdsje. want ik ha nea earder In toaniel stik skreaun en ik sil it ek by dit iene litte! Dochs hat it wol fan iniet óf oan bekend west wat hjir oan it wurd wie, nammentlik de Wergeaster notaris Svtse Koopmans (1851-1890). Fanhim is fit i dt is hteiêr wurk bekend. Koopmans, in boeresoan üt Penjum, moat in romantikus west ha mei eaih en earbied foar it ferline In lvts, mar wichtich aspekt fan dat ferline hat er fêstlizze wold yn ..Wikje' kar" It gong him om de 'sedeti en brükmen' sa't dy eartnds yn care halden waartien yn de omgong tusken feint en faam. En net allinne om de uterlike foarmen dêrfan. it dekorum sis mar, mar sa't er it sels ütdrukt i foaral om it 'inerlik diel'. Want de hoedenens en ófstanlikens op it mêd fan leafde en fnjenje sa't dy vn syn jonge jierren noch ün boereiongfolk yn acht nomd waarden - of alteast nomd wurdt moasten - sjocht er as in grut ik en seedlik er f gou: dèrom hat er „Wikje' kar' skreaun sa't er it skreaun hat Mei eaeh foar de psyehologyske eftergrün fan wat him sa al yn de almeast foarmlike omgong tusken de jongelju ófspile. --- Misferstân ..Wikje' kar" soe men in stik fan en misferstan neame kinne. Der binne twa jongelju dy't it foar harsels, foar elkoar en lit foar de bütewacht amper doare dat hja it elkoar miene: de hierboerssoan Liuwe en de eigenerfde boeredochter Wikje [an dy tiid (il spilet om 1870 hinnei reizget Liuwe ienris yn de trije wike nei tlt faam. Dat hat in skoft* mar oft it echt wat wurde sil'Hoe djipasdejonge leafde d ele sit docht bliken as Wikje. troch omstannichheden dy't de sknuwer wol min of mear oannimlik wit te meitsjen. foar lenkear buten de stringen stapt Sünt dat aksidint mije Liuwe en Wikje elkoar. Dat hja Iykwols foar elkoar ornearre binne en bliuwe komt tragyskernóch net earder ta utenng as oan Wikje' stjerbéd. Sa't ik it hjir ge..- art it frijwat melodramatysk. om net te sizzen drakench. By it lézen fan it stik fait dat wol wat ta. De sloffe fan ..Wikje' kar" hie - stel dat Koopmans dat vn 'e macht han hie - Iykwols foliehetter brükt wurde kind foar ferwurking ta novelle of roman. In hiel bedriuw, it fjirde en léste, mei Wikje op har itj en it omsittend laach derby is. hoe't Koopmans syn best ek dien hat om it ynbannich te halden, fansels fiersten tefolle fan . de. De psychologyske. folkskundige en epyske komponinten dy't men yn dizze gearhmg yn gjin oar Frysk toanielstik üt dy tiden fynt. hienen gaadliker foarm fertsjinne! Dat Koopmans Iykwols it toaniel foar kar naam soe in oanwi zing wéze kinne foar it feit dat dat doe yn Fryslan wol it medium wie om jins böadskip kwyt te kinnen --- Ype Poortinga Dr. Ype Poortinga, yn 1940 promovearre op in dis oer it Fryske folkstoaniel. sknuwt déryn o sa priizgjend oer Koopmans s\ n stik. Foaral ek de folksaardige kant moat him troffen hawwe Jierren letter (yn 1958)skriuwter in treflik koart ferhaal. „Kin myn hynder hjir ek stalje?", dat w,,t motyf en sfear oanbelanget op „Wikje' kar" ynspirearre UJ --- In lytse Barend... Notaris Sytse Koopmans, dt sknuwer fan „Wikje' kar", I gysk oan syn em kommen I maartmoanne is it krekt in ieu lyn dat er himsels tekoart dien hat nei't er troch spekulearjen skulden makke hie. Dy nachts fan syn dróvich kaam der by de buorlju, de Werr barbier Piter van veen en 'e frou. inionk|. in lytse Barend. Dat soe in échte toanielskriuwer wurde. --- Berie oer it Frysk „Fansels. alles giet fuort en wurdt wei op 'en duer Mar wy moatte de taal halde. Wy binne der noch net ryp fo.ir om ferliezen"... (Dr óbe Postma yn in fraachpetear mei DA Tamminga ynit tydskrift De Tsjernc.jg 1953 ) FI) ---