IN STERK DEBúT FAN BENNIE HUISMAN In 'must' foar elke Fryske lezer De fjouwer ferhalen yn Bennie Huisman syn 'De rop fan it wetter' binne skreaun tusken 1982 en 1987. Twa derfan, it titelferhaal en 'Brief oan Hilde', waarden mei in Rely Jorritsma-priis bekroand. 'Hjerstferhaal' en 'Lavindel' binne neffens de ynformaasje op it efterkaft skreaun yn opdracht fan de Provinsje Fryslan. Dat efterkaft fernijt üs fierder dat Bennie Huisman 'sjonger en ferteller' fan berop is, mar dat er ek 'liet- en toanielteksten' skriuwt. Hy wennet op It Hearrenfean yn it pan dêr't er yn 1947 berne is, it hüs fan syn pake en beppe oan de Hearewal. Der bestiet frijwat onderskie tusken de earste en de léste beide ferhalen fan de bondel. Net allinne omdat de léste in pear jier letter skreaun binne en frijwat langer, mar benammen omdat se oars fan opset binne. 'De rop fan it wetter' üt 1982 en 'Brief oan Hilde' üt 1984 besteane foar likernóch de helt üt kursyf printe tekst. No dükt ek yn 'Lavindel' (1987) wol in ein kursyf op, mar dat nimt yn it totaal in frijwat beskiedener filak yn. Sawol yn it earste as yn it êste ferhaal komt in jonkje foar, dat Brand hjit. Ek yn Hjerstferhaal' (1987) ferskynt in Brand, mar dat is, nim ik oan, in man fan oer de tritich. Vn 'De rop fan it wetter' rinne einliks twa ferhalen troch elkoar. Vn it earste dêrfan is de haadfiguer in anonymus dy't earne op in skip wennet. Der wurdt ferteld dat er mei syn skou nei it ien of oare doarp kloetet. As er it boatsje fêstlein nat, sjocht er in grutte deade fisk yn it wetter driuwen. Vn it kafee fan Folkert - de iennige dy't yn dit diel fan it ferhaal in namme draacht, mar dy is dan ek kastlein - sjocht de man in jong frommes, dy't him oan syn mem tinken docht. Mei wat ryklik drank op fart er werom nei syn skip, tucht in skouke op en fart sonder noch om te sjen syn mem temjitte. 'Ut 'e donkere beammen ünder de eastlike himel wie de grutte glSnzjende giele bal fan nochtmoanne omheech kommen. De mar wie ferlitten en behalven de lüden fan it skouke en it wetter wie fierwei inkeld noch it weistjerrende ploffen fan in frachtboat te hearren. (...) It wie de dize dy't tichterby kaam en tichterby en alhiel om him hinne sleat en doe wie der ferlittenheid, in net te kearen ienlikens en hy fielde hoe't in ünpeilber djippe eangst besit fan him naam... (5.17) Vn dy romantise fragminten hat René Jokhan de ynspiraasje fün foar it omslach. Men moat lykwols net tinke, dat it hiele ferhaal san dierbere toan hat. Meast wurde de feiten direkt, sober, hast nofteren noteard. Vn it kursyf printe twadde ferhaal dat yn !De rop fan it wetter' troch it earste hinne rmt, wennet it jonkje Brand nei de dea fan syn mem by syn pake en beppe. Hy mei graach fiskje yn de feart foar hüs. As er der in deade fisk üt heije wol, fait er efteroer yn it wetter. Vn it léste fan de fiif kursive stikken dy't oan Brand wijd binne, sjocht er de begraffenis fan syn mem wer foar him. Hy krijt benammen it byld fan in famke foar eagen, dat er nea earder sjoen hie, mar dy't oan 'e oare kant fan it grêf stiet. Har rok waait hieltyd omheech. Dat is in sa prikkeljend byld, dat Brand masturbearjend ta in 'üntlading' komt. Men mei oannimme dat er it ideaalbyld fan syn deade mem yn in lucide dream sjoen hat. It is spitich, dat it dochs besteande ferban tusken it kursive en net-kursive diel fan it ferhaal te swak is. It wurdt net in gehiel, omdat der te min is dat de lezer twingt om beide mei elkoar yn ferban te bringen. Vn it ferhaal 'Brief oan Hilde', dat ek foar de helt kursyf set is. nimt de opdieling yn fragminten hast barokke foarmen oan. It giet oer in man fan om de tritich hinne, dy't yn 'in wyt teehüs' de wat aldere Hilde kennen leard hat, in frou dy't al jierren allinne wennet, sont har dochter op keamers is en 'har man mei in oare frou notabele yn Grou'. De man skriuwt syn brief oan Hilde nei dy har frijwillige dea. Tusken de brieffragminten troch fertelt (wa?) yn kursyf oer de briefskriuwer syn ferhaïding mei de jongere frou Maaike, dy't er ek 'yn it wite teehüs' kennen leard hat. It is in neffens my net al te djipsinnich ferhaal, dat troch de montaazje, dy't gjin oar doel liket te hawwen as om der mear 'body' oan te jaan, de lezer ferbjusteret. Te pre tin - sjeus, te literer en dêrtrocn mislearre, is it 't minste fan de fjouwer ferhalen. Al moat men by sokke ütspraken net ferjitte, dat it alris bekroand waard troch in deskundige jury. 'Hjerstferhaal' giet oer de learaar Brand, dy't it op syn skoalle net bolwurkje kin. Syn trou Maria is yn ferwachting. Vn de swierricnheden op skoalle siket Brand oanhald en treast by in Mdere kollega, de learares Anna. As er heart dat it ferwachte bern net mear libbet, brekt er skoppende en slaande mei de learlingen en de skoalle dy't er hatet. 'Hjerstferhaal' is op 'e wize fan in symfoary yn fjouweren ferdield. Der wurdt gjin onderskie makke tusken kursive en net-kursive dielen. Ek hoecht men net fertocht te wezen op ferburgen symboalyk. It is in knap skreaun realistys ferhaal oer de dramatise omkear yn it libben fan in man, in befrijing einliks. Mar it beste fan de fjouwer is tinkt my 'Lavindel'. It is in ferhaal oer de jonge Brand en dy syn wat onbehelpich kontaktsykjen mei Marijke Stellingwerf, it nije famke yn 'e klas, dy t behalve in prachtige namme ek noch in tsjokke, tichte flecht draacht, dy't har op 'e rêch hinget. Vn dit ferhaal spilet nest stadich opkommende seksualiteit ek de dea in rol, mei't Brand syn Beppe hommels komt te ferstjerren. In beswier soe wêze kinne, dat it ferhaal betiden wat tefolle fan it goede bringt en dêrtroch wat ütrutsen liket. Dochs wurde de simpele feiten - in koarütfiering yn in tsjerke, it tüntsje fan pake, in ütsje op redens - mei grut talmt beskreaun, sjoen üt de gesichtshoeke fan in bern. Men kin der net onderüt: dit ferhaal is ien fan de beste dy't de léste jierren yn Fryslan skreaun binne en it makket Bennie Huisman syn debütbondel ta in 'must' foar elke Fryske lezer. JAN WYBENGA BENNIE HUISMAN: De rop fan tt wetter (Fjouwer ferhalen. Gurbe-rige nü. 80. Utjün mei stipe fan de Provinsje Fryslan. Friese Pers Boekerij bv, Drachten/Ljouwert 1990. Priis/12,90. Bennie Huisman, sjonger, ferteller en no ek skriuwer. Foto Lc/Jan dc vries --- Nijsgjirrich oarlochsdeiboek fan in Menamer jongfaam It deiboek dat Ak Wassenaar üt Nunspeet yn it Ijocht jün hat rmt fan 1 jannewaris 1944 oant en mei 4 augustus 1945. Fan de skriuwster binne better net te witten gjin oare publikaasjes ferskynd. Dat se it likernóch 45 jier neicfat se har deiboek tichsloech wer yn hannen krige, wie dan ek tafal, sa't se op side 8 oan de lezer meidielt. In gelokkich tafal want al is Ak Wassenaar dan gjin skriuwster wurden, se fertelt net behindere troch fragen fan styl of komposysje flot en sünder omhaal oer de dingen dy't har as sechtjinjierrige foar in koart momint rekken of har langere tiid dwaande holden. Dat it oarloch wie doet se har plan om mei in deiboek te begjinnen ütfierde, is - foar de lezer fan no - in nijsgjirrige bykomstichheid. Dy't noch heugenis hat oan de tiid fan de Dütse besetting komt in soad tsjin dêr't er ek weet fan hat en ta weromsjen ferliedt. It is benammen dêrom dat men dit deiboek mei niget lést, ek al binne der wol dingen dy't er, bütensteander as er yn guon opsichten dochs is, net mist hie as se weilitten wienen. Ak (Akke foar't neist) Wassenaar wenne mei har alden, in suster en twa bruorren op in pleats oan de Sanwei yn Menaam doet se mei har skriuwerij üt ein sette. Se notearret persoanlike saken, foarfallen üt de hüslike rünte, mar haldt de lezer ek op 'e hichte fan it barren yn de grutte wrald fol driging en oarlochsgeweld om har hinne. „Fan 'e moarn binne der wer in firotte Tommy's oerflein nei Dütsan. De grüne polizei hat yn Hallurn in razzia ruilden, der wurdt sein dat se tolve jonges pakt hawwe, dat hawwe de ferrieders wer op har gewisse," meldt de jonge deiboekskriuwster op 5 jannewaris. De dei dêrop wurdt men wat gewaar oer prizen fan fee en tabak: „Jan Wiersma wie hjir hjoed. Hy woe in keal fan heit keapje foar achthündert güne, mar heit is dêr net op yngongen. Dyselde Jan fertelde aat hy dizze wike fjouwer pün tabak kocht hie foar seishündert güne, trije pün wie hy al wer kwyt mei grutte winst." It leed giet ek de doar fan de Wassenaars net foarby. Sa wurdt ünder oaren soan Jan oppakt en nei in earste ferbliuw yn de Ljouwerter finzenis 'op transport steld'. Mar hy komt wer thüs. „Wy koene him net werom. Ik skriuw dit mei in stik yn 'e kiel. (...) Syn moaie swarte hier fuort en net te leauwen sa meager. In raar jutesek-pak hong om him hinne. In frutte H op syn rêch. Ik HAATJE de Dütsers..." Tusken de bedriuwen troch haldt de deiboekenierster de lezer op 'e hichte fan de foarderingen fan de alliearden yn it Suden, fan de slach om Arnnim en sa mear. Ak Wassenaar hat har deiboek üt 'e oarloch vn it Frysk skreaun. Om har bern dy't de taal fan mem net machtich binne te geriven hat se it earst yn it Hollans oerset. No is it, wer yn it Frysk (nije stavering), ek foar in grutter publyk tagonklik. Der is ien ding mis mei cic taal. It 'öfslutend mulwurd' (voltooid deelwoord) wurdt konsekwint mei in t skreaun. Dat hie ütjouwer Van Wijnen, Frjentsjer, der foar 't selde eefkes üthelje kind. Mar in kreas boek (147 siden, priis ƒ 14,95) is it al wurden. JAN KROES Ak Wassenaar yn 'e oarloch De pleats oan 'e Sanwei ünder Menaam, tekene troch de broer fan Ak, Klaas. --- In benearjend útsicht Ferskes meitsje is as puzelje, mar dan mei wurden dy't men sels optinkt en net mei wurden fan in oar. Men skoot de wurden yn ünsichtbere hokjes, horizontaal en fertikaal, en as it kloppet, jout dat in tefreden gefoel. Dat hat men dan dochs mar hielendal sels dien! Dat is it 'fröbeljen' - jins technyk troch kreativiteit untwikkelje, lykas dat ek wol op kreativiteitssintra beoefene wurdt, gauris ünder lieding fan in 'erkend' dichter. Wat de technyk fan dat ferskes meitsjen yn 'e macht hat, kin it safier bringe, dat er it 'fröbeljen' üntstiicht en net allinne de technyk üntwikkelet. mar ek in oarspronklike gedachte. Dan üntstiet der in slagge gedicht en hat er (of sy fanselsTnim (of har) op it mêd fan de dichtkeunst bejün. Wat faker him/har dat barre mei, wat gauwer hy/sy as 'erkend' dichter troch it libben giet. Ütjouwers beskógje it as in care en jou fan sa'nien in bondel üt. En dat skept wer ferplichtings: de dichter tinkt net mear oan ien slagge gedicht, de dichter tinkt oan in syklus' en oan in 'bondel. Dat hat it gefaar yn, dat de foarm - dy't er ommers no yn 'e macht hat - wolris foar de oarspronklike gedachte giet. Ik wol der mar mei sizze: wês sunich op in slagge gedicht en slaan net oan it ferske-Dakken om't men sa graach in bondeltsje ha wol. Dat docht dat iene gedicht allinne mar ünderstek. Mar ik begryp dat de ferlieding grut is. Henk van der Veer hat har net wjerstean kinnen en yn eigen behear in bondeltsje yn 't Ijocht jün dêr't er net iens genóch fersen foar hie, dat doe hat er in tal miny-ferhaaltsjes' tafoege. Wat dat binne, wit hy sels it beste: wat de foarm oanbelanget binne it likemin fersen as ferhalen. De ynhald is meager en gauris de banale kant neist, nettsjinsteande swiere ünderwerpen (of krekt dêrtroch) as ferkrêfting, aids en oarloch. Mear as anekdoaten binne it net. en dan bryk, yn nuvere, ófbrutsen rigels ferteld. Fan de tolve fersen is mar ien dy't my slagge taliket, 'Utsicht', en it wol my wol oan dat er dêr de Wymbritseradielster poëzijpriisfraach mei wün hat: 'der lizze deade miggen / yn it finsterbank / fan 't Talmahüs // in ronfelige han / skoot de fitraazje fansiden // tusken ferdroege geraniums / in benearjend ütsicht // treurjende wylgen / boppe blakstille fiver / en / op it skuipepaadsje / in swarte wem / de laadklep iepen.' Troch inkeld op te skriuwen wat er sjocht, ropt de dichter hjir in düdlik byld op. Lykwols, sa gau't er mient, dat er sels ek noch wat te melden hat, giet it mis, en noch faker is dat it gefal as syn taal of technyk tekoartsjit, en al te maklike alliteraasjes fan it soarte 'kleurige klaproazen' de boel bedjerre. De titel 'Skrousk' fan de bondel bringt it yn it fers net fierder as in klisjee, skrousk waait maitiidswyn oer it Ald Tsjerkhöf'. De yndruk dy't dit '4 maaie'-fers op de lezer meitsje koe, wurdt teneate dien troch de rigel 'as om acht oere de stilte fait', want dan sit mv fuort de fraach dwers: kin de stilte falie? Nee, der kin in stilte falie, mar dat is wat oars. Spitich dat Henk van der Veer him it moaie 'ütsicht' sa gau benimme litten hat troch de ferlieding om in bondeltsje te meitsjen, hoe kreas dat der mei tekeningen fan Grytsje Jorritsma ek ütsjocht. Lit er earst noch mar wat 'puzelje' en de wurden goed ynfolje. PIETER DE GROOT HENK VAN DER VEER: Skrousk. Printe by drukkerij Van Minnen, Damwald, 42 siden, / 10. --- SKROUSK Henk van der Veer --- TAAL-TUKELTEAMMEN In healpûn alderhande "TênTTïënë""™_"(ÏTcJer sa maTjvïêrïn"c_CTtïam<_Re'' oanwayen komd wier. der wisten se gjin wei mei hinne w DYKSTRA. wever 4|1867) 'Fijentsjer, nom prop (frjrntsjar) 1860—». Franeker. (eufem. voor:) gekkenhuis (dn i v.m de vestiging, sinds 1851. van een psychiatrische inrichting in die stad). II *k Leau dat se dv wol hast nei Freantsjer bringe meye w dykstra. ürfenhüser 39 |I 860) Hy seit. it wirdl tiid dat ils boer en frou nei Frjentsjer komme ear't hjarren de plasse alheel foarl oan 't meallcn rekket. M MItDEMA. saedsma 14(I89I|. - Zegsw |t Fan hjir nei Frjentsjer is mar in stap. rujren geestelijk gezond en ongezond bestaai slechts een smalle marge, je wordl gek verklaard voordal fe hei weer O jonkman, 7jj 8311948] - Domoatst nei Frjentsjer. pjbent gek Opg s KROl|l976| - Do meist wol in inkelde reis Frjentsjer nimme. gez ah men iem voor gek wil verklaren Opg ld (1980] - De measte gekken nnne om Frjentsjer hinne. omzichtige formulering om tem duidelijk le maken dat deze gek is Opg ld 'Frj«nt«j«rttr, adj . 1854 — In || Frentjerter klokkethjeawen. schimpnaam voor de inwoners van Franeker 1 H HAlß..flolgirrzen 321 [1854] Frjentsjener klokkedieven. DYK SIRA _t .flMlta I n duazr 55 ||BK2| -■ klokke I. HUISJE BOOMPJE BEESTJE Iderkear wer hear ik op radio en tv de ütdrukking 'huisje boompje beestje' brüken om wat oan te tsjutten aat al te smout en benypt lytsboargerlik is (yn 't Hollans: 'knusjesj. Mar ik mien te witten dat de ütdrukking üntliend is oan de wrald fan de fleaners, de piloaten, en dat 'huisje boompje beestje' betsjutte: sa leech boppe de grun fleane dat men om sa te sizzen krekt oer hüskes, beamkes en bistkes hinne hipt. Of bin ik dêr mis mei? 11. „IT GIET SA EARLIK TA DAT" (L.Crt. 2 febr. '90). In net ünferneamd Frysk dichter dielt my mei, dat hysels ek ris de konstruksje mei 'dat' hjir bop- Eeneamd brükt hat: „mar boeren in sa sinnich dat." Mei in aksintteken dus. Hy fertelt dat er gjin Waldsjer is en de konstruksje net koe üt syn Klaaifrysk fan Westergoa, mar dy üntliend hie oan... Simke Kloosterman. 111. SELS VN TURKIJE In lezer üt it sakelibben fernijt my, dat de konstruksje „It giet sa earlik ta dat" ek yn it Turks foarkomt en wol mei it wurdsje 'ki'. As foarbyld: „O kadar eglendik ki!", yn it Ingels oerset: „We had so much fun that", dus: „Wy hiene san wille dat." De ynstjoerder foeget der oan ta: „de ekwivalinsje is sa opmerklik folslein dat it jin no net iens mear nij dwaan soe as bliken docht dat se yn Anatoolje potstro ite." IV. WOL EN AL In lezer üt Tytsjerk wiist my der op, dat ik wolris 'wol' brük dêr't hy earder 'al' ferwachtsje soe. Bygelyks. A. seit: It is net wier. B. antwurdet: It is al wier. Ik hoopje op dizze net sa ienfaldige kwestje nochris werom te kommen, mar iou no al fêst in sitaat ta oertinking. Vn de yn it Hollans skreaune dissertaasje fan Piet Calis 'Het ondergronds verwachten' (1989) komme in mannich Fryske sitaten foar. Sa skriuwt yn juny 1945 Gerrit Meinsma oan Marten Brouwer (it giet oer it doe net mear yllegale tydskrift Podium): „Alles kin ik noch net fortelle. It liket der al op det it goed komt", en Calis fertaalt dat mei: „Het lijkt er al op dat het goed komt", yn pleats fan mei we\'. V. GEAR(IOnov. 1989) In lezeres üt Drachten fernijt my - yn ferban mei de Aldfryske foarm 'gader', dy't by üs ta 'gear' wurden is - dat har beppe yn 'e oarlochstiid in tiidwurd gadderje' brükte foar: by elkoar tandeljen fan prikken en sok guod om de kókkachel branende te halden. „Wylst brükte se in ütdrukking, dy't my no noch goed bybleaun is: „It foei net ta, om wat te finen, mar ik ha dochs noch in soadsje opgadderje kinnen." (Beppe spruts üt 'godderje'). - En skriuwster ferfettet: „Faak haw ik it sa net wer brüken heard, mar foar myn gefoel is gadderie net sünder mear 'verzamelen'; oer moat wat foar dien wurde, it ferget wat fan je." San d-foarm haw ik yn gjin inkeld wurdboek weromfine kinnen. Binne der mear lezers dy't er bekend foarkomt? VI. FRJENTSJER (16 febr. '90, Lutje) In lytse beskrobbing krige ik fan in lezeres üt 'e omkriten fan De Jouwer, oangeande dat - tajün - wat ófwaaid grapke oer „gelokkich net in inkelde reis Frientsjer." Dat wie by mv net as diskriminaasje bedoeld fan lju dy't al 'inkelde reis Frjentsjer' moatte, en likemin om de psychiatrise ynrjochting dêre leech te lizzen. Mar de ütdrukking komt no ienkear foar en is ek 'legalisearre' (sjoch it oerprintsel üt it grut Frysk Wurdboek). Wy reitsie hiir in oar, noch pynliker taalprobleem, dêr't wurdboekmakkers gauris mei oanklaud sitte. De 'folksmüle' ken in grut tal ütdrukkingen mei joade en dan faak net yn geunstige sm (Van Dale 1984: jodenfooi, jodenlawaai, jodenman ('gering- schattend'), jodenneus, "jodenstreek, ensafh.). Moat men sokke wurden üt it wurdboek ferbalje omdat se de rook fan antysemitisme oan har hawwe? En as se yn it wurdboek steane, hearre se dan net ta de wurdfoarrie fan in taal? Mar tajün: it brüken derfan yn 'e praktyk is fansels net oan te rieden. It makket wol wer ferskil oft de skriuwer se foar eigen ferantwurding brükt of dat er se oare, bygelyks romanpersoanen, yn 'e mule leit. It Slde probleem fan W. F. Hermans en de katoliken: de rjochtsaak üt 1952. De skriuwer waard frijsprutsen, want hy hie de 'mislediging' lein yn 'e müle fan in dronken matroas. VII. LUTKE In lezer üt Walterswald fernijt my, dat der by 'De Lytse Jouwer' (op 'e kaart: Hiaure) in alde pleats stiet mei de nammen 'Lutke Laard' en 'Lytse Lea(s)', oan 'e Lytse Leasterdyk. En in lezer üt Hurdegaryp levert noch in eardere saté Lutke-Inia' of 'Klein-Inia' ünder Garyp, dy't neamd wurdt yn Johan Winkler syn 'Friesche Naamlijst. It lutket dus mear as ik tocht hie. En it hat der tige de skyn fan dat 'Lutke' en 'Lutje' sjoen waarden as in gaadlik kompromis tusken it 'tè Fryske' Lj/ts en it 'tè Hollanse' Klein. ANNE WADMAN mei tank oan alle ynstjoerders. --- Feroaring fan lucht Witt' jim wol wêrom't de lucht op it plattelan sa suver is? Dat komt omdat de boeren nachts sliepe mei de finsters ticht... It wie nimmen oars as Simon Carmiggelt. dy't him - it sil yn de iierrerPoO west hawwe - dit grapte permittearje koe. Tiden hawwe tiden. Der sit no wat in soer luchje oan. --- SA SYDLINGS Maart (1) It kin noch krekt, op dizze op iermei léste dei fan Foarjiersmoanne: de fêststelling nammentlik dat it mysterieuze mylde maartewaar dêr t wy üs de ofrüne wiken (bytiden!) yn skoaske hawwe de 'folkswaarkunde' der ek al wer net oannimliker op makke hat. Simke Kloosterman soe, as hja yn üs tiid libbe hie, har grif wol wachte en lis oangeande it Maartewaar dizze wysneid fêst, lykas hja destiids dien hat: Praat my net fan Maart! Njoggen dagen sinneskyn, Tweintich (lagen noardewyn En it oare is ek fenyn... Praat my net fan Maart? Simke har titelroazen ha noch nea sa ier en sa oerdiedich bloeid as yn diz7e bjusterbaarlike 'winter'! --- Maart (2) Maartmoanne is fan aids foar de Fryske jonges ek de Ijepperstiid. In lezer hat üt it Frysk wurdboek in rychje wurden fandele sa't dy foarninne oangeande it sleatsjespringen' brükt waarden. De ljepperstaal is ryk. Lés mar ris: Swannemelke: met één been om de polsstok over de sloot springen. Rèchbreklings (springe): polsspringen met de polsstok schuin achter de rug. Bükelje (bokkelje/bügelje): met de polsstok onder de arm in gebukte houding slootjespringen. Sturtsjebrekke kullsjebrekke: schrijlings polsstokspringen. Stiistans (stilstantsjes): zonder aanloop slootjespringen. Boereplof: polssprong met aanloop met daarbij polsstok in handen. Sweltsjetippe: bii het polsspringen met eén voet vluchtig het water raken. „It soe nijsgjirrich wêze te witten yn hoefier't dit stikje jongestaal noch libbet", sa skriuwt de lezer dy't - it is de dichter D. A. Tamminga - wat dizze ljepperstermen oangiet op syn eigen unthald te seil gean kin. Wurdt der hjoeddedei noch swannemolken, bükele, sturtsjebrutsen, sweltsjetipt ensafuorthinne"' Skoalmasters yn de ljeppershoeke soenen de skoaljonges dêr faaks wolris oer befreegje kinne. En ik bin, mei Tamminga, nijsgjirrich nei de ütkomst. --- Barend Wy ha der ferline wike al efkes op doeld: it is in ieu lyn dat de skriuwer Barend van der Veen yn Wergea te wrald kaam. Hy is yn 1968 yn Boarnburgum ferstoarn. Net allinne troch syn boeken, mar foaral ek troch syn ütsünderlike kwaliteiten as toanielskriuwer en -spiier is er ferneamd wurden. It famyljeselskip dat jierren lang ünder de legindaryske namme 'Barend en Martsje' op 'e planken stien hat wie yn brede rünten populêr. Gjin niget dus, dat it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum te Ljouwert dêr skieik in ütstalling oan wijt. Faaks is it hjir it plak om der op te wizen dat 'Barend' (syn skriuwersnamme) ek in tal alderaardichste ferskes foar bern skreaun hat. 'Ljepperstiid' bygelyks, dêr't ik it earste en léste kuplet fan oerskriuw: 't Is ljepperstiid, 't is ljepperstiid! In echte jonge is no biiiaf De pols komt fan de souder En leit aanst skean oer 't skouder. Dan meielkoar de lannen yn By sudewyn en sinneskyn. Kom jonges, allegear, De mailüd is der wer! 't Is Ijeppersdei, 't is Ijeppersdei! Kom jonges, nim de pols mei. Wurdt soms in snoekje helle, 't Wurdt met 'hoera!' betelle. Dan giet it op nei hüs ta gau, Lüd sjongend fan: 'De bok oan tou!' Dan is üs mem sa bliid, Hoera 't is ljepperstiid. Faaks kin dat yn dit Barend-jier ek nochris wer op it skoallerepertoire? FREARK DAM ---