Praethoekje for de Fryske bern. Beste jonges en famkes. Moeike hie it jim in pear wike forlyn forgetten to skriuwen, mar wy scoene dizze moanne, as der goed hwet brieven kamen, de 11,000 helje. Fen 'e wike is it üs slagge. Wy hawwe de 11,000 fol krige. Jim ha der nou fensels net om riede kinnen, mar ik haw dochs in doaze skriuwpompier klear for dy moeikesizzer, hwaens briefke it tal fol makke hat. En dy moeikesizzer is Jit s k e Koois t r a. fen Werg e a. Ik scil hjar it pryske stjüre. Nou geane wy nei de 12,000. To mar! Fryske les. Leske A. (for bigjinners). Meitsje sels dit leske nou ris óf. Jim witte wol, yn in wird de y (byt — pyk) en op 'e ein fen in wirdlid (lettergreep) een i (bi—te; pi—ken). 1. St—n en D—ne binne hjir net. 2. Hja f—tse op 'e d—k. 3. Mem scil aenstons s—pelsk—le. 4. M—n kn—ntsje eit —n 't hok. 5. Dizze apels binne noch net r—p. *>• R—pc parren binne lekker. Lesfce B. (lor alderen). Mei f en t. Tink er om, in wird bigjint nea mei in v, wol mei L As wy in sêfte glider hearre, skriuwe wy v. 1. In drüf — twa druren. 2. In mof — twa moffen. 3. Dyn klean binne ekurf. 4. Jow dy skurve klean mar wei. 5. In reaf jern — twa rearen jern. 6. In brief — sauntich brieren. 7. In turf —. trije turven. RietUing. It riedling moast sa: Allegear mar gau oan 't rieden! Hwent it pryske leit al klear. len kin 't lykwole dochs mar winne; Mar den hoop op 'n oare kear. Riede en rime, it giet togearre. Det is noch it slimste net. Mar mei 't rimen hwet to winnen. Det is kinet' Ha jim 't al ret? De priis is hjoed woun fen Anna Strikwerda, Winsum. Hja krijt in jiergong fen „Il Heitelan." De twadde priis is woun fen Tsjik Wassenaar to St. Japik. Hja krijt in lyte boekje. Noch in riedling. Dina Oetsjek wier: Jetske Donia, en hja wennet ©p 'e Aldsyl. De priis is woun fen Je 11 e v. d. Veen to Sint Jftnsgea. Hy krijt in lyts Frysk boekje. Nij rieedling. Fen ien fen ós moeikesizzers haw ik in stikmannich plaknammen krige, dy 't yn gewoane rigels forsküle binne. Kinne jimme üt eltse rigel de namme fen in plak fine? De plakken lizze net allegearre yn Fryslan. hear. Ek der buten, mar net buten Nederlftn. Bigjin mar; 1» Det is in Bwiere stien, wy koene him hast net tille (hjir twa yn). 2. It kin ek net yn Jelle syn büse wêze. 3. Dy man is gans jonger, dy kin it wol dwaen. 4. De balken binne swart fen ünderen (twa). 6. Ik koe him rikke, mar ek mar krekt 6. Holang rinstou hjir al om mei dy beide jassen oan ? (twa). Hwa 't de plakken allegearre fynt. kin meilotsje om in moai lêzboek. De twadde priis is in lyts boekje. Noch in riedling. Hwa is dit? Koert Haittes. It is in moeikesizzer, mar de letters stcane hwet trochelkoarl De priis ie in lyts lêzboekje. Postsegels. Ik haw forskate slüfkes mei postsegels klear üz- Ben. Ik stjür nou de ljeafhabbers elts in slüfke. Hja sykje dy segels der üt, dy 't hja noch net ha. Dy meije hja halde. fensels en de oaren stjüre hja moeike yn bjar briefke werom. In oare wike krije hja wer in nij slüfke. Ofpraet? Briefwiksel. Hindrik je v. d. Burg. Langsweagen g: Moeike scil mei it postsegel forstjüren om jimme lir.ke. hear! Mar as jim al san protte ha. scil it er om spanne, det moeike noch nijen for jim hat. Mar wy scille sjenl Myn tank for de riedlingen. Hast se al sjoen? Arme Bouma, i d.. g: Dou scilst nou it boekje wol ha. tink. It is krektlyk san ien as Hindrikje woun hat en der steane moaije ferskes en riedlingen vn. Hast it al üt? Dyn jierdei kin 'k wol ünthalde. it is krekt in wike letter as myn eigen. Mary Brouwer, i d., g: Ja. Bern, wy koene it üs en de snie net festhaide. It wier hjir ek foartyienen allegearre slydtses op 'e dyk. Mar moeike hat er noch net ynsetten. Dou al? Jet v. d. Meer, Kimsert, g: Moeike is altiten bliid, detstou ris in dei net san protte wirk op haste fen skoalle en as san der den ek noch krekt oan it bigjin fen in nije wike fait, bin ik alhielendal gelokkich, hwent den haw ik kans op in brief. Mar ik sjuch it al. heitendy hawwe it geriif dêr ek al fenl Wibe Brouwer, Boarn. g: Moeike woe ek wol graech san jong hountsje hawwe. lyk astou haste, it binne sokke ljeave bistkes, mar moeike hat it net oan tiid, om him altiten eftemei torinnen om to sjin eft er ek wer hwet yn syn koerke forstoppe hat. Wyp Hendriksma, Snits: Hwet in ein briefl Sokken mear, hearl Ik leau. dou hast it net drokker krige yn dyn nij plak, wol? Det scoe men can it brief tominsten net sizze. Ho giet it nou mei lytse Anneke? Maei Oppen huizen, id.: Wierstou mei dyn siske by de banketbakker? Den wol ik daliks leauwe. det hja net wer mei nei hüs woe. Bij in oar is it altiten moaijer en lekkerder as thüs, moatst rekkenje! Janny de Vos. i d.: Ik woe ek wol ris san portretsje sjen. hwer 't jim alletrije mei lytse Sjoukje op steane Scoe det net kinne? Ef binne der wer to min fen? Ik leau. ik haw noch al ien to goede, net? Corry Tiersma. Wyldehoanne. Ik scil ris oan 'e moeikesizzere freegje, eft hja ek bistkes üt 'e Niemeyers kofje ruil je wolle. Garrestou dy op? Elske de Groot. Gietsjerk Ik leau, de measte bern hiene op üs rekkene mar dêr is ont nou ta noch neat fen kommen. It is lykwols noch maj Jannewaris, det it kin noch genóch. hear! Klazine Postma. i d., g: Né. hear sokke dübeltsjes hat moeike fen 't jier noch net foun, en sokken bin 't ek net sa hiele slaei nei. Det lytse famke ha ik net sjongen heard; hwet harket it oars moai net as dy bern sjonge. Jetske Zandstra, Boarnsweach. gt Moeike is bliid. det heit wer thüs is! En jimme ek, tink, net? De tiid fen slydjeijen is wer oer, Jetsktfl Nou mar wer op nije snie wachtsje. Dam Jaarsma. Aldegea. g: Moeike scil dy in slüfke mei segels stjüre. Ik wit fensels net. hokker astou al haste. Mar dysf net brüke kinste stjürst mar werom. hear! Myn tank for dines! Aefke Kalsbeek. Wergea. g: Beppe nou „ütforkoft" fen bern? Den kinst er nou gjin nije omkes om moeikes mear by krije, mar beppe hat nou dochs noch like folie bern as earst net? Tsjip Wyngaarden. De Aldsyl. g.: Dejj scil Lize nou dyn brief wol krige ha. tinkl Oars scoe it tominsten al hiel mal wêze! Is de ütfenhüzer al wer foart? Mar den koe heit likegoed de loverlantearne noch wol fortoane. net? Jetske D o n i a i d.. g: Omknoffele mei de fyts? Mar noch al goed biteard, fensels, oars hie 'k der wol fen heard! Kaem det ek fen 'e glfddens? Hindr ik j e U. Alber tsm a. Warns. g: Hat it dyn jierdei west? Den winskje ik dy wol folio lok! Hie ik it mar earder witten, den hiest in kaert krige! Honear wier it? Sjoerdtsje Drost, Baerd, g: Jim dogge it dêr mar yn Baerd mei al dy jierdagen. Binne Moeike' printkaerten al oerkommen? Ik hie it goed ünthalden, net? It spiltsje fen: fen Beijeren ken moeike net. Ho giet det? Rykje Kingma, Bears, g: Dêr is fêst wer in protte fen sliepen kommen. Freedtonacht nei dfi! generale nppetysje. Moatte sokke lytse flarden der •k al hinne? Mar ho hawwe se 6pile? Fok j e Rlep ma, i d., g: Moeike kin ek wol -eedride, hear! Mar it wol net mear sa goed, as do t wy bern wierne, moatst tinke. Det scil mei -nemmenely ek wol sa wêze, tink! Jan de Vries, Feanwaldeterwal, g: De kiel al wer better? Dêr binne mear moeikesizzers, dy 't thüs blnaun binne fen om 'e kiel, det dou bist it allione net. Jan! Wolst ek meidwaen oan üs postsoTe.'a.i.i- '? Den stjür ik dy wol in slüfke! En dyst' net bi e kinst, stjürst mar werom, hear! Tsj i k Wa 9? «* n a ar, St. Ja p ïk. g: Nou stiet dyn namme alle v iken yn 'e krante, Tsjik! En ik hoopje, dot er d -och hiel faek yn stean scil! Wer sa drok fen sko 1 Maertsje v. r' Werf, i d., g: Dou meist Idske myn groetesnie v ' dwaen en hja mei ek wol famylje fen my wirde, r tst' mar sizze. En siz dyn nije ütfenhüzer T-ajik <"■.rieneveld den ek mar „dach" fen moeike. Dy Ver "'-: noch wol! Eelke Dy' -tra, Twizele rhei d e, g: Snieballen wo"" --ol graech np nuvere plakken to lanne komme. ' r hast gelyk oan. Mar mei opsetsin op minsken smite. is moeike op tsjin! En dou? Richtsje ?wa rt, Ikkerwald, g: De printsjes binne e>u al to plak, net? As ik de oare nümers noch kr stjür ik se wol, hear! Hawwe jim al songen op 'e ''derjoun? Ik e G roen'iof, i d.. g: Moeike lést de Nije Ljouwerter net, det it portret, dêrstou it oer haste, haw ik net sjoen Mar ik haw dümny sels wol ris sjoen. Det is ly'wote al me_wr as teien jier lyn. Nou. om moeike komt er in praethoekje for aJdere minsken! Ik fyn it best. hear! Jikke Wielinga, Baerd. g: In noflike jierdei hawn, ho sit it? Ef ha de minsken dy forgesttesn? Moeike net, hear! Myn kaert is foart gongen. Ant sj e Posthumus, Huns. g: Mar ien briefke yn 't slüfke? Det bin 'k net wend fen 'e beide Antsjes, hear! Takommende wike forwachtsje ik wer twa! Jim kinne nou wol wer fytse nei skoalle ta. net? Wiepkje Rodenhuis, id., g: Nou, dou hast noch oan moeike skreaun, al wier it in koart briefke, mar dy lytse Antsje hat my vn 'e steek litten fen 'e wike! Det kaem al fen it boartsjen. tink! Durkje Hannema, id.: Den scil Wypkje nou hast wol oan 'e beurt wêze, tink, hwent de pnzen fleane jinime kanten mar üt. Nou giet er torrtinsten al wer nei Winsum. Det leit ek net sa fier fen jimmes öf, wol? Teatske Fopma, i d.. g: Dou hast in moai boek woun mei de rillingen, al is it net yn it Frysk Hast it al üt, tink! Hwennear? Nou earjister no.-h krekt fjouwer wike. Goed ünthaide, hesar! Doet Heeg. id.: Den skielk mar in langer brief! Mei in ütfenhüzer wol it net sa best. hen? Janna B. de Jong, Ljouwert, g: Moeike mei ek graech oan 'e stok ride, tominsten op it lange ein. Det gi-H folie hirder as kn'islings en men hat in protte steun oanelkoar. Komst' nou ek hast? It scoe samar . Lutske deJong, Jirnsum, g: Dyn briefke sjucht er mar kreas üt. hear en it leske hast sünder flaters makke. Moeike hjarres? Earjister noch fjouwer wike op 'e kop öf! Sibbeltsje Slump. De Lemmer: Dyn riedling wier goed, mar dou hoechst' allinne de Fryske mar to meitsjen. De H.üanske kinst gjin pryske mei winne. Stjürst my ek ris in briefke? Fol ker tsj e. Heslinga. Easterwierrum. g: Bern halde ornciriö in protte fen sniebaljen en ynsi;(>jen, mar by de greate minsken giet 'e» aerdi-*iheit dêr wol hwet óf, moatst tinke! It wirdt noch Beest mei 't riden. F.a'kertsje! Griets.ie Koopmans. Dik en. g: Wy seine it altiten in hytsje oars, det ferske: Trinen en Grieten. ! énne do^enieten! Hast det wol ris heard? Dou bist in Griet elet ik torlit fen wel! Corrv Koopman*, id. g: Moeike hat wol ris in [> 'r ***»» Vn Langwar west. mar det is al mear as tweintich jier lyn. det in protte wit ik dêr net mear fen. Mar hwa wit, eft ik er noch net ris hinne rei '.'ie. Eke Jiiisns, Warlen, g: Ik hie jim wol ris sjen wallen mei dy moaüe kleun oan. Hie Boukee memme' ean/.er op? Det wier ek mar heal fortmand net. mei «Jy '.logenieten! Arme Strikwerda, Winsum: Ho kin it sa treffe d.r hast al in pryske. Nou. it is in hiel giouwen en .lêr stiet om raek hwet yn to lézen, det dou hast it foeirS nienen net üt! AfkcWesbonk, i d.. e: Is dyn kiel nou al wer better? It i" hwet tsjintwirdieh mei al dv sike kielen Men lßoat ien for it brekken eler by ha. den hie men san protte lést net. Hwennear geane jimme üt Winsum wei? K Ia c s de Jong. De Pc i n. g: Ja, det wier it pryske al. dus nou is it spil yn oarder. Skielk mar gau de earste priis ris winne. dy is faek hwet fetter. Dou hast de redens dus al ünder hawnl Jim binne dêr bitiid, hear! Hiske de Jong, Miedum, g: En dou ek al reedriden? Moeike noch net. hear. en ik haw ek noch net ien mei redens rinnen sjoen. Heit wier gefaerlik. net? Arme Siderius, De Nije Syl: Ek al omfallen mei de fyts? Jim dogge it mar mal der op 'e Syl. Is it noch al oankommen ef foei it hwet ta? Dou foroarest nou dus al mei det lange hier. As ik dy nou skielk noch mar ken. Tine Molenaar, Hallurn, g: Ja. det merk hoechst allinne mar to tsjüren. De tydskriften wol ik tige graech hawwe. Dêr kinne wy ris in pryske fen meitsje. Docht de rêch ek noch sear? Tsjetsje Zysling, Tsjerkwert, g: Ik wier tige blii.l mei de postsegels. Garje jimme se sels net op? It wierne hiele moaije, hearl Dêr scille de bern bliid mei wêze. Adri van Kuiken, Ternaerd, g: Moeike hat wol in pear plaetsjes fen 'e Dobbelman sjippe. Ik scil se dy stjüre. mar ik wit net. eft' it goeijen binne. Mar den kinst se faeks wol ruilje. Janna Walstra. Swartslüs. g: Dyn efternamme en dyn foarnamme steane beide ek al yn it praethoekje, det sa hiele frjemd komste my net oan. Dyn hêst net mei it skriuwen? Det fait wol ris hwet ta. net? Aukede Vries, id.. g: Wy kenne elkoar wol. leau'k. Ho giet it mei jimme allegearre. Wolst mem en heit en Kees moeike groetenis dwaen? Hwer meist ljeaver wenje, dêr ef ynNijegea? Tytsje Rinsma. Werstiens, g: Moeike is bliid. detst hjar noch net forgetten haste. En ek. detst esa'n protte postpompier woun hastel Nou haw ik fensels in bulte brieven to goede! Jitske K teeeis tra. id„ g: Det wier in raer akkefytsje mei dy krante. Waerdst ek al in bytsje kjel, net? Daliks san greate loge, dêr sjüchl men al hwet mal tjsin nan! Hwa hat it spil üt dOve? Maer t s j e v. d. Le y, Minnertsgea. g: It wol noch net rjucht frieze. Maertsje. "As dy enieboel foart teit, wirdt it mar in smoarge rommel. Ik haw ijeaver m bytsje froastich waer, en dou? Kelk je Visser, Giets j e r k, g. Dochs noch in briefke. Styntsje hie my oars al bang makke, det er mar ien briefke komme scoe, mar det foei gelokkuh hwet ta. Ducht it wang ek noch sear? Styntsje Wynlerp, id., g. Dyn briefke krige dochs noch selskip yn 't slüfke, Styntsje' En det f.eun moeike mar hwet noflik. lk leau mei dy. det de bern froeger like ünduegens wierne as nou! Ik haw ek al hiel hwet fiten üt 'e alde tiid heard. Tseard RitskesVelstra. Aldtsjerk. g: De kij yn in duaske op 'e soueler? Det is in nuver plak for kij. Ik 3coe se leaver yn in büthüs sette. ef kinst noch net in büthüe meitsje? Hawwe jim al by de nije lampe sitten? Fetsje de Vries, Boazum. g: San Simplex kaert hat moeike noch nea sjoen. Giet det iyn. sa'n spiltsje? Hwa kin it it beste fen jim allegearre? Dieuwke de Vries, id.: Dochs noch in briefke. al hiest in protte hüswirkl Nou. den letter mar wer ris hwet langer briefke. nou? Hwet sei mem, det de klomp stikken wier? Sjouk S y t s t r a, i d.. g: Nou. moeike jowt mem gelyk, hearl It giet mei de jierren al hirdernöch. det dübeld hoecht men se net to tellen! Hans S y t s t r a, i d.. g: Dou Ijeaver yn Ljouwert en Sjouk Ijeaver yn Snits as yn Boazum? Den der mar faek hinne ütfenhüs. Mar hwet seit heit den? „Poeh!" earst nei skoalle?" Tine Zetzema, Easterl&n. g: En nou is it boek fensels alhielendal ütl Jimme kinne elkoars boek moai léze. Den hawwe jim in goede tiidkoar*. ting Tine Post. id., g: Moeike is bliid. det jimme de boekjessa moai fine. Dêr steane yn det lytse ek in protte aerdige dingen, nou? Binne jimme alhielendal wer better? Toni Feitsma, i d.. g: Moeike hat goed om dyn jierdei tocht, net? Ef hast de kaert net mear op 'e tiid krige? Hwennear wier it Jaep syn jierdei? Lyp Walstra. Hjelbeam. g: Dot" moatst it praethoekje ris goed trochsjen. Ik leau. dêr stiet famylje fen dy yn. Nou hoechst net mear oerginstich op Lysbeth to wezen, wol? Lysbeth Meyer, i d., g: Noch wol ris ien winne? Mar den ek ris in oarcn ien. tinkl Kinne jimme de foardracht al? Net laitsje, hear! Wiger Vriesema, Goéngeahuzen, gr Coiry Tiersma hat my ek om bisten ut 'e Niemey is kofje freïe. Jimme kinne miskien togearre wol riulje. Hast güds oer? Ik scil der om tinke. hearl Tite Hoekstra. Ikkerwald. g: Spitich. det it mei mem noch net rjucht wol. Winskje mem fee.iral belterskip, hearl En dou moatst hjar mar fiks helpe. Arme Feenstra, id.: Al masjinenaeijc. Dou bist in hiele baes. leau'k. Hat jiffer Sjoukje dy det leard? En ho giet it mei it sjongen? Jelle v. d. Veen. St. J4ns g e a, g It Fryske skriuwen scil wol gau hwet wenne, dot scilsl ris sj.-n. Dou bast al iii lyts boekje WOUB De-t ia in Krysken Per mar goed yn lCze, den leart it skriuwen ek hwet hirder! Alle gearre in hftn fen MOKifR WIKE Dy 't for 't earst meidogge skriuwe bopr namme en wenplak folüt, mei tldcrdora en klasse. lort seis tinten (of 5 sinten piealselik port); gjin segels ynslute. Brieven net letter öfstjüre as Woansdei. --- DE KACHEL EN DE KOLLENBAK door C.E. DE LILLE HOGERWAARD. 1. De kachel en de kolenbak, t Die kregen op een nacht tKens samen duchtig aan den stok. Het ging niet eens heel zacht! 2 De kachel zei: — Jij bent zoo lui •—En geeft me maar geen eten. *■— Als ik yan honger 't leven laat, *— Heb jij 't op je geweten! — 3. i— Ik lui?! — zei toen de kolenbak. e-— Dat laat ik mij niet zeggen! •— J ü staat maar stil, i k moet naar 't hok »— Een heel eind steeds afleggen! 4. *— Jij bent zoo gulzig, dat ik heusch e-— Niet langer je wil voeren, •— Al sta je naar mijn inhoud nog *— Zoo hongerig te loeren! — 9. De vrouw verstond zijn stomme beè. De kachel kreeg te eten En bleef 's nachts aan, maar van hun twist Heeft niemand ooit geweten! 5. De kachel zuchtte en toen wij Des ochtends binnenkwamen. Was hij heel zwart en vrees'lük koud.... Wat prijkte op de ramen? 6. IJsblocmen, want het vroor geducht. — De kachel moest wat hooren! En voor den kolenbak ging ook Geen enkel woord verloren. 7. Hij schaamde zich geducht en dacht: — Mijn schuld is al d' ellende! » 't Was beter, als ik vóór den nacht •— De kachel wat verwende! 8. ■>— En hem wat meer te eten gaf. *— Ik zal de vrouw eens vragen, •-» Of zij, vlak vóór zij slapen gaat, *— Mij naar hem toe wil dragent a~ --- Raadselhoekje. Oplossingen dar vorige raadsels. Voer grooteren. 1. Eindhoven. Hein, veen. vin, hond, neoeod «■ W WALCHEREN. BAS POLKA E6BC H E N WALCHEREN SCHEPEN KAREL PEN N 3. Een schoenspijker. 4. Nicotine. (Nico, Tine). Voor kleineren. 1. Wat laat, hé Oom! Maar iemand hield mij op. (Theo en Arie). Hij kwam in alle opzichten te kort (Mina en Leo). In dit winkeltje verkoopen ze vis**, ansichten en touw. (Hans). Wij namen andere boeken mee (Hena) 2. Schaaf, schoof, schesef. 3. Honger is de beste saus. Haastige epoed is zelden goed. Blaffende honden bijten niet. Hoogmoed komt voor den val. •t. Een boom. Om op te lossen. Voor grooteren. 1. Verborgen plaatsen in het buitenland Kom vlug, An! Otto wacht al lang op je. Komt Tante Co morgen of overmorgen logeeren ? Ben je kwaad, Ria. of vergis ik mij? Spaart Lena bonnen van Verkade op? Hij zal To natuurlijk waarschuwen, vóór het te laat is. 2. Welke boer maakt veel lawaai, 't Meest van alle boeren? 't Is een, die de handen flink Bij zijn werk moet roeren. 3. Mijn geheel wordt met 9 letters geschreven en noemt een arbeider. Een 1, 8, 8, 6. 1 is een ware traktatie. Een 1, 6, 8. 3 is een vervoermiddel. 4, 8, 8, 6, 1 is de naam van een maand. Een 3, 2, 5, 6 is een insect. Een 9, 8, 8, 7 hebben we allemaal. 4. Vul deze 16 vakjes in met'A 40 2G 3N IR IT IZ, maar doe het zóó, dat je van links naar rechts en van boven naar beneden leest: le rij timmermansgereedschap. 2e rij een rivier in Italië. 3e rij een ander woord voor jaar. 4e rij iets wat langs het dak loopt. Voor kleineren. 1. Een visch verloor zijn 6taart; Toen werd het een rond ding, Waar water, wijn, bier, visch, Een ma6sa, hoor! in ging! 2. Op de zigzag-kruisjeslijn komt, van boven naar beneden gelezen, de naam van iets, dat door jong en oud gedragen wordt. X • . . Iste rij een viervoetig dier. . X . . 2de rij het tegenovergestelde van vroeg. ■ • X . 3de rij een lichaamsdeel. • . . X 4de rij een metaal. . . X * sde rij een natuurverschijnsel. . X • • 6de rij een ander woord voor nadeel. X . . . 7de rij een huisdier. . X . . Bste ry een kleur. » • X . 9de rij een jongensnsam. ... X 10de rij een getal, 8. Noem mij eens vlug een ezeltje, Dat maar drie pooten heeft En toch zoo stevig daarop staat, Dat het er niets om geeft! 47. Mijn eerste is een voorzetsel, mijn twesede een kasteel en mijn geheel ligt in Z.-Holland. ---