Praethoekje foar de Fryske bern Beste muoikesizzers, Jimme sille wol net sa botte rêstich wêze dizze dagen, wol? Oeral feest en drokte. De stêd fol ljocht en fleur en op'e skoallen alderhande feesten. Wy ha it hjoed, op freed dus. Ik moat al even sjen, hoe:t it om en ta giet. Oare jierren hie'k it der drok mei, mar hwat wie it altyd in moaije drokte'. Sneon soene wy troch Akkrum ride, mar dat siet üs net mei, hwant hiel oan't bigjin fan't doarp kaem de ülde Sinteklaes mei syn Piters fan 'e boat en dat gie yn optocht de buorren yn, " it muzyk foarop. In prachtich gesicht, lokkicli knap icuer. Mar heden noch la, hwat duorre it in skoft eaft wy fierder koene, hwant Akkrum is ek nocli san lang doarp! Mar ja, sokke dingen geane foar hastige minsken, wier of net? En trouwens, wy binne ek gjin hastige minsken, wy dogge üs alles oan tiid. Hwat is de wrèld wer keal, nei al dy hurde wyn! It hat der lang oan sitten. It is allegear al wer fügels ünderweis. Se binne wakkere wüs mei ris roazebottels, wy ha in hiele brede hage en dy is grótfol. Je kinne der lekkere sjem fan meitsje, sizze de minsken, mar ik fyn dat men de fügels ek hwat gunne moat, wier of net? Ik winskje jimme allegear in moai sinteklazefeest ta en in protte kadootsjes nei't sm! Ik hear der nije wike wol mear fan! Riedsel: Hokker stien hat eagen? Oplossing forige wike: Reinier bliuwt Reinier. De boekebon is foar Alle Hoekema. De briefkes. Nynke de Groot, Idaerd. Noi, da* is in aerdich boek. De man dy't it skreaun hat, wennet yn Amearika. Mar hy hat yn dat lytse doarpke wenne, ear't er mei syn heit en mem nei Amearika gie. Hij hat noch mear berneboeken skreaun en alris in greate priis woun, de „Hans Andersen" priis. Ja, dat is in moai riedsel, mar it hat earder alris yn de krante stien. Tineke Tacoma, YYanswert: Ja, dy snie wie al gauwer fuort, dat hie net folie om 'e hakken. San grabbeltonne is altyd in hiel feest. De bern hjir fine it ek tige moai. It sil wol moai west ha, dat feest yn Dokkum. En der wiene in soad bern fansels. Gerrit Tacoma, id: Katten Litte harren samar net fange, dy binne fierstento fluch. Op't hea kinst oars wol moai boartsje, net? Ja, it trof al min, datst doe kiekt slik wiest. Mar lokkich hat it net lang duorre! Akke v. d. Meer, Sicsbierrum: Hwat hiene jimme in hüs fol mei dyn jierdei! Mem sil it wol drok hawn ha, tink. Dou hast moaije kadootsjes krige en hwat in protte. Nou sil Sinteklaes dy ek noch wol hwat bringe, soe't net? Dus it feest yn de Harmony wie wer moai. Dat is altyd moai. Jetske Folkertsma, Aldeboarn: Ja, ik sil der om tinke, oft it forhael der ek yn komt. Mar it sil wol even duorje, hwant Carolien hat altyd in hiele protte forhalen en hja moat de side mei üs diele, elk de helt. Dy rommelmerke hak in printsje fan sjoen yn de krante it hat noch moai hwat opbrocht! Dat sil wol in moai feest west ha op master syn jierdei. Nuvere nammen ha jimme bitocht! Paulus Folkertsma, Aldeboarn: In moai printsje. Nou, dat wie goed let. Wiene jimme de oare deis net slüch? As ik sa let op bêd kom, sliep ik altyd lang, oars bin ik sa slüch. Komt Sinteklaes ek by jimme yn skoalle? Robyn Oosterhout, Grlns: Dat sil in feest wurde takomme simmer! It sil wol drok op in silen gean. Ik ken dat soarte boat noch net, miskien sjoch ik jimme skieik wolris op'e Ie of dêrearne. As er mar net sa wyld is as Moby Dick sels, dat wie in ruezewalüsk, dy't skippen oan moster sloechl Dat wie in moai sinteklazefeest! Eva Spoelstra, Tsjnmmearum: Dat wie g_ns in kerwel, safolle brieven. En hwat in jild oan postsegels! Bist al tige binijd hwat Sintelclaes dy bringe sil? Jetske Adema, Koamjum: Der is ek in boek oer dy trije stiennen aepkes. Mar ik tink dat it net mear to keap is, it sil wol ütforkocht wèze. Dat wie in raer spul mei dy skellel Krekt soks as immen dy't yn in trein oan de needrem hitsen hat. Grytsje Janke Zantema, Kimswert: Ja, as de dagen sa koarte en dan ek noch fan dat donkere waer, dan is't net sa geslikt om in ein fan hüs. Jimme hawwe it suver mar drok mei dy kwis hieltyd. Forfeelt it noch net? Haken is moai wurk, fynst ek net? Koos Zantema, id: Hwat moai, dat der foar sokke bern san fijn plakje is. Dy sille harren dêr wol tige formeitsje kinne. Giet it noch goed mei beppe? Dou moatst har mar betterskip winskje fan muoike Jant. Jan Arjen Wassenaar, Hallurn: Nou, jimme ha wol wer hwat bilibbe. Jimme bllibje leau't altyd in protte, net? Mar ütskelle wie net sa aerdich. Hwer is dy bosk? Ik tocht dat der by jimme gjin bosken wiene. Maeike Wassenaar, id: Nou. dat like mar best mei de sifers. As 't sa trochgiet. komst der wol! Ja. dat boek ha 'k lézen, mar it is al lang lyn. Ik foun it doe tige moai. Jimme hawwe 't mar drok op't heden mei al dat learen! Hoe foldocht it Jantsje? Nynke Dora Wassenaar, id: Ja, dat is in fikse sprong foarüt. Ast sa trochgiest, komst meikoarten op in 9! Mar dan sil't wol net mear sa hurd gean. Ja, dat koe moai, datst nou foar dat famke in ekstra moai pakje klearmakkest. Hja sil wol bliid wêze hat der sa goed om har tocht wurdt. Geb Bienna, id: Jimme fine hwat üt mei elkoar! Mar dat is wol moai. As der mar gjin üngelokken fan komme! Bist wol faek by Jan-Arjen? Nynke Scholten, Mantgum: Dat is aerdich, nou hast der in nichtsje by. Hast har al sjoen? Jimme sille ek wol feest op skoalle krije. tink. Hy komt hjir tominsten alle jierren. Foar de earste en twadde klasse en de beukers. Mar it hiele doarp sit der hast by. Coby Adema, Tsjummearum: Ja, it is nou al hiel nei oan. Snein is't de dei, dat treft moai, net? Freed komt er hjir yn skoalle, ik sil der al even hinne to sjen. Ja, san trochjow-pakje ha je altyd in soad sukses mei. Hoe is dat alternijste kapsel? Net mei lang hier. dat hak wol bigrepen. oars hie dinen der net ófkomd. It wie wer moai vn de Harmony. net? Wytske Keuning, Rottefalle: Ja. dat sil wol in moai feest west hawwe. Heksen fine de bern altyd prachtich, foaral as de heks it dan forlieze moat. En dat heart sa, fynst ek net? Hwat soe de Sint dy bringe? Eelkje Rinsma, Aldeboarn: Hoe harder as dat blikje rattele, hoe malder as it hountsje waerd fansels. Dan binne it sokke komike bisten. Dat wie in moai feest. Wiene alle bern sjinezen, of wiene der ek oaren by. Ne. dat riedsel hiest net goed, mar it is ek nochal slim. hear. Jetske en dy sille it wol witte. Dy kettingbrieven ha wy ek noait oan -Uieidien. En postsegels binne tsjintwuraich ek net ome nocht! Halvdan Hoekema, Südhorn: Dus jimme hiene jierdeifeest. Hat der in protte bisite west? Dat roun mar raer of mei dy reis om in presintsje! Mar it hie slimmer biteare kind. Hwat domme lju binne der soms op'e dyk, net? Gjetske Hoekema, id: Ja, dat wie in raer gefal. Dy minsken sille goed kjel wurden wêze fan dy klap. Der binne altyd wer fan dy domme lju ünderweis. dy't in oar in üngelok oanbringe. It is mar goed, dat it net slimmer ófroun is. Alle Hoekema, id: Wie heit ek tige bliid mei it kado, dat er fan dy krige hat? Nou sille jimme wol wakker ütsjen nei de pakjes dy't Sinteklaes jimme bringe sil! Hwant hy sil wol net weibliuwe, tocht ik! Grytsje Hylkema, Hallurn: Dou doarst wol hwat oan. In boek skriuwen, dat is in kerwei, dat siz ik dy! It bin ek mei ien dwaende. Earst bitinke, dan ris wer stikken skuorre en oars meitsje. En dan alles wer oerskriuwe of type. Nou, doch dyn best mar, ik fyn't moai datst it bisikest. Ja, dy dümny ken ik hiel skoan. Tsjerk Hylkema, id: Op dy dei komt er ek by üs op skoalle. Mar net op deselde tiid wol 'k leauwe, hwant dat kin net. Dat troffen jimme ek. dat er iimme krekt foarby ried! Antsje de Groot, Sitebuorren: Ja, jimme sille *t wol tige drok hawn hawwe mei dy feestjoun. It muoide my sa, dat ik der net hinne koe. Mar ik mocht der net üt fanwege pine yn'e kiel. Ik hie trouwens oare minsken ek noch wol oanstekke kind. Mar oan master to hearren. ha de bern it o sa moai dien. Wike Sikma, Birdaerd: Ik ha dy de boekebon al stjürd, dat hy sil der nou wol wêze. Binne it moaije dierkes. de marmotsjes? Swarte Piter doar wol hwat oan. Hy krijt grif net al to folie iten fan syn baes! Of miskien hat er it ek wol to drok hawn. --- De frjemde reis nei Kleurestêd Haedstik 16 Yn de Berch Forjit Foddeboskje waerd wekker fan it slaen fan in klok. It wiene hege, heldere slaggen. „Ping-ping-ping!" acht kear. „Tiid Rütskeprütske, it is al twa üre!" röp hja, wylst se har eachjes ütwreau. Acht üre of twa üre, dat makke foar Foddeboskje neat üt. As de klok tsien slein hie, dan hie hja ek roppen dat it twa üre wie. Ynienen haldde hja op mei wriuwen. Hoe koe dit? Hoe koe hja mei beide hannen tagelyk yn'e eagen wriuwe? Och ja ommers, hja wiene losrekke en elk in kant ütgien! Dat wie noch noait earder bard. Hja hie sliept yn in greate kruk, yn in bosk, yn in blau poppebêd, mar altyd wie Rütskeprütske der by. Hja gie oerein, hwant hja tocht: „Ik moat mar gau sjen dat ik troch dizze berch hinne kom. Dan binne wy wer togearre." Hoeden stapte se by it stiennen trepke del. Dat wie net maklik, hwant hja hie altyd en oeral op Rütskeprütske steune kind. Hja seach om har hinne. Oan de iene kant lei de skimerige gong, dêr wie hja juster weikomd. Foar har lei in wide romte, dêr wie lt nou folie ljochter as justerjoun. Hwer kaem dat ljocht dochs allegear wei? Skynde de sinne hjir? Né, gjin sinne, mar wol in hiele protte lampen. Dy skynden oer de wanden, oer de flier, oer de souder. Oeral wie ljocht en dat skynde werom yn prachtige heldere kleuren. „De reinböge," tocht Foddeboskje. „Mar dizze reinböge jowt ljocht. O, hwat is it hjir prachtich!" Hja bigoun torinnen en seach wylst alle kanten üt. Mar hja seach net nei ünderen, hwer't har fuotten delkamen. Dat wie hja ek net wend, Rütskeprütske seach altyd wol foar har. Yn'e midden fan de greate ljochte romte streamde in sleat dwers troch de berch hinne. De sleat wie düdlik to sjen, mar Foddebosk seach omheech... en sadwaende roun hja yn'e sleat. Plof! dér lei se der midden yn. „Help!" raesde se. „Help, Rütske..." Fierder kamen hja net, hwant der wie in han dy't har op'e kant loek. Nou stie hja oan'e oare kant fan't wetter. En hja wist hielendal net mear hwat hja niis roppen hie. Foar har stie in hiel nuver mantsje, Hy like wol op in kabouter, mar hy hie gjin klean oan en ek gjin burd. Op syn brede rêch tóge er in greate bol mei allegear streepkes en kleuren der op. De bol wie grif tige swier, hwant it mantsje stie hielendal krom. Foddeboskje seach him oan en sei: „Goeije, wol bitanke, hear. Mar ik hie der leau'k sels ek wol ütkomme kind. Hwant dizze sleat is net djip." Doe seach hja nei har wiete rok en sei bliid: „O, hwat moai!" En gjin wonder, hwant hiele Foddeboskje, har klean, har fuotsjes en har hier, blonk en skittere yn de kleuren fan de reinböge. En dat net allinne, hja skynde ek noch ljocht üt! „Hwat prachtich! Hastou dat dien, kabouter? „Né, dat komt lan it wetter, derst ynfallen bist," sei de kabouter. Hy hie Ln moaije djippe stim. „Hoe komstou hjir, famke?" Foddeboskje tocht en tocht, mar hja wist it net. Hja wist neat mear. Hwer wie hja eins? „Ik wit 't net," stammere se. „Samar fansels leau'k." „Neat komt samar fansels. Hwa bist eins?" „Hwa't ik bin?" Hja loek tearen yn'e foarholle fan it prakkesearen, mar hja wist net mear hwa't hja wie. „Dan is 't wol goed," sei it mantsje tofreden. „Dou bist hielendal skjinspield. Alles hwat der west hat, is forgetten. Nou moatst wer in namme ha. Ik wit wol hoe't ik dy neame sil. Ik neam dy Help. Hwant dat is it earste wurd dat ik fan dy heard ha. En ik sit ek krekt om help forlegen. Dat treft dus krekt goed." Foddeboskje stie noch op itselde plak, hja wie hielendal yn'e war. „Hoe hjit it hjir? En hwa bistou? En hwat hast dêr op'e rêch?" „Dou bist midden yn de Berch Forjit. Ik bin Mantsje Tiid en it ding op myn rêch, dat is de ierdbol, dy draech ik altyd mei. Mar kom!" Foddeboskje bigriep der net folie fan hwat'er sei. Mar syn namme, Tiid, dy koe se wol ünthalde. Hoe koe er rinne mei dat grouwe ding op'e nekke! Hja seach wer nei har klean, dy strielen noch hieltyd kleurd ljocht üt. En hwer't hja har fuotsjes set hiene, kamen fuotleasten op'e séfte groun dy't ek ljocht joegen! Hwat wie dat aerdich! Mantsje Tiid bleau stean foar in great, heech ding. It wie in klok, mar dat wist Foddeboskje net. Hy naem in oanloop en sprong der boppe op. „Hwa binne jo?" frege Foddeboskje oan it greate ding. „Tik-tak!" sei it ding. It klonk hiel earnstich en wis. „Hjir wenje ik," sei it Mantsje Tiid. Hy seach op de poppe del. „Nou bistou myn help," set er doe. „Dou moatst dus foar my arbeidzje. Bigrepen?" „Né," sei Help. Hja wist net hwat arbeidzjen wie. „Dan sil ik it dy wol leare. Ik ha hjir tüzen lampen. Bigrepen?" „Né." Hja seach de lampen wol, dy't er oanwiisde. Mar oft der tüzen wiene of tsien, dat wist hja net. „Dy lampen moatte himmele wurde, oars jowe se gjin moai ljocht. En der moat ek nije oalje yn. Bigrepen?" „Né. Hwat is dat, oalje?" Hy wipte wer fan syn klok óf en gie nei in hoeke, dêr 't in greate stiennen bak stie. „Dit hjir is oalje. It komt üt de berch en it rekket noait op." „Ek al kleuren," sei Help, doet hja der yn sjoen hie. „Hjir hingje doeken, dy moatst brüke om de lampen op to poetsen. Tüzen lampen moatst poetse en foljitte. Dan bist wer frij en meist fierder gean, de berch wer üt." „O," sei Help. Hja hie der noch net folie fan bigrepen. ~Tik-tak," sei de klok wer hiel earnstich. En doe gie Help oan it wurk. It Mantsje Tiid hie it har foardien en it wie ek gjin slim karwei. Hja pakte in lampe en bigoun to wriuwen. „Sa goed, Mantsje Tiid?" „Né, net glêd genóch. Better tawriuwe." Hja bigoun opnij en nou die hja it goed. De iene lampe nei de oare kaem har troch de hannen. It wie tige stil om har hinne. Allinne de klok liet him hearre. Hy tikke en sloech de heale en de hiele uren. Tüzen lampen moast hja poetse en foljitte! --- „Sinterklaas en Zwarte Piet over de daken van de huizen", getekend door Ulco de Jong (6 jaar), uit Heerenveen. Hij krijgt een doosje wasco. Ik ben nog wel benieuwd of Piet er ook in is gevallen. --- Wanneer weer vrede! Eens toen de lucht nog fris was en de zee nog schoon eens toen eva Adams vrouw was, was men nooit tn de rouw Toen was er nog geen oorlog, toen was er nog geen verdriet, toen kon men alleen maar lachen om de voorvallen die zijn geschied. Geen soldaat vond daar de dood toen, leed noch kommer was bekend, en er was niemand die een anders eigendommen schendt. Maar nu moord men voor zijn godsdienst en voor een stukje land, en leed wordl daar geleden in ieders land. Soldaten zullen sterven een genadeloze dood, en mensen zullen vechten voor hun dagelijks brood. Ook kinderen zullen sterven omdat een granaat hen trof, en hun kleding zal niets anders wezen dan een stuk gerafelde stof. Wanneer wordt de mens verstandig, wanneer ziet men het in. dat men met bommen en granaten niet aan een vrede begint. Nog velen zullen sterven voordat het vrede is, en laten we dan maar hopen d«t die vrede voor eeuwig is. door Annie Dalstra, Heerenveen, 15 jaar (boekje) --- Het kon wel regenen bij deze aankomst van Sint en Piel; of sneeuwen. In ieder geval maakt het de tekening wel leuk. Die is gemaakt door Gerry Post (9 jaar), uit Bergum. Zij krijgt een schrift met plastic kaft. --- De beer door Lukas de Vries, Heerenveen, 9 jaar (stifthouder). In het grote bos liep een grote Bruine Beer. Hij was verdwaald. Dat kwam zo: ongeveer twee weken geleden kwam er een groot circus door het bos. De kooi, waarin de beer zat, was niet op slot dat hadden de oppassers vergeten. Eerst vond de beer het wel leuk dat hij ontsnapt was. Maar hij kreeg nu geen lekker eten. Daarom rammelde hij van de honger. Van bosbessen en wilde planten hield hij het deze weken nog uit. Maar de beer dacht aan het circus. Hoe moest dat nu? Nooit meer lekker eten. Nooit meer lekker zacht stro. Intussen hadden de oppassers gemerkt dat de beer ontsnapt was. De baas zei: „Hij moet ontsnapt zijn in het bos „Ja dat zou kunnen zei een van de oppassers. „We moeten terug, want morgen begint de voorstelling. Wat moeten we zonder hem beginnen. Dan zijn alle kunstjes voor niets geweest zei de baas. Zo gezegd zo gedaan. Ze gingen terug en zochten en zochten. Eindelijk vonden ze hem. Wat was de beer blij. Die avond sliep de beer al héél vroeg in zijn kooi. De volgende morgen trad hij op in het circus. De mensen klapten na afloop héél hard. En de beer dacht: nee ik zal nooit meer ontsnappen. --- de kleine koerier Beste kinderen 5 december Eerst even de korrespondentie beantwoorden. Frieda Sinai wil graag lid worden van de Kleine Koerier. Nou, dat kan Frieda, maar dan moet je eerst een verhaal, vers of tekening maken, die geplaatst kan worden. En je moet er niet te lang mee wachten, want als je zestien bent, kun je niet meer mee doen. De leeftijd waarop je mee kunt doen loopt van vijf tot en met vijftien jaar Dus stuur maar gauw iets heel goeds in. Misschien kun je iets over Nieuw Guinea schrijven? Tjitze Westra, het spijt me erg dut we de titel van je verhaal verkeerd hebben overgenomen. Kinderen, het verhaal van Tjitze heet niet: „De kabouter en de Pimpelmees", maar „De Koolmees en de Pimpelmees" en dat is heel wat anders. En allemaal de hartelijke groten van Joost en Joris. door Marjan Wijnja, Joure, 12 jaar (balpen) ~Eindelijk" denkt Klazien. Klazien is 13 jaar en vindt Sinterklaasavonden altijd gezellig. Ja hoor, eindelijk was de 5e december aangebroken. Voor de tijd van de 5e december heerste er een geheimzinnige sfeer in huis. Ongeveer 29 november komt Klazien bij Rob de kamer in stuiven. Rob is haar tweelingbroer en ze wilden vader en moeder samen één groot kado geven. Rob die gauw iets met zn voet onder het bed schoof mopperde iets van „Drommels nog aan toe, kun je eerst niet kloppen?" Klazien hoorde het niet en riep opgewonden „Ik weet iets dat we vader en moeder kunnen geven". Klop, klop, ging het Daar kwam moeder binnen. „Wie van de kindertjes wil limonade hebben?" zei Rob vanzelf want het was altijd hetzelfde liedje. Maar dit keer had hij het mis. Daar begon moeder te spreken: „Als jullie misschien niets weten wat vader en ik graag zouden willen is hier een verlanglijstje". Rob en Klazien zagen allerlei prachtige geschenken. Enfin: dat is alweer een poosje geleden. Nu is het dan eindelijk 5 december. Klazien had de pakjes mooi in het papier gepakt Rob ook. Alle pakjes zette ze op een stuk karton en ging naar beneden. Toen ze beneden kwam. kwam Rob er ook aan met zn pakjes. Klazien dook nog net achter een grote stoel die in de hal stond. Ze bleef nog even zitten en daar kwam Rob al weer aansluipen. Ging de trap op en verdween in zijn kamer. Toen sloop Klazien naar het hok waar een grote teil in stond. Ze legde de pakjes in de teil en rommelde het wat door elkaar en ging de huiskamer binnen. Daar zaten ze allen om de tafel behalve Rob. Na een minuut kwam hij ook. Vader bracht de teil binnen en dat was het begin van de gezellige sint nicolaasavond. Ze ontvingen allemaal prachtige geschenken en gingen voldaan naar bed. Die avond toen Klazien in bed lag en nog eens aan deze gezellige avond en de dagen daarvoor dacht, treurde ze er om dat deze gezellige dagen zo vlug voorbij waren gegaan. --- Snoep met de feestdagen niet te veel door Anja Hannema, Drachten, 10 jaar (schrift met plastic kaft) Jullie weten dat Sint-Nicolaas altijd veel snoepgoed voor je heeft. Met Kerstmis krijg je ook wel het één en ander. Het is natuurlijk erg lekker maar het is ontzettend slecht voor je tanden. Vraag Sint-Nicolaas appels en fruit. Veel gezonder en Sint-Nicolaas zal dat denk ik best vinden. Het is echt niet zo dat je geen enkel snoepje mag eten. Maar nooit te veel en als je snoep neemt, poets dan direkt je tanden. --- O, wat zijn we heden blij! De briefkes Wie onder de vlag wil en TUSSEN S EN 15 JAAR OUD IS, moet het volgende op een briefkaart schrijven: 1. Naam. 2. Adres en woonplaats. 3. Hoe oud Je wordt. 4. Verjaarsdatum. Stuur dat minstens DRIE weken van tevoren — beslist NIET later — naar Carolien, p.a. Kleine Koerier, Postbui 503, Heerenveen, dan kom Je de week vóór je verjaardag in de krant. leder kind dat onder de vlag staat krijgt door ons een zelfgemaakte felicitatiekaart toegestuurd. Bespaar jezelf teleurstelling en STUUR OP TIJD IN! Hier komen onze nieuwe Jarigen. Zaterdag, 4 december: Trienke Boschker, Oldeberkoop, 6 j. (H.G. Pake en Beppe uit Jubbega), Lenie Boskma, Suameer, 8 J„ Aaltje Roelofje v.d. Honing, Scharsterbrug, 9 j. (H.G. Mem, Heit, Je broertje Juijen, Harold Martin en Pake en Beppe uit St. Johannesga), Wiebe Louw, Drachten, 7 J. (H.G. Beppe uit Lippenhuizen), Sibbele en Djurre Postma, Spannum, resp. 8 en 6 j. (H.G. Vader, Moeder, Okke en Thijs), Tine de Vries, Mirns, 11 j. (H.G. Heit, Mem, Gerrit, Froukje en Jan de Vries). Op 5 december: Trijntje Hofmeijer, Greonterp, 13 j. (H.G. Helt, Mem, Hendrtna, Griet en Boukje), Bram Koopmans, Winsum, 9 j. (H.G. Heit, Mem en Jeltje), Henk Modderman, Wolvega, 6 j. (H.G. Beppe Modderman), Sietske de Vries, Gorredijk, 10 J. (H.G. Heit, Mem, Jlnke en Ulkjen, Pake en Beppe uit Gorredijk). Op 6 december: Marcel Hania, Amsterdam, 7 j. (H.G. Papa. Mama en Monica en Oma en tante Trudy), Rommle Kloosterman, Kootstertille. 7 j. (H.G. Pake en Beppe uit Drogeham). Op 7 december: Bettine Kuipers, Akkrum, 8 j. (H.G. Tante Djo), Renie de Leeuw, Wirdum, 8 j. (H.G. Elly, Tjibbo, Pake en Beppe uit Tijnje en Oldeboorn). Op 8 december: Siebe Gerben Bosch, Drachten, 9 J. (H.G. Helt, Mem, Oom Bauke, Otto, Annie, Rienk, Freerk en kleine Remco Paul), Johannes Dijkstra, Delfstrahuizen, 9 j. (H.G. Oom Rinse, tante Appie, neefje René en nichtje Ingrid), Wiepie Veenstra, Harkema Opeinde. 5 j. (H.G. Pakes. Beppes, omkes, tantes uit Zwaagwesteinde), Ronald Veld, Leeuwarden, 7 j. (H.G. Opa en Oma v.d. Bij uit Leeuwarden, oom Piet, tante Tini. Jan, Ingrid en Johan, Machiela uit Twello). Op 9 december: Alize Janet Monique Hinrichs, Harlingen, 9 J. (H.G. Heit, Mem, Johann, Margretha en poesje Humbie Durapie). Op 10 december: Geen. Lang zullen ze allemaal leven ln de glorie, hiep hiep hoeraül Wie op een mooie kaart inzond: Hartelijk dankl --- Kijk de kinderen eens hun best doen voor Sinterklaas en Zwarte Piet en kijk die twee eens blij zijn. Deze tekening maakte Kleine Koerierjournaliste Lida Dijkstra (10 jaar), uit Scharsterbrug. Zij krijgt een boekje. ---