De komma en syn maten (1) OER TAAL EN SA De komma en de punt binne de meast brükte lêstekens. De punt hawwe de trochsneed skriuwenden gjin moeite mei. Dy wurdt pleatst as de sm öfrün is, en dat is frij maklik oan te fielen. Mear swierrichheden jout de komma. Der binne twa systemen fan komma-pleatsing. lt iene is dy op it gefoel óf: dêre wêr't de skriuwende düdlik yn lytse pauze fielt: „Ik sil de stêd yn, ik moat in nije jas hawwe". lt twadde, mear formeel-grammatikaal systeem is de regel: de komma wurdt pleatst as de sm üt mear sinnen bestiet, bygelyks in haadsin en in bysin: „Ik sil de stêd yn, omdat ik in nije jas ha moat". lt maklikst is in saneamde gearstalde sm wer te kennen oan it oantal persoansfoarmen dy't yn san sm foarkomme. Vn de earste fan de beide foarbyldsinnen dy't hjirboppe jün wurde, binne dat 'sil' en 'moat'; de ferbügde tiidwurdfoarmen komme yn it meartal te stean as it ünderwerp fan de sm ek meartallich wurdt: As wy yn de sinnen 'ik' ferfange troch 'wy', wurde de persoansfoarmen 'sil— le' en 'moatte'. De regel dat tusken haad- en bysinnen ünder elkoar in komma set wurdt, giet net altyd op. Gjin komma is bygelyks nedich, as de haadsin tige koart is: „Ik gean fuort omdat ik nei de bank moat". Bysinnen dy't mei it bynwurd 'dat' begjinne hawwe fakentiden ek gjin komma farmeden: „Ik bin bang dat wy net op tüd thüs binne". Ek yn inkelfaldige sinnen fan it type: „Jan, de beste learling fan de klasse, is der hjoed net". De neiere omskriuwing fan Jan, wol bystelling neamd, stiet apart tusken komma's en sil by it lüdop lézen ek op in leger toan of justjes sêfter ütsprutsen wurde. Vn dit léste gefal no kinne ek twa oare lêstekens brükt wurde: twa heakjes of twa gedachtestreken. Dus: „Jan (de beste learling fan de klasse) is der net." Of: „Jan - de beste learling fan de klasse - is der net", lt su düdlik wêze dat yn de beide lêstneamde sinnen in sterker skieding tusken de dielen fan de sm lein wurdt. In aardige sm om dat oan te adstruëarien !un ik yn de debütroman fan Doete Venema, 'In gat yn de tüd', op s. 163. In foarbyld om net nei te folgjen, mar dêr giet it no net om. '„Ik fiel oan it kin dat it no eksakt seis graden ünder nul is", HEART SE HIM - wylst er om har hinne fljocht mei in pear maten - O SA WIS EN BLIER (want sokke dagen is er yn syn elemint) ROPPEN'. De haadsin haw ik yn haadletters ófprinte. Tusken gedachtestreken is hjir in bysin pleatst: „wylst er om har hinne fljocht mei in pear maten" èn in formele haadsin tusken heakjes:' „want sokke dagen is er yn syn elemint". In sm om lang by stil te stean, mar dat lit ik graach oan de lezer oer. Dy sil dan moai wis Ta de konklüzje komme dat dat 'ROPPEN' och sa iensum oan 'e ein bongelt, losslein fan 'HEART SE HIM'. In tuskensin kin dus oanjün wurde mei komma's, mar ek mei heakjes en mei gedachtestreken. Vn guon gefallen is it oan te rieden fan heakjes of gedachtestreken gebrük te meitsjen: dy skeppe dan noch wat romte yn in ünoersichtlik gearstalde sin. Better is fansels noch om alhiel gjin al te gearstalde sinnen te brüken as dat net perfoarst nedich is. ★ *★ Hjirmei binne net alle geheimen fan de komma en syn maten bleatlein. Der sil dus, al hald ik net fan ferfolchferhalen, noch in ferfolchje komme moatte. ANNE WADMAN --- It teheistere libben fan in NSB-bern 'Fragminten üt in libben' dat is de twadde, ferklearjende titel dy't Benny Holtrop syn krekt ferskynde boek 'In appel foar underweis' meijün hat. Dochs binne dy fragminten yn in goed komponearre foarm byinoar brocnt en is it net sa dat men alderhande lytse stikjes ünder eagen kriget. De psychyske üntneistering fan in man waans heit yn 'e oarloch oan 'e ferkearde kant stie, wurdt yn 'In appel foar underweis' op in ynkringende, mar üt en troch ek ófstanfike wize benadere. Dat ófstanlike fait op as Age Heechterp, de haadpersoan, yn haadstik XVI net langer de 'ik' fan it boek is, mar ien oer wat praat wurdt. De haadpersoan is dan opnommen yn in psychiatryske ynrjochting en in 'hy' wurden. Ek it kontakt mei syn mem is aan ünpersoanliker. Net allinne is it dan sa dat se net mear fan minske ta minske prate, mar ek wurdt it brief dat Age fan syn mem kriget yn dat haadstik op in yndirekte, gearfetsjende wize werjün. Dy ófstanlikens is, sa't it liket, mei sm foar keazen. De haadpersoan kin de realisaasje dat er sa troch syn ferline knoeid is dat er opnommen wurde moast, geastlik mar amper oan en om dy reden wurdt in feilige distansje ynboud. De üngerjochtichheid fan de heit, dy't besocht wurdt oan de soan, sa soe it tema fan it boek yn it koart gearfette wurde kinne. Wêr't Age Heechterp syn heit no krekt foar sitten hat yn it ynternearingskamp yn Sondel, wurdt Age gewaar op in stik foliopapier dat er jierren neitiid, as syn heit as Alzheimerpasjint al yn in fersoargingshüs sit, by syn mem yn in tromp yn it buro fynt. Dat papier is troch Age syn heit typt. lt bringt Age de alde typmasine fan thüs wer yn 't sm en de typlessen dy't hy, syn broer Willem en syn suskes by it Ynstitüt Kuipers folge hawwe. Op in metafoaryske manier jout Holtrop dêr fyntsjes it grutte ferskil oan tusken it wraldsje fan de famylje Heechterp en de minsken dy't yn de oarloch net oan 'e ferkearde kant stien ha. Hy docht dat troch de merken fan de fypmasines dy't thüs en op it Ynstitüt Kuipers brükt wurde eksplisyt te neamen. Thüs wurdt typt op in alde stikkene Adler (de earn, it heralayske symboal fan Dütsklan), wylst op de lessen fan it Ynstitüt Kuipers masines brükt wurde fan it merk Triumph, it Ingelske wurd foar oerwinning. lt ferkeard wezen fan syn heit yn 'e oarloch en it narjen dêrmei troch de bütenwrald sitte Age Heechterp sa bot dwers, dat er aloan en wer mei pineholle omrint en dat er geregeldwei dwilet. Op skoalle kin er as learaar net mear funksjonearje en lang om let wurdt er min ofte mear twongen om him ófkarre te litten. Thüs smyt er him op it oanlizzen fan in tün en it ferbouwen fan de wente dy't hy en syn frou Marije earne bütenüt kocht ha. De dusoarder fan it hüs en de iensumens fan it stee dêr't it hüs stiet, komme yn oerdrachtlike sm aardich oerien mei Age syn geastlike tastan. Echt kontakt mei syn frou hat er net. lt giet yn syn holle allinne om Age. De Age dy't foar syn gefoel altyd tekoart dien is, om't it altyd gong om wat heit en mem trochmakke hiene. Fral heit. Mar wat hy field hie, like fan gjin belang te wezen. Nei him waard gjin han ütstutsen. Dat idee en de eangst dat er allinne litten wurdt, behearskje Age syn tinzen. De iepen ein fan it boek Tit op in oannimlike manier yn it midden oft Age dêr ca oerhinne komme sil. Om it ferline nei foaren te heljen makket Holtrop gebrük fan flashbacks. Gauris docht er dat oan 'e han fan assosjaasjes: dingen dy't wer oare dingen by de haadpersoan nei boppen helje. Sa ropt it typte stik folio de typlessen fan earder tiden op en de hurde bankjes yn de wachtkeamer by de dokter bringe de tsjerkebanken fan alear yn 't sin. Technysk fernimstiger binne dy oergongen fan it no nei it ferline, wêrby't de oansluting fan it iene op it oare net mear is as skyn. Sa lit Holtrop in fersekeringsman dy't by Heechterp op besite komt, oan 'e ein fan in alinea swije en it stikje dat dêrop folget begjint mei ac wurden (s. 54): „Dy minüt stilte, salang as dy duorre." Earst tinkt men as lezer dan dat it swijen fan de fersekeringsman foar it gefoel fan Heechterp sa lang duorre. Mar üt it ferrin fan it ferhaal docht bliken, dat it giet om in oare stilte, nammentlik de stilte dy't by de deadebetinkingen yn acht nommen waard doet Age Heechterp op skoalle siet. Eefkes rekket men as lezer dan yn betizing. Faaks hat de skriuwer foar eagen stien om de betizing dy't by Age Heechterp libbet op dizze manier op ac lezer oer te bringen. Mar om't de betizing by de lezer mar hiel koart duorret komt san manier fan skriuwen op jin oer as in technysk fernimstich, mar ferrifeljend grapke. Dat nimt net wei dat Holtrop yn 'In appel foar underweis' it ferhaal oer it generaal sa opboud hat dat it jin oan 'e ein ta yn 'e besnijing haldt. Ta de meast oertsjügjende en oangripende passaazjes rekkenje ik, wat dat oangiet, it petear dat Age mei syn mem hat. Op in hoeden, mar dochs net mijende manier ferget Age har derop om oer de oarloch te praten. De minsklike üntarikkendheid komt dêr op syn skerpst nei foaren. De mem, dy't it üntheistere libben fan har soan sjocht, kin him by al har leafde net mear meijaan as - hoe soer of hoe swiet ek - in appel foar underweis. JELLE KROL BENNY HOLTROP: In appel foar underweis. Fragminten ut in libben.Kristlike Fryske Folksbibleteek nümer 37Ó. Koperative Utjowerij, Boalsert, 132 siden, / 24,50. Benny Holtrop Foto IC/Jon de Vries --- Keunstwurk? Flean op! DWERS Dat keunst wurk is, koe men sneintemiddei by Omrop Fryslan op Nederlan 2 sjen yn it tv-portret fan Ids Willemsma, de lanskipsbyldhouwer' fan Hallumerhoeke. Wat syn holle betinkt, en dat binne gjin miniatuerkes, fiere syn hannen üt. Syn nijste kounstwurk stiet op 'e seedyk by Marrum. len geniale ynfal en de rest wie bealgjen. In lyts part ynspiraasje, it grutste part transpiraasje. Der tinne keunstners dy't dat ambachtlike ütbesteegje, Willemsma redt der sels mei, want yn 'e ütwurking komt it op details oan, en dêryn leit it geheim fan de smid dy't Willemsma hyt. Vn 'e ütstjoering lies er syn ferske foar dêr't er it meitsjen fan it 'keunstwurk' fan begjin oant ein yn beskriuwt om it dêrnei troch omstanners dy't it better witte ferneatigje te liften: KEUNSTWURK betinke wekker lizze platen izer yn 'e kop sketse maten fêstlizze model meitsje tekenje materiaal bestelle franko thüs snijbröne ófbrame laskje ófslypje skuorje utstalling KEUNSTWURK keunstwurk? dat kin ik ek wol. ■ ■ Wat ik mar sizze woe: keunstwurken, dat wie oant no ta foarbehalden oan keunstners en dikebouwers, yn 'e slach mei de eleminten. Mar Fryslan hat der sünt ferline wike in nij Keunstwurk' by: it is de nije namme fan wat offisjeus bekend stie as it Ynstitüt foar de Keunsten, it küveuzebern dat fuortkommen is üt dat nuvere ferstónshoulik, no ja ferstan, fan Frysk Keunstynstitüt en Stichting Kunstzinnige Vorming Friesland, lt bern is keunstmjiftich oanset en moat no keunstmjittich oan 'e praat halden wurde. Mei keunst- en fleanwurk. De namme 'Keunstwurk' tsjüget dus fan selsirony. As der skieik in soap-searje op 'e Fryske regionale tv komme moat, dan is it buro Keunstwurk in passende lokaasje. Ik haw begrutsjen mei de Iju dy't de telefoon oannimme moatte, mar ek mei de oare meiwurkers dy't op jierdeisfeestjes opbychte moatte dat se by 'Keunstwurk' arbeidzje. By wat? Sis it mar. De prüs fan selsirony is heech. Dochs sil der yngeand oer neitocht wêze. By de presintaasje yn it yuppe-katee Wouters woene se graach in fotograaf ha, om't der wat 'ludyks' op priemmen stie. Dat waard dus in öfdijer: twa hearen yn in kreas pak dy't laitsjend it 'logo' omheechhalde. 'Ludyk' yn it yuppen-tiidrek, dat is in tour de rarce foar fjirtigers, dy't jong wiene yn 'e jierren sechstich. Har 'ludilcens' wie destiids in protesthalding, in provokaasje fan de elitêre machthawwers. No is it in forsearre populêre holding fan aldere jongeren dy't de macht ha, mar net elitêr lykje wolle. Tweintich jier ferlyn soe 'Keunstwurk' ek noch earne foar stien hawwe: it is, efteróf, in riedsel werom t nimmen op dy namme kommen is by de reorganisaasje, lês demokratisearring fan de Kultuerried yn 1972. lt wurd 'wurk' hie doe in ideologyske lading, it woe de keunst foar alle klassen tagonklik meitsje mei Werk in Uitvoering en Werkteater en alderhanne Werkplaatsen. Al dy 'werkers' ferbylden har dat se it wolwêzen fan de minske herfoarmje koene, en op Johannes Spyksma nei, de Don Quichotte fan Sumarreheide dy't der nochris op promovearje sil, ha se dy yllüzje opjün, sa gau't se de macht rukten en dêr rynsk foar betelle waarden. Ynpleats fan har ferbylding binne se no sels oan 'e macht en besykje se de keunst te popularisearien. Vn har filosofy waard it wurd 'wurk' yn kombinaasje mei keunst in fynst achte: it wurk dat foar de keunst yn syn breedste omfieming dien wurde moat. Dêrmei ferlear de term 'wurk' syn ideologyske lading en waard it in populêre gjalp, dy't dynamyk suggerearret, mar neat seit. In holle frase, in mislediging foar de keunstwurken fan Willemsma en Wettersteat. Keunstwurk, seine jo? Flean opl PIETER DE GROOT --- SA SYDLINGS In model? Dizz'kear tsjin alle wizansje yn gjin Frysk, mar in Flaamsk fers, tan mear as in ieu lyn noch wol: HET BUITENMEISJE Zij vroegen of ze tevreden was, In de stad tevreden en daar? Het jonge meisje knikte ja, Zij waren zo goed voor haarl Zij knikte ja, zij zweeg en ging In de kelderkeuken staan, En zag omhoog door 't vensterraam, Op straat de voeten gaan. Toen dacht zij aan het groene veld. En aan haar ouders hut: Daarover waait hoog de populier, En de vlierboom staat aan ac put. Het geitje op 't grasplein, ginds verre de kerk, En de lucht oneindig blauw, - Haar moeder haspelt aan 't open raam, En haar vader zit op 't getouw. De wiedsters in 't veld en de leeuwrik omhoog, - O lag zij bij hen in 't vlasl - En zat zij te peinzen, toen vroegen zij haar, Of zij tevreden was? Zij waren zo goed en zo vriendlijk met haar, Zij kon niet zeggen: ~Neen". Maar 's avonds als zij slapen ging, Toen weende zij alleen. Dit is in gedicht fan de Flaamske skriuwster Virginie Loveling (1836-1923) dy't hjir yn Noard- Nederlan, lykas ek har suster Rosalie (1834-1 875) wakker populêr west hat. „Plastisch-poëtische genrestukjes", sa haf Garmt Stuiveling de fersen fan de Lovelings ris karakterisearre, en dat bedoelde er priizgjend. 'Het buitenmeisje' kipt der ünder al dat moais noch üt troch in ynhalden gefoelswaarmte dy 't oan dit yntime printsje wat ekstra's jout. De reden dat ik it hjir nochris oerskreaun ha leit lykwols net yn Flaanderen, mar yn Fryslan. Ik sjoch nammentlik grutte thematyske, gefoelsmjittige en fansels ek ferstechnyske oerienkomsten mei ien fan de moaiste en bekendste Fryske gedichten: 'De boerinne fan Surch' fan Obe Postma. len strofe fan sines komt Virginie Loveling wol o sa deun op 'e side as wy léze hoe't de ald boerinne deidreamt oer har aldershüs yn 'e Walden: O dat hearlike grutte appelhóf Alear by har alders hüs, Mei dy moaie heae abeeljenbeam En blommen by de rös. . . Wat beide fersen yngeander fergeliket sil by Postma in wat foarser en ek ironysker toon ünderkenne. De tragyk fan üs boerinne taasf jin ek efkes djipper yn 't moed as dy fan de Onwennige weversdochter. Sa net, yn harren genre binne it beide ünferjitlike fersen. Postma moat it wurk fan de Loveling-froulju grif wol kend hawwe. lt soe my gjin nij dwaan as er o sa fan 'Het buitenmeisje' halden hat en dat hja model stien hat foar syn Surger boerinne. In oare kear nochris wat oer it wurk fan de susters Loveling en dan foaral oer fersen fan harres dy't yn it Frysk oerset binne. FREARK DAM --- Vermaning en Groustra yn Lyts Frisia Lyts Frisia hat in meinimmend stik fan Teake Hoekema oer de yn 1987 ferstoarne amateur-argeolooch Tsjerk Vermaning. Hoekema hat destiids üt begienens mei de famylje Vermaning de rjochtssaken tsjin Tsjerk bywenne, dy't beskuldige waard fan it rerfalskjen fan füstbilen üt de Alde Stientiid. De üt Fryslan öfkomstige, mar haadsaaklik yn Drinte wurkjende skipper waard yn Assen feroardiele, mar letter yn Ljouwert frijsprutsen. lt Gerjochtshóf yn Ljouwert hat gjin ütspraak dien oer de echtens van de stiennen. Der wurdt noch hieltyd pleite foar in rehabilitaasje fan Tsjerk Vermaning. Hoekema is derfan oertsjüge dat de man slachtoffer west hat fan klassejustysje. Bertus J. Postma nimt it yn in wiidweidich, yn de foarm fan in rjochterlik stik opsteld pleit op foar Goasse Groustra. Der hat hiel wat trelit west om Groustra, dy't by de Warnsbetinking fan 1992 rjochts-ekstremisten üt Flaanderen tastie de Flaamske liuweflagge te hysjen. In soad minsken binne dêr tige luik om wurden, en Groustra hat him üt in tal funksjes weromlutsen. Postma sjit benammen pylken fan grime op Jan van der Baan üt Grou en op it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging, dat hy konsekwint „it Minne (Vis) bestjoer " neamt. lt is in wurdboarterijke mei de namme fan de ald-foarsitter fan de ried. Om even in priuwke oan te heljen, folget hjir it kommintaar fan Postma op it ferwyt, dat Groustra yn novimber 1985 oer it stimmen fan bütenlanners sei: „Om myn part stimme se de piano mar." Postma: „Ei! Sok praat giet rünom: Hallumer Fjouwersprong en Sweachster Lauswolt, Amsterdammer Piip en Hagemer Skildersbuorren. Net botte foarnaam fansels, mar as pianostimmerij bewiis fan sintrum-demokrasy, faksisme en uterste rjochtssinnigens wie, dan hie Janmaat gans mear as 4 persint fan de stimmen, dan hie De Jong fan it FAFK it net oan tüd om te sykheljen. Groustra moat doe in praatslokje han hawwe, no al wer acht jier ferlyn." ---