1"^—»■■ 2 PIJFENSTOOMERS IN DOOSJE ter waarde van 35 et. bij aankoop van een hall pond PALETBAAI van 40 o? 50 et. per half pond, zoolang de 'voorraad strekt! FA VFFNSTRA C koningstraat JT. ƒ*. Wl^L,.^-_»i**r-* > OUDE DOELESTEEG 2 SIGARENMAGAZIJNEN ( BREEDSTRAAT 56 TELEFOON 1336 r________■■■ _MM_____Bl|jj__a-BM SCHOENEN SCHOENEN _¥j_T FEBRUARI AANBIEDING Èfo* VANAF HEOEN TOT 1 MAART d_K On__ ontvanat U bij elke aankoop > van EEN PAAR SCHOENEN BOVEN DEN PRIJS VAM f 6.00 _J____J td Nin nnn ONTVANGEN een schiiterende collectie PAMES-EN HEERENSCHOENEN waarop ook BOVENGENOEMDE KORTING wordt GEGEVEN --- DANCING DANCING Er biedt zich aan een schitterend TRIO (Jazzband), speciaal voor Dancing, ook voor andere gelegenheden, zoowel in als buiten de stad. Billlike conditiën. Brieven onder no. 21 bureau van dit blad. DANCING DANCING 'n'tvervolgiederenavond yo4fwa van 8-11 uur Hf DANCING feart dat it sfihwet docht, mar wy ride mar troch yn dat waer, krekt as for saun jier yn Michigan, dot ik dêrre mei de frleonen op rit wier. Tongerjen ha se hjir net folie mei to dwaen, en it moat al tige needwaer wêze, as in automobilist dêrom ünderweis stoppet. --- In Internatsjonale Feestjoun to Rochester. „The Chamber of Commerce", Keamer fen Keaphannel to Rochester, hie in Internatsjonaal feest yn foarbirieding. hwer't alle naesjes yn dizze stêd oan meidwaen koenen. Amper in hiele wike efterenoar hat dit alle jounen yn ien fen de greatste hotels pleats hawn en nammens de Keamer krige ik in ütnoeging om der by to wezen, 'k Foldie hjir graech oan, tomear om't de Friezen der ek mei de Skotsetrije forskine scoenen en dêrom bin 'k der in joun hinne west en 't is my best bifallen. Dot Aert de Vries der my hinne ried, waerd ik troch it Bistjür üntfongen en troch Freerk Koopmans nei in bispritsen plak brocht, hwer't ik yn de aeifolle seal in goed oersjoch hie op it toaniel, hwerfen it doek yette de geheimenissen forberge. De musyk fen it Eastmanensemble liet syn toanen troch de romte rölje en as it kleed omheech giet, dan sit alde Nathaniël Rochester, de stifter fen de stêd, op syn troane en wachtet fol earhied on it folk, dat as in grienm-ank fen natsjonaliteiten syn stêd bifolke hat. Dat is nou yn de rin fen de tiid, nou san 110 jier forlyn, altyd sa mar troch gien en it wint noch mei elk jier oan. De alde baes, dy't de holle al lang net mear sear docht fensels, mar h.j:rre syn plakwaernimmer op it toaniel Int, is danich vn 'e wolken, honear de **rea;e klóften, ta hlnderten ütgroe'd. him allcgesrre foarby kuijerie en ■ hjar hildegroet bringe. Sa komme der eftereno'ir de echte Amerikanen, de Readh>Aden, de Negers, de Ingelsken, leren, Sweden, Dütskers, Poalen, Fransken. Italianen en ek de Friezen. Hja hji'te Holtón foar to stellen, mar it is Fryslan wirden en dat is al in hiele prestaesje mids al dy oare laasljue, tinkt my. Efternei jowe se elk hjar diel oan de joun, yn sjongen, spyljen en dounsjen, hwer't kinstnfimers by binne. Foaral it sjono-en fen de koaren wier moai en sa ek de natsjonale dounsen, hwermei de Sweden it heschste oantal punten by my bihellen. Dy plastyke dounsen foelen der omraken yn en ik ha it mir selden sa sjoen, mar as Fryslan komt en syn Natsjonale Skotsetrije docht, dan wirdt it earst echt. Hwet wieme dy 16 pearen moai, de manljue mei de hege hoed, wite das, swarte klearn, koarte broek en platte skoen mei silveren gespen; de frouljue yn hjar keurich habyt mei earizer en flodder op. 't Ltke sa sprookjeseftich yn de frjemdte, dot de toanielfontein hjar mei hjar skitterjende kleuren biljochte en alles yn in wiksel fen ljochtbondels omtsjoende, wier it krekt of 't üs paken en beppen boerebrilloft holden en wilens dounsen dat it klapte. Utfierders en ynenoarsetters fen san moai Internatsjonaal gehiel fortsjinje lof en hilde, hwent it is in ynmoai feest west, om nea wer to forjitten. --- Utfenhflzers út Hebron, III. Wy ha hjir tynge üt Hebron krige, dat Klaas en Sjoeke de Haan, mei hjar jongste dochter Gryt, fen „de Hegewier", Gerrit de Haan, fen „Marsw a 1", en Mrs. Woudsma fen „S i b h e me ", allegearre üt it Noarden fen Illinois, hjir ütfenhüs komme. En nei in rit fen twa en in heale dei, hweryn san saunhundert myl öflein binne, kamen se de Sneinto;ouns yn Gerrit syn greate car oanröljen. Hjir wirde geweldige einen mei de auto öflein en as de wei net al to drok is, ek mei flugge feart riden. De fiif ütfenhuzers kinne allegearre ünderdak krije yn de Lindenstreet en al rillik gau sette wy üs plannen ynenoar for ünderskate tochten, dy't yn dizze dasren, hwent hja scille in wike bliuwe, dien wirde scille. Earst moat de Landei fen 4 July foarby wêze, hwent dêr moatte wy meijenoar hinne, en as dy efter de rêch is, dan komt it riden oan bar en 5 July, de moarns om 5 üre, stiet de auto al klear for de greate tocht, dy't ündernimme scille --- Yn 'e ûngetiid. Honear wy yn de Juli-dagen troch' de country ride, dan is it ien en al bidrivigens op it fjild, hwent de boeren binne yn 'e üngetiid en dan naeit it der üt. We hearre de meanmasjines rikketikjen, de rraktors snoarjen, sjogge de swiler en skodder yn it hea en de loader oan 't wirk. — Ja, dy masjines, dat is dochs mar in kostlike ütkomst for de boer, hwent it wirk barnt op 'e neil en it ropt en wachtet oan alle kanten. 't Giet hjir wol ris in dripke rüch, mar dêr moat men sa lyk net nei sjen. 't Moat fluch oan kant en dan giet dat sa, al scoe 't de boeren yn Fryslan ek mal talykje. De üngetiid is hjir oars as by üs, mar it hea is ek oars, krekt as alles hjir oars is. 't Is menst lange, grouwe frjuoht, inkelde stikken, iere Maitiid ynsiedde, mei gêrssied en klaver. Ek sit der wol oar spil trochhinne, dat folie op 'e klaver liket en dat foarmet it ündergêrs, sadat der sims hiele protten op steane. — For dat ynsiedzjen om hea to winnen is alle lan hjir net geskikt, hwent it hege, de hills en bergkoppen, binne faek mar toar en smite net folie op; ek is der folie groun to stiennich of de „rack" sit to heech. As de meanmasjine it ienkear del hat, hoeft it gêrs net lang to lizzen. De sinne pakt it better oan en de loft is folie drüger as by üs en as dan de frjucht ek noch hwet lang op stannen stien hat, hwet ek wol bart, dan is 't sa mar ryp en kin it nei hwet skodzjen opswile wirde. Swyljen mei de han wirdt hjir nea aien en hnrken binne ünbikende din'.rcn. Hat de swylder it oan 'e wirdse, dan hoeft it net oan reakken tieme as hy üs, mar dan komt de healder yn aks;*e, dy't it, efter de wem oan, dalik oppakt en mei de Jakobsleadder omheeeh fitert, hwer't ien man it to plak ta in load. De haeiweinen binne hjir langer as by üs en hja ha in wiid ütstekkend ramt, dat der in hiele breedte oan makket, hwertroch it load (weide scoenen wy sizze) net heech en sünder bynstok en bvnliren nei hüs riden wirde kin. Is it hea yn 'e barn, dan wirdt der gjin weide mei foarkjen leech makke, mar dat docht de harpoen of de griper, dy't mei takels en on rails hoppe yn 'e skiïrre fêstsit, en troch hynsders of traktor dêr ta oanset, bringt hwer't it wêze mont. Vn Amerika is heawinnen lykwols net dat greate bilang, hwet de boeren by üs der by ha, en dat leit him oan it koart en byfoer, dat yn de cilo's forgarre en ynlein wirdt. --- nei Owego, N.-Y. Vn de berchlaunen, oan de oare kant fen de Fingerlaken. tsjin Pensylvania oan, wenje Lolke Faber en Afke Piersma, de leste in sister fen Mrs. Woudsma, en Pieter de Haan en Lamkje Rypkema, h werf en de man in broer is fen Kl;>as de Haan. — Ek binne hja allebeide bikenden for my en al scoe 'k hieltyd de reis al nei hjar ta meitsje, it bleau der by, mar nou kink myn ioarnimmen moai ta'n ütfier bringe. Wy ride oer West Henriëtte, Rask, Honeyë-falls, Bloomfield nei Canandaigua, it moaije stedtsje mei syn ljochtbondels, dat ik al earder biskreau. Dêrwei giet it oer Seneca Castle nei Geneva, hwer't ik ek al earder west ha. Hjir wei strike wy oer de glêdde road nei Waterloo, mar dan komt in hiele niie oarde tusken de Fingerlaken, hwer't ik net earder west bin. Prachtoaiden binne ft dêr wer, met berchian" eflf' 'bosk, hwer't de farmhuzen as skilderij'ies tusken yn lizze. 't Giet oer Romiles, Ovid, Centor, Interlaken, Trumusburg, Jacson. ville nei Ittaca, hwer't dy almeugende greate Cornel Universiteit on de bergen stiet, deun tsjin de Cayuga Lake oan. Letter scil ik mei de Van Apeldoorns üt Rochester hjir yetris hinne om de hege learskoallen for de greate keppel studinten to bisjen en dêrom giet it al mar fierder troch en oer de berden, dy't dampje fen de waerme sinnegloed, dy't alles bimielet. Wy komme troch Danby, Wilseyville, Candor, Cattatonck en rde Owego binnen, hwer't we earst Lolke Faber opsiikje moatte. De farm leit earne yn 'e bergen en mei omriden, forriden en freegjen nei de wei, fordogge wy gans tiid, hweryn it bigjint to reinen dat it spielt. Vn Fryslan kin 't tige reine, mar yn Amerika troch alles hinne, en dan fait it op in stuit strielrjucht nei ünderen, sadat it fen de berden bigjint to streamen, in heale sündfloed allyk. Nou, yn san sitewaesje moasten wy de glêdde berchwei op, minne road, mei op plakken djippe spoaren, hwer't de auto amper yn stykjen bleau. 't Minste wier noch dy hege regen mei djippe dellen oan 'e kant, hwer't jy by 't gliden fen de tsjillen san wé gefoel krigen, krekt as scoene jy aenstons in kopketommeling meitsje fen san trijehündert foet nei ünderen ta. Hwet in forrommirag, dot wy einliken in farmhus üntdieken, hwer't Klaas de Haan mar ris poalshichte nimme scoe, mar ho sloech üs de bliidskip om 't hert, dot hy üs by de frontdoar taröp: „'t Is yn oarder, hear, wy binn' to plak!" Us hearring brette der lykwols net hwent de boerinne hie krekt in lyts famke krige en nou stie der folie op stelten. Dat lytse nanepopke wier forwachte, mar wy net en dêrom kearden de omstannichheden üs sahwet buten doarren. Hwet scóene wy? Koart birie, goed birie, en op Mrs. Woudsma nei, dy't hjir by hjar sibben efter bleau, ha wy mar gau risselwaesje makke for de weromreis, en de selde glibberige berchwei, mei syn forfaerlike hellingen lans, binne wy wer nei Owego riden, hwerby my it sechje yn 't sm kaem, dat in goekinde my, by 't forklearjen fen de namme fen dizze stêd, jown hie. Dot de Indianen hjir yn earder tiid troch de blanken bifochten waerden, hwerby se hjar bisit ta it uterste fordigenen, skynde it hjar dochs to machtig to wirden, en dot der gjin hulden en kearen mear oan wier, klonk hommels de needrop fen de haedmannen: „O-We- Go!" hwet it selde sizze woe as: „It wirdt üs tiid, wy moatte hjir wei!" en sa gyng it üs krektengelyk, hwent yn de berohfarm fen de Fabers wierne wy min of to mear op 'e kofje komd. (Tonei mear). SJOUKE DE ZEE, ---