EEN NIEUW JUSTITIE GEBOUW TE WEENEN Een ontwerp van het Justitiegebouw te- Weenen, dat ontworpen is door arcli, Heinrich Ried uit Weenen. --- 't Oude Jusiitiegebouw, dat bij de onlusten verleden jaar in brand gestoken werd --- EEN VAN DE PYRAMIDEN BIJ GIZEH IN EGYPTE. --- MYN TWADDE AMERIKA-REIS XXXII. Hessel Brolsma. • Mei myn frjeonen bisiikje ik yn dizze dagen forskate lânsljue en Hessel Brolsma, soan fen Ulke en Janke fen Stiens en in broer fen Rein d e r Brolsm a, ús bikende novellist yn Fryslân, is ien fen de i'oarsten. Brolsma wier for my in âid bikende fen 1921, dot ik ek yn Chicago spritsen ha, en om't der do noch gjin Fryske foriening bistie, hie hy neist Mrs. Zoethout fen Hinsdale en oaren, de regeling fen dy joun mei yn 'e hannen. Efternei is hy de flinke skriuwer wirden fen it selskip „Ut en Thús", in funksje, dy't hy as de rjuchte man op it rjuchte plak in jier-ef-hwet waernommen hat. Vn dy sitewaesje hie'k letter ek noch wol gau ris mei. him briefwiksele en it die my tige goed him nou wer to sjen. Brolsma hat nou al 37 jier yn Amerika west. seit er, altyd net yn Chicago, hwent hy hat ek oan farmjen dien. Nou is hy postmaster en bringt de brieven roun, in goed baentsje, dat flink leannet yn Amerika en net drok is. Wy prate oer folie dingen, 'fäk oer foar saun jier, dot Piter de Jong, Jakob Hoekstra, Durk Driebergen en Oege Germeraad, nou forstoarn, sa folie war dien ha, der in Frysk selskip to Chicago kommen is. Hja founen in trouwe stipe en in herige helpster oan Mrs. Zoethout fen de Natoma-farm, mar al is it selskip der kommen, ja, binne der nou seis twa Fryske forienings yn Chicago, hy fynt der dochs syn rjuchte tüiis net mear. — ~'k Bin noch de selde Fries sa't jy my for saun jier founen", seit er; „mar ik ha to min tiid en gelegenheid om dêrfor to dwaen hwet ik graech wol". Dit is wol spitich, nei myn wize fen sjen, hwent in flinke Fries as Hessel Brolsma mei yn Chicago for it Frysk net forlern gean, De Fryske biweging hat sokke krèften brok en wol om't hja de vvearde fen tael en wezen flink witte to skatten. Syn frou is Sjoerdtsje IJkcma en dochter fen Minne IJkema fen H i e s 1 u m, dy't l»y hjarren ynwennet en de deis tofoaren, 19 Maeije, 75 jier wirden is. Hwet in krasse baes for syn jierren en mei it talrike bislik dat hja mei dizze bisûnderheid binnen doar hawn hieneu, wier 't er fleurich om wei gien, hearre wy. 't Frysk Lieteboek stiet noch for de piano en it dûrret net lang ef Mrs. Robert, IJkema's jongste dochter, dêr ek yn 'e hûs, slacht op 'e toetsen en sjongt as in âlk. „Tinkstou yet, tinkstou vet oan dat stille fjild" en dan falie wy hjar by en toalve muien sjonge út folie boarst it liet fen Piter Jelles, hwer't Brolsma's hûs fen daveret. Efternei nimt Mrs. Robert de fioele en dan sjongt se allinne en mei hjar fol en suver lûd, it iene liet nei 't oare, en wy wirde it harkjen net sêd. Mrs. Robert, Sjuwke IJkema, hjir Sophie Robert neamd, docht ek folie oan sport en hja toant ús mannich kyk hwermei 't hja lis as liedster en foarwirkster fen in frouljuesklub forskate moaije stands sjen lit. Hja makket hjar nou klear om mei hjar klub nei Dútsklân to gean, dêr den earst tsjin in Dútske klub to spyljen en letter de Olympyske sportfjilden to Amsterdam to bisiikjen. Hwer't hja tige sterk yn is, neamt men ritmyske gymuastyk eu mei hjar Chicago-klub hopet hja dêr it biwiis fen to jaen yn Jeropa. De âlde hear IJkema hat it best nei't sm, seit er, en mei sokke flinke en fleurige bern om him hinne hopet er yet folie fen 't libben to genietsjen. Syn broer Klaes IJkema hat skoalmaster to Winsum west en v. ;nnet nou yn deu Haech Hû« fen Hessel Brolsma --- EEN HELDENDOOD VOOR DE WETENSCHAP. De bekende tuberculose-onderzoeker Dr. Ottokar Horak, docent aan de universiteit te Praag, gaf zich voor tuberculoseonderzoek eenige inspuitingen. Hij moest zijn proef met den dood betalen. --- COMPONIST JANACEK †. Den 12den Augustus is te Mährisch Ostran overleden de bekende componist Leo Janacek. Janacek is in Duitschland bekend geworden door zijn opera „Jenusa". --- De joun fen „Ut en Thús.” Op de Friezenjoun yn Stansick Hall komme forskate Friezen en as ik myn Wirk dien ha, is der gelegenheid om mei my to praten, hwer't tige bruknie fen makke wirdt. Hwa't allegear kamen en hofolle as ik de hân joech, dat wit ik net mear, mar de nammen dy't ik yn 't boekje ha, scil ik hjir efkes neame. Dawid Kuiken fen S i n t J a p i k, dy't earstdeis mei syn wiif en- dochter nei Fryslân giet to útfenhûzjen. Hja scille fen Chicago nei New-York ride en ast kin giet de auto mei oer de oseaen. Vn J i r n s u m, by Tsjeard en Berber scille hja de groetenis fen my bringe en wy fine it oan beide kanten moai, dat de bern op dizze menear fen heit komplemintearre wirde. Piter Verbeek fen 'S lea t, hwaens âlde heit fen 82 jier dêr vette wennet, Syn frou is Martsje Bouma en hja hat as boerefaem wenne by famylje fen Jan Jans Fokma to Jirnsum, dy't ik de groetenis oerbringe moat. Hjar jonge Hindrik, 14 jier âld, hat de lytse tromme by it korps .ûnder lieding fen Robert van der Wal en dêr kin er him tige mei redde.' Ek is hy in bitûft swimmer, hwer't hy al forskate medaljes mei woun. Wibe Hofstra, fen Akkro 'm, en syn frou? 'k Mien fen Tsj albe rt. Noch mar trije jier hjir. 'k Krij de groetenis mei for Wvtze Koldyk, Geart Sehuurmans, de Kieefstra's en oaren to Akkrom. Fokkens fen W a r k u m. hwaens mem út it âlde laech fen de Donia's komt. H. Groenier fen G e r d y k, earen masjinist op 'e boat. Hy toant my in kostlike kaert fen Fryslân, alhiel fen linnen en al 80 jier âld. Dochter fen Klaes Reitsma, earen út Jirnsum, namme net opteikene. Mrs. van der Horst fen de G e r d y k, dy't miende oan my bisibbe to wezen, mar yn in oare De Zee-staech thús heart; dy fen Aldeboarn en Drachten. Hjar eigen namme is Ingeltsje de Graaf en hjar heit wier Jelle de Graaf. Japik Elgersma fen R i e d ef T s j o mm e a r u m, dêr wol 'k óf wêze. Syn heit is skipper Piter Nannes en hy is ek bisibbe oan de bikende Elgersma, de makker fen de Fryske sankjes. Jouke Talman fen Boarnbirgu m, soan fen Wibe Aeises. Syn frou is in dochter fen Bouwe Skroar fen de Sweach en op Jt heden nei de old Country útfenhûs. Wigeus Feenstra en Doekele Steensma, beide fen S ond el. for de leste hie 'k biricht by mv en it portret fen syn âldershûs. 'k Moat de groetenis dwaen oan de sibben yn P a r r e g e a en Sleat eu meidiele, dat hia takomme jier yn Fryslâîi komme. Abc de Hear fen G r o u en Abraham van der Veen; 't gist hjar beide aoed en ik moat de groetenis dwaen oan Hans en Arme to J i rn su m. Willem Haanstra en syn frou. Hy âldskriuwer fen „Ut en Thús", de man hwer't ik for dizze reis yn Chicago de earste brieven mei wiksele * Paulus Talsma fen II ârn s, hwaens neef yn Boalsert op in lyts bytsje nei myn namme hat: Sjouke -van der Zee. Syn oinke to J i rn s u m is Frans Lvklama en Ate van Balen syn neef. Mrs. Visser, Janke Vierstra fen Snits, hwaens beide broerren Boukc en Meindert dêr vette wenje. Tn broer Japik en in sister Meintsje wenje hjir, de léste as sikesister, hwer't hja it hjir drok mei hat. Beide frouljue binne learlingen west fen Dr. Wumkes en Janke is troch Dr. W. Ta lidmaet fen de tsjerke oannommen. Fierder ha ik yelte opteikene: Wieringa fen Stiens — Woudstra fen N ij euiarduiu — Veldstra fen T e rhe rn e — Comello fen Tsjal b e r t en syn frou Lysbet van der Honig fen Ti a n g s w e age n. Jakob Dykstra fen Balk en syn' oarehelt, Beitske v. Kampen feu S k r ä e r d. Hy is hjir ferwer en Kat it goed nei't sin. Hjar bern Jakob, Aeltsje en Fctsje sjoch ik ek en fen hjarren allegearre moat ik de groetenis dwaen oan mem en beppe to Balk, dy't al 83 jier âld is. Johannes van Loon fen S i n t A n n a en in frjeon fen fjlldwachter Visser to Aldeboarn. Jan Bokma fen A 1 d sy 1, nou al 42 jièr yn Amerika en hjfr as jonge fen 10 jier al kommen, en sa binne der vette rneai-, hweri'en ik de nam men net mear fine kin. * * * Mrs. Sophie Robert—lJkema, in athlete --- „Down Town”. „Down Town" wol sa folie sizze as yn it alderdrokste, it sintrum fen de stêd, dêrre hwer't de minsken gearkomme, hwer't de „business/ is op allerhânne ge. bied. Hwer't trucks, automobilen, trammen en loftspoaren snoarje; it plak hwer't jy altyd sahwet yn 't gefaer fen jo libben binne. Hot san greate libbene sfream altyd noch sa goed giet, dêr steane jy forsteld fen, mar de handige plysje en yn haedsaek de automatyske seinljochten witte foarbyldich to lieden en as jy dat mar goed yn 'e gaten ha en altyd griene kleur ôfwachtsje, dan binne jy yn al dy razende drokte ek al wer tige feilich. Nou, wy binne yn Chicago ek forskate kearen yn „down town" west, mar ik fielde der my nea thús en wier altyd mar bliid, dat wy wer buten gat wiernen, yn minder drokke strjitteii, hwer't jy de eagen oan hwet oars wije en de longen frijer iepensette koenen. Der binne wol tige moaije „streets" yö Chicago, mar it lange en it rjuchte, sûnder de minste ôfwiksel, makket it gehiel sahwet ta in greate blokkedoaze, hwer't alles amper gelyk is; slim ientoanich en sûnder ein. For kuijerjen hoeve je hjir ek net op sfap to géan, dêrfor is it to drok en de ôfstân to great. Moatte jy der wêze, dan giet dat mei de auto ef jy nimme it loftspoar, dat as in greate keat om en troch de stêd rydt en dei en nacht in smite minsken forfiert fen en nei de talrike tusken- en einstäsjons. --- DE DOOD VAN EEN VOLKSTRIBUUN. Honderdduizend Kroatische hoeren brachten 12 Augustus hun gestorven leider Stephan Raditsch de laatste eer. Op de foto Raditsch op den doodenbaar. --- :■■■:■..... ■-■■;■»;■■ ■■■ ,v ■-■■. ■ -. . .■■■:- o:-, -■■■.wuwwv ;jj^;-;^ :v-' ■■■■■■■,*■■.■,■.. ■.-.■.- ■ ■■■■:,.... .->■■■-.., jyww/ MOSKOU HEEFT ZELF EEN OLYMPIADE. '12 Augustus begonnen te Moskou de door de Sovjelregeering ingestelde internationale sportfeesten. Op de foto een groep van deelnemers op het Roode plein, --- De Beurs. Wy Kamen ek op de beurs, net as sakenminsken, mar as klearebare nijsgierigen. Dot wy der wiemen, krigen wy in sitplak op in gallerij (kreake) en koenen dêrwei op alles delsjen. Forskate minsken stienen der yn kloften yn in ring en it gyng je der om wei, dat je swarre scoenen, nou, hjir binne se grif allegear stapelgek, 't Wier ien roppen en razen, lûdbearen en mâltiergjen, hwerby de fingers hjar tsjinst dienen, earmen de loft yngyngen en de eagen sims grimitich róTlene. — „Hwerom dochs san healwize oanstellerij?" frege ik. — „Ja. dat giet om it keapjen fen it iene ef 't oare artikel, hwer't hy, dy't gading makket, abslút net lést wêze wol". — „En Hwer is dat artikel dan?" — „O, dat moat fen 't 3immer mûlk noch groeije ef dat sit earne yn Kentucky yn de groun. Mar dêr sjogge jy de munsters op dy lange tafels en dêr boppe ha jy hwer pompier, en 't hat allegear syn bitsjutting". Nou, dat dy Beursdrokte syn bitsjutting hie, dat koek my foarstelle, mar sa't it der om wei gyng, wier it ek in bilsjutting en ik wier eigentlik mar bliid dat wy út dat gerop en geraes, dat alderakelikste eamelersnêst, wei wierne en 'k ha derby sein: „Al kom ik ek noch tsjien kear yn Chicago, yn der iwichheid net wer op de Beurs; derf en bin 'k takocht". (Tonei mear). Chicago. SJOUKE DE ZEE- ---