„Puppe en Poppe”, fan L. Post—Beuckens. Utjefte Laverman N.V, Draenten. Foar de bern fan de leechste klassen is dit al san moai boekje. In forhael oer in jonkje en in famke, dy't fordwale, mar, gelokkicft, l bihalden wer thüs komme. De skriuwster j kén de bernesiele en dêrom wie it har tabitroud, dit forhael to skriuwen. Ek wer in echt moai foarlêsboekje. En de tekeningen fan H. Post sille de bern fan genietsje. --- „Ytfabgys by Pake en Beppe”, fan G. Strykstra en J. Strykstra—Bouma. Utjefte Laverman N.V., Drachma. Vn dit boek wurdt biskreaun hoe't Rein ; op dokter syn oanstean in skoftsje üt de ' stcech, dêr't er mei syn mem tahaldt, wei I moat om by pake en beppc, dy't' in lyts \ spultsje hawwe, to ütfanhüzjen. It foldocht j Rein dêr mar tige skoan, hy helpt Pake hwat. giet ek nei skoalle, slüt him by syn skoaikamerate'n oan en it measte by Els, it i famke fan de.notaris. Hy Knapt alhiel op en' it moaiste is noen, dat notaris der op 't lest I foar soarget,, dat Rein mei syn mem yn in bettere. sounere wente komme kin. i In moai, gefoelich boekje foar de bern fan seis oant tsien jier. De tekeningen fan J | Pander binne ek goed. --- Frysk Forskaet It Fryske boek makket it libben riker De boekewikej owt de gelegenheid om der mei yn de kunde to kommen It hat fansels in bisündere oanlieding, dat üs rubryk „Frysk Forskaet" hjoed ütdijd is ta in hiele side fan de krante. En eikenien wit ek wol, hwat dy oanlieding is: de ütrikking fan de Gysbert Japiks- en Joast Halbertsma-prizên èn de iepening fan de Fryske boekewike. Hjoed, Freed de 29ste Oktober, stiet dus yn it teken fan it Fryske boek! It is dêrom, dat dizze hiele side oan dat Fryske boek wijd is. De Fryske biweging freget binammen de léste jierren op mannigerlei gebiet 'it omtinken. It is noch mar twa dagen forlyn, dat t_ Ljouwert.in great ünder wiiskongres halden waerd. In goed wike forlyn wie der aksje om de bikende kantongerjuchtssaek op it Hearrenfean. It great- Frysk kongres leit noch net sa fier efter üs. Mar is der eat fan dit allegearre, dat it hiele folk sa direkt oansprekt as it Fryske boek? En is der better propaganda-middel foar de striid om it Frysk-eigene? Vn de oarlochsjierren hat it lézen fan Fryske boeken in greate flecht nommen en fan dy oarlochswinst is gans biwarre bleaun, al is it net mear sa, dat ryp en grien kocht èn ütjown wurdt. It jild wurdt krapper en dat haldt yn, dat it keapjend publyk in seleksje tapast. Dat is ek goed. Der moat mei oardiel lézen wurde. De Fryske parse, dy't gans mear oandacht oan it Frysk jowt as foar de oarloch, hat hjir in liedende taek. Dêrnjonken meije wy de wearde fan de spesiale Fryske wykblêdden net to leech oanslaen. Hav/we alle Friezen, dy't har eigen tael sprekke en léze, „Frysk en Frij" of „De Stim fan Fryslan" al yn 'e hüs? Moanneblêdden as „It Heitelan" en it literaire blêd „De Tsjerne' moatte ek noch folie mear it omtinken hawwe. --- Opsizferskes foar skoalle en hus same fan W.L.Zylstra. Utjefte Laverman N.V, Drachten. En foar bern fan füf oant njoggen jier is der dan noch dit boekje mei opsizferskes, dy't binammen foar it gebrük op skoalle ornearre binne. De kar liket üs goed ta, dat hja sille har paed wol fine. In tal goede oanwinsten dus. Bliuwt der neat to winskjen oer? Fansels! Wy sjogge noch altyd üt nei spannende jongesboeken, dy't üs forhelje fan hwat der yn de Fryske skiednis bard is. De skriuwers moatte mei har jongesforhalen net altyd op in doarp en op it boerelan hingjen bliuwe. De jongesgeast nimt graech in wide flecht — en dan moatte de Fryske jonges ek yn har eigen tael torjuchte kinne! P. G. --- Nyckle Haisma syn bikroande novelle. „Simmer” fan Nyckle Haisma. Utjown fan de Stifting „It Fryske Boek”. Wurdt oanbean oan elkenien, dy't yn de boekewike foar op syn minst f 3.50 oan Fryske boeken keapet. Der is wol sein, dat oan dizze novelle de Gysbert Japikspriis takend is om dêrmei al it wurk fan Nyckle Haisma to earjen. Mar ik leau dat ek sünder dizze bybidoeling. de novelle „Simmer" bikroand wurde moatten hie as fierwei it beste proaza dat yn de jierren 1946 en 1947 yn it Frysk publisearre waerd. . Dit forhael fan de Yndyske Fries, dy't in simmer yn syn heitelan trochbringt, dy't de sinne oer de ald lansdouwe sjocht mar ek in blinkje .der fan opheint yn syn hert, as in fleuchje forealens foarbydriuwt as in swiete melodij yn de simmerwyn, dit seldsum knappe stik proaza is faeks wol it beste, dat Nyckle Haisma skreaun hat. It kin gjin taf al wêze, dat krekt dit biwarre bleau. Mids al de forskrikkingen fan it kamp hat Haisma Fryslan ütpensiele; in wünder, sa't hy it hiele Fryske.libben, skerp ta yn de lytse ünderdieien, werjaen koe. It moat in greate langst west hawwe, dy't him dit mooglik makke; in langst dy't him üttilde boppe cle biswieren fan elke nije kampdei. En yn de figu'er fan Aent Obma hat it langstme stal krige. It Fryske lan en de figuer Aent Obma binne de stof foar dizze novelle en hja binne ien wurden yn in sa suvere forhalding, dat it Jm —al stiet er gjin sentimenteel wurd yn de hiele novelle — machtig oangrypt. It is tige .spitich, dat fan Nyckle Haisma in roman-manuskript forlern gien is. Mar hwat mei dizze novelle bihalden bleau is dochs ek fan ünskatbere wearde. In beste, hwat Haisma üs neilitte koe, wurk, dat himsels yn de nearste nacht Fryslan as in fisioen foar eagen tsjoend hawwe moat. Under sókke omstannichheden en by san bisieling moast wol great wurk üntstean. Earne yn dizze novelle steane dizze wurden: „Alles yn it libben hat syn doel, God hat er syn doel mei en syn tinzen binne heger as uzes, syn wegen wünderliker as dy fan in minske." P.G. --- De Fryske boekewike bringt gâns nije utjeften Is it noch wol sa, dat wy oan de bigjin j fan in Fryske boekewike de krantelêzers I fornije moatte, dat der in Fryske literatuer bistiet? Binne der noch Friezen, dy't nea mei Fryske boeken yn 'e kunde kamen? Is it tal, dat him der öfmakket j mei to sizzen: „Ik kin gjin Frysk léze" noch wol great? Lykwols, as der dan döchs noch propeganda foar it Fryske boek makke wurde moat, dan is soks oan de Stifting, dy't de Fryske boekewike organisearret, wol tabitroud. Wy kinne folstean mei al de freonen, dy't it Fryske boelal hat, op 'e hichte to bringen mei in tal nije utjeften, dy't foar dizze boekewike ütkomme. En dat is de muoite wurdich ! De twa bisünderste utjeften („Aldfaers Groun" fan J. P. Wiersma en „It Jubeljier" fan S. Kloosterman) wurde op dizze side apart bisprutsen. Mar dêrnjonken is der noch gans forskaet. Wichtich is, dat der in nije, alhiel neisjoene printinge fan it Fryske Lieteboek ütkomt. Tal fan lieten, dy't yn earder utjeften net foarkamen, binne hjiryn opnommen. Binammen foar üs Fryske koaren de muoite wurdich! It mei trouwens yn gjin inkelde Fryske hüshalding, dêr't men fan muzyk en s jongen haldt (en yn hokker docht men dat net?) üntbrekke. Ek oer it tal nije romans hawwe wy net to kleijen. Lang om let (der is jierren nei ütsjoen) is dan „Fioele en faem" fan Arme Wadman ütkommen. In psychologyske roman, dy't folslein brekt mei de wenstige sfear fan it Fryske boek. Dizze bisündere oanwinst fan de Fryske literatuer hoopje wy nije wike yn üs rubryk „Frysk forskaet" to' bisprekken. Wy kinne der nou al fêst fan sizze, dat it boek tige knap ütfierd is en dat wy it binammen oanriede kinne oan „literaire fynpriuwers." In gans hwat ienfaldiger forhael is „Tink om de bocht", fan de wol tige produktive skriuwer Harm Loadewyk. Loadewyk syn eardere romans as „Hinke. fan Jap" en „Thüskomst" foelen der by in great publyk goed yn, dat „Tink om de bocht" sil syn wei ek wol fine. J. Spanninga—Posthuma komt mei in nije roman foar jonge minsken, „Ik wol libje!" Dizze skriuwster snijt de problemen, dy't har yn it jonge libben foardogge, net. Hja hat har lezers hwat to sizzen. Ek op dit boek hoopje wy nije ■wike werom to kommen. In wikemannich forlyn kaem in nije roman fan Liuwe Brolsma fan de parse, dy't yn de boekewike syn lezers ek wol fine sil, nammentlik „De tocht fan de Sallemander". In flotte, humoristyskè biskriuwing fan in syltocht troch Fryslan. Underskate bisünderheden wurde biskreaun. Fan de jonge Brolsma, dy't mei „Stoarm oer Fryslan" namme makke hat, forwachtsje wy noch mear! It sil de trouwe lezers fan W. Cuperus syn boeken goed dwaen to hearren, dat dy syn nije roman „Doeke Daen'" ek noch foar de boekewike it ljocht sjen sil. It is in roman, dy't yn de oarloch spilet, mar net it gewoane type „forsetsroman". Doet Cuperus op in gearkomste fan it Boun fan Fryske kunstners üt syn nije roman foarlies, krige er gans weardearring. Fan G. Tsj. Kooistra, de skriuwer fan it „Petear mei God", sil de nije roman „Koppenen" meikoarten it ljocht sjen. Fan dr. W. Kok is in 'tige humoristysk boekje „Nuvere kostgohgers", to forwachtsjen. It is lykwols noch net wis, dat dizze beide léste boeken noch-yn de boekewike ütkomme sille. En dan wolle wy ta bislüt noch twa boeken neame, dy't üs in pear moanne forlyn al ta bisprek tastjürd wae'rden, mar dy't binammen yn de boekewike wol oan har trekken komme sille: „Op Wyldskar" fan H. de Jong en „Boerefolk" fan S. M. van der Galiën. Der is wolris sein, dat san soad Fryske boeken oer boeren skriuwe — en sa is it eins ek. Mar it Fryske folk is in boerefolk en dêrom sil de Fryske literatuej- syn stoffe altyd foar in great part oan it boerelibben üntliene. Vn har soarte binne dizze beide boeken net fan de minsten. Hja gripe net heech, mar it binne flotte, libbene forhalen. Sa sjogge wy: de boekewike bringt gans forskaet. It miei stiet ré — it Fryske folk kin mar tataeste! --- Bliid wersjen S. Kloosterman, It Jubeljier. Twadde printinge. Utjefte Brandenburgh en Co., Snits. Priis f 7.90; lükse ütjefte f 15. It wie yn 1943, dat ik foar de boekekast fan in goefreon bikenne moast, dat ik „It Jubeljier" fan Simke Kloosterman noch nea lézen hie. Hy joech it my fuort mei, hwant, sei er, yn it foarste plak woe er op slach ien fan de greatste hiaten yn myn kennisse fan de Fryske literatuer oanfolje en yn it twadde plak/ wie it foar elke Fries goed, krekt yn dy oarlochsjirren dit boek ris yn hannen to nimmen. Ik naem it grouwe boek, dat der — it wie yn 1927 al ütkommen! — nou just net mear as nij ütseach, mei nei hüs en fordjippe my der deselde jouns noch yn. Ja, dit wiene tael en styl fan dy oare roman fan Simke Kloosterman, dy't ik mei safolle nocht lézen hie, „De Hoara's fan Hastings". Dit wie deselde ütbylding fan de karakters, 't Wie krekt yn de tiid, dat de Dütskers by üs op it doarp nou just net sa meijen wiene en in stikmannich goede Friezen üt 'e omkriten, dy't de kop der foar holden, it üntjilde moasten. Krekt yn dia dagen koe ik echt meilibje mei de tiid, dy't it boek biskriuwt: 1793—1813, dy fan de Franske oerhearsking. Ik lies dat hiele grouwe boek yn twa jounen üt. „En?" frege myn freon, doet ik it him werombrocht. „Knap", sei ik, „seldsume knap skreaun! len fan de beste Fryske boeken". ! Hy seach my al hwat forwündere oan. „Ja", sei er, „it is ek knap, mar as ik it nou forgelykje mei „De Hoara's", dan moat ik dochs sizze, dat it hwat oerdreaun is. It patriottisme leit der hwat al to folie op!" Ik moast earlik sizze, dat it my net opfallen wie, mar wy kamen ta de konklüzje, dat it him hjir wol oan lizze soe, dat ik it boek lézen hie yn inselde tiid fan fordrukking as dêrNt it boete y_ spilet (de Franske tiid), wylst myn freon it jierren forlyn al lézen hie. Vn it jier, dat foar üs lan ek in jubeljier is, omdat üs eale keninginne Wilhelmina 50 jier oan it regear> west hat, tweintich jier neidat de earste printinge fan dit boek, nei fiif jier drege stüdzje, it ljocht seach, komt de twadde printinge fan „It Jubeljier". Vn in tiid, dy't gans mei dy fan 1927 forskilt. En it koe wolris wêze, dat in soad fan de krityk, dy't men by de earste printinge hie en dy't myn. freon yn 1943 ek noch utere — en dy't üs faeks ek nou by it lézen noch yn de müle komt, üs op de lippen bistjert, as wy tinke oan de jierren dy't efter üs lizze. Faeks is it krekt de krêft fan dizze bisündere skriuwster, dat hja dit .boek jaen koe yn in tiid, doet der fan fordrukking troch in frjemd folk ' gjin sprake wie. Ik leau daü ek net, dat dit boek fan üs greate skriuwster de sfear fan de tiid, dêr 't it yn spilet, sa fier misroait. It patriottisme moat der yn dy foarm west hawwe; dat hawwe wy yn de jierren, dy't efter üs lizze, wol leard. Vn „It Jubeljier" sjogge wy — like goed as yn „De Hoara's fan Hastings" — Simke Kloostermn as in skriuwster fan great formaet. Hja hat in eigen styl, in eigen tael, in eigen visy; dr is neat fan in oar by. Lju, dy't ienfaldige romans wend binne, sizze, dat har boeken „slim" binne, mar as hja efkes trochsette en oan har skriuwtrant wenne, binne hja al gau yn de tsjoen fan har libbene biskriuwing en krij e hja biwündering foar de skerpe tekening fan de figueren, dy't yn de boeken foarkomme. Ik forwachtsje, dat dit boek lézen wurde sil; dat it, om it sa mar ris to zen, „folkseigen" wurdt. Dêrom — èn om de tige knappe ütjefte, dy't Brandenburgh der fan makke — wie it foar my, doet de post krekt foar de boekewike de twadde printinge fan „It Jubeljier" brocht, in bliid wersjen. P. G. --- Paedwizer troch de boekebosk. Vn forban mei de Fryske boekewike hat de Stifting „It Fryske boek" in kreas boekje ütjown, dat as „Paedwizer troch de boekebosk" tsjinst dwaen kin. Mochten der guont wêze, dy't, mei nei oanlieding fan hwat wy op dizze side bisocht hawwe oer it Fryske boek nei foaren to bringen, graech in knap oersjoch en in goede biskriuwing hawwe wolle fan itjinge der op it Fryske boekemêd alsa is, dy kinne net better dwaen as stap nei de boekhanler en f reeg je him dit boekje, dat forgees to krijen is. Joe deys leyt de wrad omkere Vn klear duwbbeld-hertigheyt. Jou uwz Lan weer Ijaeve Heere et Ade roune yenfadichheit. (Gysbert Japiks). --- Hwat it Fryske boek jowt Dit allegearre moatte wy ris goed oertinke, nou't it hjoed san wichtige dei is. Wy meije wvol ris in kear bliid mei üs sels wêze. Né net greatsk, mar bliid! Bliid mei üs eigen literatuer, dy't üs sa rjochtstreeks oansprekt. Bliid, dat wy skriuwers hawwe dy't üs eigen lan en folk ütbyldzje kinne yn eigen tael. It eigen Fryske boek jowt üs eat, dat wy yn boeken yn oare talen misse moatte. Bliid mei üs sels wêze. Mar net alhiel tofreden! De Fryske boekewike fréget ek hwat fan üs. Net allinne, dat wy sels it Fryske boek ta üs freon meitsje, mar binammen ek, dat wy der oaren mei yn 'e kunde bringe. Yt it foarste plak üs eigen sibben en — net to forjitten — üs bern. Mar èk üs buorman, de minsken, dêr't wy elke dei mei omgeane. Elkenien, dy't it Fryske boek stypje wol, moat der in libbene propagandist foar wêze. De oanlieding is der nou ! Hjoed, nou't wy üs beste skriuwers earje en yn de kommende dagen, dy't yn it teken steane fan it Fryske boek! De lange ' winterjounen komme. To folie biset mei gearkomsten, ütfieringen, bioskoop? Minsken, forjit dan net, dat der ek noch oare waerden yn it libben binne. len fan dy wearden is it gesinsformidden. Meitsje dat soun en sterk. It Fryske boek, dat üs libben riker makket, kin, né, moat hjir de binende skeakel wêze. --- Romans en dichtbondels Lit it forline wer libg£, as ien fan jim yn eigen formiddsn foarlêst üt dat prachtige greate nije boek fan J. P. Wiersma, „Aldfaers Groun", of üt it seldsum moaije forhael fan Simke Kloosterman, „It Jubeljier". Gean mei de „Sallemander" fan Liuwe Brolsma op reis — en jimme sille tinke, dat it folop simmer is* Of fordjipje jim yn it yngreven Fryske libben, lyk as dat biskreaun wurdt yn de boeken fan Reinder Brolsma en W. Cuperus. Of jowe jimme de foarkar oan in libben forhael, bisykje it ris mei in roman fan Abc Brouwer, Harm Loadewyk, H. de Jong, P. de Jong, M. van der Galiën .Barend van der Veen, A. Meester—de Vries,'ja, neam mar op! Foar „literaire fynpriuwers" bine der de boeken fan Arme Wadman en dr. Poortinga. Ja, sels spannende detektive-boeken is de Fryske boekeskat net sünder: de aventüren fan „Stille Bouke" of ien fan de forhalen fan Sj. van der Schaaf of P. Terpstra sil jimme de kofje kald wurde litte! Dan hawwe wy it noch net iens oer de dichtbondefs hawn. Mar it mei bikend wêze, dat der njonken it wurk fan üs greate dichters as dr. O. Postma, Fedde Schurer en D. A. Tamminga, in great forskaet fan bondels is. Wy oerdriuwe net, as wy sizze, dat de hjoeddeiske Fryske poëzij skoan munsterje kin tsjin — bygelyks — de Nederlanske. --- It berneboek En dan it berneboek! It Fryske bern is eins folie fierder as de greaten; it hat in natuerlike foarkar foar it Fryske boek. Vn in apart artikeltsje wurdt der op dizze side noch wol op wiisd, hwat der op dit gebiet is. Wy kinne der hjir mei folstean, to sizzen, dat de Fryske alden it Fryske bern ta it Fryske boek bringe moatte. Foar de alderjongsten is der al forskaet; ja, ' foar elke leeftiid is der mear as genöch op de Fryske boekemerk. En der is noch m e a r op kommende wei! Tige bliid meije wy wêze, dat de prachtige Fryske berneboeken „Torda. de sigeunerhoun" en „Jonges fan Gaesterlan" op 'e nij ütjown wurde sille. --- Fryske dei to Boalsert. (iepening Fryske» boekewike) It alde, yn 'e léste tiden hoe langer hoe mear foarütstribjende Boalsert, hat dizze kear de care om mei in Fryske feestdei üt to kommen, dy't tsjügje sil fan Fryslans kostber bisit, n.l. it Fryske boek. It alde Boalsert, it plakje groun, dêr 't Gysbert Japiks earen syn fuotprinten êfterliet en dêr 't dr. D. Kalma ienris yn in biskriuwing fan sei: „dat de stêd (Boalsert) hiel Fryslan ta in care bliuv/t, lyk as hja yn it forline wie." Boalsert — Gysbert Japiksfeste — d'Alde grize ~Hansa"-stêd, Stiet diSkear wer yn it teken Fan in Fryske massa-trêd Alles hwat foar Fryslan libbet Op 't gebiet fan boekerij, Set moai wis de stap nei Boalsert En is grif fan de partij Boekewike Boalsert iepent • Dizze mei in Fryske dei; Boalsert, soe:k èk sizze kinne, Wïist vs wer de goede wei. Boeken, boeken, nochris boeken Töget men nou aenstons oan, Om üs Friezen sjen to litten: 't Fryske boek o, wünderskoan! 't Fryske boek. fan skatbere wearde... 't Seit üs folie dizze tiid! 't Frxjske boek krych glans en namme, Hein en fier en wiid en siid! Wolkom dus, dy boekewike! Friezen, koart nou om 'e hoek — Taest rejaelwei yn 'e büse: Stypje,- fceapje 't Fryske boek! RINTSJE KLAZES. --- Nyckle Haisma. Wy hoopje, dat dit listke mannichien der ta bringe sil om- ris to priuwen en.... op 'e smaek to kommen. As er dat yn de Fryske boekewike docht, dan krijt er boppedat it bikroane wurk fan Nyckle J. Haisma, de novelle „Simmer", forgees. En dan mist it net, of hy wol Haisma syn oßr wurk, de boeken oer Peke Donia, de koloniael en de Yndyske sketsebondel „Suderkrüs" ek léze. Wy neame dit wurk mei opsetsin apart. Hwant yn dizze dagen, hweryn de»' sa ier forstoarne Fryske skriuwer Nycle Haisma care wurdt, fortsjinnet syn wurk dochs binammen it omtinken. Haisma hat üs — ek yn syn novelle „Simmer", dy't wy op dizze side apart bisprekke, prachtich wurk neilitten — en hwa't dit lést, sil ta de oertsjuging komme, dat ek de Fryske literatuer hwat jaen kin, dat it libben riker makket. Mei it sa wêze, dat mannichien yn de kommende dagen to dizze konklüzje komt! --- SOUN FORSTaN. len fan de soannen fan in Fryske sékapitein, dy hwat lamliddich fan skik en klirk by in abekaet wie, takele him alle dagen as in jonker op. Sa stie er fan top ta teil yn peaskepronk ienris foar de spegel en sei yn himsels: „Ik bin flink fan liif en lea; de klean sitte my oft se my der om getten binne; fammen hawwe sm oan my, en ik hab jild by de rüs; hwat soe in man as ik noch brek hawwe'.'" „Soun forstan!" sei syn heit, dy't yn 'e keamer stau en him in earban* joech, .dat er truzele. (Joast Halbertsma). --- It Boalserter stedus, der 't hjoed de Fryske literatuerprizen ütrikt wurde --- „As folk yn ienheit bistribbe....” „Aldfaers Groun” fan J.P. Wiersma. Byld fan in tiidrek (1860—1940). Tekeningen fan C. Jetses. Utjefte fa. A.J. Osinga, Boalsert. Priis ƒ 14,50. „Byld fan in tiidrek" neamt J. P. Wiersma syn greate roman „Aldfaers Groun", dy't krekt by it jubileum fan de Frico en ek krekt foar de Fryske boekewike fan de parse kaem. En as ca in roman in folslein byld fan in biskaet tiidrek jown hat, dan is it sünder, mis dizze. * In oare fraech is, hwat de meast sprèkkende ütbylding is. As wy dat iene fers fan dr. O. Postma, ~Dit alles is Fryslan", en dizze roman fan Wiersma njonken elkoar lizze, dan koe it wêze, dat Postma syn soberens it wint fan Wiersma syn wiidweidigens. Wiersma hat syn best dien om yn dizze 675 siden sa folie mooglik bisünderheden to jaen oer it tiidrek, dat er biskriuwt. It mist my net, dat dizze roman opset is om Fryslan yn de jierren 1860— 1940 to biskriuwen en dat itjinge in roman dochs eins ta in roman makket, hjir tsjinst docht as forbining tusken de ünderskate „scènes". Men mei hjirüt net de konklüzje lüke, dat it forhael as los san oan inoar hinget. Krekt oarsom, „Aldfaers Groun" is, nettsjinsteande syn forsearre opset, in flot, lêsber, bytiden spannend boek. In fraech as „Is dit boek in oanwinst foar de Fryske Hteratuer" soene wy dêrom graech üntrinne wolle en leaver sizze (en dit is dochs jitte mear!): „Dit boek is in oanwinst foar Fryslan". Wiersma koe mei dit boek twa kanten üt: de dramatyske hanling nümer ien en Fryslan as entourage öf Fryslan nümer ien en it forhael as forbining. Hy hat biwust en konsekwint de twadde wei keazen. Al soe it jin oan ien kant ek muoije, dat in boek as dit, dêr't yn alle opsichten alles by opset is, literair sjoen binefter bliuwt by de greate ioarbylden yn de Noard-Jeropeeske literatuer, dan moat men noch troch ende troch bliid wêze, dat Wiersma en Jetses dizze pikturale ütbylding fan Fryslan yn in forline, dat üs djür is, jown hawwe. Ja, dy beide hawwe der foar soarge, dat wy by it lézen fan dit boek libje yn in tiid, dy't foar Fryslan fan san greate bitsjutting wie. In tiid fol libben en romantyk, fol striid en opgong. Wiersma syn forhael bringt üs hieltyd wer op oare plakken, fan Gaesterlan oant de Dongeradielan en hy biskriuwt hieltyd wer oare dingen, fan de striid fan de fine mennisten oant de opkomst en de bloei fan it kooperaesjewêzen. Dit is in byld fan de tiid, dêr't Fryslan great yn waerd. In byld fan (wy brüke de wurden fan D. van Wieren) hwat Fryslan „as folk yn ienheit bistribbe." En omdat dat byld earlik en klear is, binne wy sa bliid mei dit greate wurk fan J. P. Wiersma, dêrom kinne wy ek elke Fries mei klam oanriede, it to lézen. Oer de illustraesje hat in kunstner gear west. C. Jetses hat him yn it tiidrek, dêr't it boek him yn öfspil#t, ynlibbe. „Dit alles is Fryslan" —■ ja, dat mei hjir fan sein wurde. De tolve greate kleurde platen en al dy oare tekeningen — it boek sit der grötfol mei! — jowe dit wurk mèi syn greate wearde en meitsje it ta in kostber bisit. En de ütjower, Osinga, hat de rest dien. Prachtich papier, in seldsum moaije ban... wier, san boek is yn Fryslan noch nea ütjown! „As folk yn ienheit bistribbe". Dat meije wy sizze oan de ein fan it tiidrek, dat dit boek biskriuwt. En dat meije wy ek wol in lyts bytsje fan „Aldfaers Groun" sizze. Hwant hwat soene Wiersma, Jetses en Osinga der fan tolanne brocht hawwe, as it Fryske 'folk, it libjende, stridende Fryske folk der sels de stoffe net ta jown hie? P. G. --- Ken jim tael! Sil it Frysk op 'en dür bihalden wurde, of leaver syn rjuchtlik plak wer ynnimme, dan moat it folk de tael kenne. Aldergeloks hawwe wy oer it Frysk ünderwüs nel;, to kleijen, de léste tiid, al bliuwt der noch genöch to winskjen oer. Mei de learmiddels hat it der ek wolris minder foarstien. Wy krigen wer twa nije boekjes tastjürd, dy't wy hjir graech oankundigje. --- „Ken jim Frysk”, fan dr. D. Kalma. In samling Frysk taeleigen foar leargongen _n selsstüdzje. Utjefte Laverman N.V., Drachten. Priis f 2,75 Dr. Kalma hat fan de Fryyske learmiddels dyt hjoed de dei binne, sa wol op taelkundich, skriftekundich as skiedkundich gebiet, in great part forsoarge. Mei dit boekje bringt er üs, yn de' foarm fan in learboek, in samling Frysk taeleigen, dy't üt san 5000 wurden en sizwizen bistiet. It materiael is safolle müglik yndield neffen de ünderskaco greate libbensgebieten doft, waer en wyn; it ■minskelichem; bidriuw en hannel;" Godstsjinst, ensfh.) It boekje liket üs foar de doelen, dêr 't it foar orn3arre is (selsstüdzje en Fryske kursussen) tige gaëdlik ta. --- „Beknopte Friese spraakkunst", fan dr. K. Fokkema. Utjefte J.B. Wolters, Groningen. Prijs ynn. f 3,50; ynb. f 3,90. Dit boekje is binammen ornearre foar har dy't Nederlansk prate en nou ek de Fryske tael machtich wurde wolle. De grammatika wurdt düdlik en folslein bihannele; l|soefeningen en in wurdlist binne ek opnommen. Soe dit boekje net gaediik wêze foar dy kontroleur fan Aldeboarn, dy't noch net iens wist hwat „süpe" wie? Süncler gekheit: lju, dy't yn Fryslan har wurk hawwe, mar gjin Friezen binne, kinne, as hja mei it folk fortroud reitsje wolle en dus de Fryi = ke tael leare moatte, har foardiel mei dit boekje dwaen! --- Hwa wie Gysbert Japiks? Doet forline jier foar it earst de Gysbert Japiks-priis ütrikt waerd, foei der foar it Boalserter stêdhüs in bisünder petear to biharkjen. „Wat is hier te doen?" frege de iene Boalserter oan de oare. „Wel, der wurdt fandaag een of ander herdacht; dou weetste wel, Gysbert Japiks." „Gysbert Japiks? Wie waer dat dan? „Nou ju, die het ut Fries ütfonden!" * * * Tink net, lezers, dat it allinne „the man in the streef' is, dy't Gysbert Japiks net ken. Ik haw ris oan in Ljouwter skoaljuffer, dy't net sa botte Frysksinnich wie, frege: „Witte Jo wol hwa't Gysbert Japiks wie?" En doe antwurde dizze ünderwizeres, dy't bern üt de Fryske haedstêd leare moast: „Dat was immers die Friese zeeheld!" * * * Wy wolle hoopje, dat de Friezen, dy't hjoed dizze bisündere dei bitinke, wol witte hwa't Gysbert Japiks wie. Mar kenne wy ek allegearre it wurk fan dizze greate dichter? Hawwe wy syn wurken op üs boekeplanke stean of bliuwt al de moaijens, dy't er jown hat, foar üs in „sletten boek" en hawwe wy de boarne fan folie geniet öfsletten? Kenne wy allinne syn namme? Of kenne wy himsels ek? It is wol goed, üs dit yn dizze dagen, nou't syn namme care wurdt, öf, to freegjen. --- En mient in keale sot him great en wiis, Om't hy üs tael net sprekke kin of wol, 't Giet üs net oan, al mei 't sok reau net flije, Wy, ünder eigen folk, nin aperije! (H. S. Sytstra). --- Nije Fryske berneboeken Der is earne oars op dizze side ek al op wiisd, dat wij in great forskaet fan Fryske berneboeken hawwe. Hjoed, op de earste dei fan de Fryske boekewike, meije wy der wol efkes de klam op lizze, dat wy binammen üs bern mei it Fryske boek fortroud meitsje moatte. De léste moannen is üs gauris in nij berneboek ta bisprek stjürd; wy nimme dy nou mar allegearre tagelyk — elk kin yn de kommende dagen syn kar dan mar dwaen en de bern bliid meitsje! --- „De trijekaert fan Marswal”, fan C.E. IJestra. Utjefte A.J. Osinga, Boalsert. Hoefolle boeken binne der oer doarpsjonges skreaun? Gans, mar hja birikke lang net allegearre deselde hichte. Yestra syn boek, dat Wykber oarspronkelik yn it Hollansk skreaun is, mar hwat hanling en persoanen oanbilangt wol tige Frysk is, is net ien fan de minsten. Jort, Willem en Goukebilibje gans aventüren en oan spanning üntbrekt it yn de rin fan it forheal net. Bilibbenissen as mei Hein en mei Lex, de man üt de güchelwein, binne wol kost foar üs jonges fan in jier as tsien, tolve. Boppedat mist it boek ek de „goede strekking", lyk as men dat dan neamt, net. De tekening fan de figueren hie hwat skerper kind; men kin dé trije jonges oan de nammen üt elkoar halde, mar oan de karakters, dat hat der wol oan. - H. Post makke foar dit boek, dat Osinga kreas ütjoech, in tal moaije tekeningen. --- „Pier Pak of: de gongelstók fan Klaes Kunst”, fan Barend van der Veen. Utjefte drukkerij Laverman N.V., Drachten. De wündere aventüren fan Pier Pak, ■ dy't mei de ald gongelstök fan Xlaes Kunst sokke bisündere dingen üthelje | kin, binne tige goedlike lektuer foar bern fan seis oant ja, folje mar yn! : Hja binne der net gau to ald foar! En der mei hjir wol ris sein wurde, dat wy der wiis mei binne, dat de firma Laverman kans sjocht, de léste tiid mar gans . fan dy kein ütfierde Fryske berneboeken de wrald yn to stjüren; suver foar alle leeftiden hwat gaedliks! Fierder kinne wy koart krieme. Barend van der Veen is foar bern in pürbeste forteller. En de teikeningen fan J. Pander dogge it ek mar skoan! --- „Moarke”, fan A. Meester—de V ' 2e printinge. Utjefte Laverman N.V. Drachten. ' : Dit bisteforhael is krekt hwat foar üs bern fan füf oant tsien jier. Sa net, ek de ] alderen hawwe der har niget oan. Dizze j skiednis fan de poes Moarke wurdt sa seld- , sum aerdich en sa humoristysk forteld, dat . wy de skriuwster (dy't destiids mei dat ] treflike „Teltsjes fan de Komkommerploech" al namme makke) der net tankber genóch foar wêze kinne, dat hja de Fryske t bern dit boek joech. Alden kinne it de lyt- , sere bern moai foarlêze en dan sille hja der care me inylizze. Aldere bern sille it seis léze wolle en dan léze hja it yn ien sike üt De knappe tekeningen fan Sj. Kuperus (sa tige écht foar de bern) en de moaije ütfiering meitsje üs dit boek noch dierberder. ---