Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

de keamersdoar iepen en sei: „ja, hwet is der oan ?"

Yn 't bedsteed laei hjar man, dy't de winter troch sukkele en noch hast net fen 't bed kaem; hy laei alhiel opstoelle yn 'e kjessens; de ünderklean wiemen boppe iepen en lieten it goare boarst sjên en de meagere hals. Syn antlit wier swart fen meagerens en de greate eagen stienen hol en fol lijen.

Hy hie de holle oerside en seach nei Auk, dy't op him ta kaem ; „hwet is der oan ?", sei hja.

„Hwet docht Broar ?" frege er.

„Broar? det kinst wol bigripe, dy docht neat; de hiele godgcinske moarn hat er yn 'e bleek lein, en nou is er nei de Mar gien."

„As er thüs komt," sei Sytse, „moast him ris by my stjüre, ik scil him der noch ris goed op oan stean, det er yn de üngetiid giet, der wirdt neat fortsjinne sa."

„Och heare ja, det moast er wolle, hwent al kin er yn 'e oare moanne wer fiskje, hwet jowt üs det; mar ik ha it him al sa faek forhalden, det it sa net langer kin," sei Auk, „mar den seit er altyd, det er him net öfbeule wol op 'e klaei."

Sytse hie him wer deljown en die de eagen ticht; — Auk wier op 'e stoel for it bêd sitten gien, mar nou gyng hja oerein en bigoun by de tafel hwet to dwaen.

Buten wier it feest fen de Maitiid, dêr songen de fugels en boarte it jongfé, mar yn de wente fen Sytse en Auk wier earmoed en lijen.

En dochs wier der in flink jongkeardel yn hüs, dy't as er woe wol jild fortsjinje koe, mar hy liet him net sizze, doarme mar roun yn it fjild en kaem sims thüs mei hwet aeijen ef in soadtsje fisk, dy't den opiten waerden.

Al let op 'e dei draeide er de de doar op en smiet twa einfügels oer de flier.

„Hja binn meager, mar der sit dochs wol hwet goeds oan", sei er.

De keamer lei er noch krektlyk hinne as de moarns, en Auk dwelme der yn om. Broar socht om in sit en frege : „hat mem noch hwet iten ?"

„Ja," sei se, „ik ha hwet ierpels yn 'e oven, ik kin se dalik wol krije.

Do waerd Sytse wekker en röp sunich „Broar."

„Hwet is der", sei dy.

Sluiten