Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

en taksebeamkes hinne ; hja bleau stean do't hja Broar seach en hy haldde lang syn eagen yn hjarres.

Einlings sei hja : „hwêr wachtsje jy op ?".

Nei't Broar in skofke wachte en hjar oansjen bleau, sei er: „Wolle jy noch ris wer spylje ?"

Stadich kaem in glimke om hjar lippen, do sei hja: „hwerom ?"

„Det is sa moai" sei Broar.

Hja glimke wer en gyng do yn 'e hüs; efkes letter klonk de mezyk troch de stille joun en de eartiids rouwe jonge stie mar to harkjen en syn moed waerd sa frjemd, fiere dingen seach er dy't moai wiemen en tear, krekt as it famke det for him spile.

Lang stie de jonge dêr, oant op 't lest de spylster for it finster kaem en sunich sei: „nou hald ik op, hear."

Hja gyng foart, mar earst knikte se Broar noch ta dy't neat weromsei, en noch lang nei det alles tsjuster wier stean bleau as in dreamer yn de nacht. —

De haeijinge wier sahwet oan kant en trije üngetiders scoenen de snjeontojouns foart gean forgoed. De boer hie Broar frege eft er noch in pear wike bliuwe woe, en dy hie det oannommen as in great foarrjucht.

Hy tocht him lokkich noch in skoft bliuwe to meijen op de greate pleats mids de wide flakke fjilden by de boer en frou en by Anke, hjar bern.

Hja hie seis hjar namme oan Broar sein en det wier sa kommen. Broar siet op in sneintomiddei oan 'ekantfende grêft to sjên nei de lannen, hwer de oppers hea stienen en hwer yn oare stikken it bunte fé by de sleatten lans lei. De loft wier bleekblau fen waermens en it trilie yn 'e fierte as walme de fruchtbre ierde. Fieröf dreauwen blanke seils hiel stadich boppe it lan üt, it wier hast stil en de falden wiemen as swarte streken to sjen yn de wite lapen. In stik fen de greate mar blikkere en skittere fen de sinne dy't gril en wyt op de wrald delbrette, hwerboppe de loft fol wier fen miggegegüns.

Broar hie, wylst syn maten yn 't hea leinen, ek in skadich koel plakje opsocht yn it gers by de grêft ünder hwet beamgüd.

Hy koe hiele skoften sa sitte to sjen en to dreamen, mar nou wiemen syn tinzen fen de waermens noch folie onbe-

Sluiten