Geen zoekvraag opgegeven

Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

oandie, sa as in kalde wiete mist delkomt oer ierbloeijende blommen, — it teare wyt en giel stjert en dea steane de blommen, dy't earst in ünthjit joegen op de maitiid, — ho dy komt, wit net ien en hwet er bringe scil net, mar de jonge minske leaut en wit det de maitiid moai wirdt.

Sa wier it ek mei Broar: nou earst seach er hwet in dreamer hy west hie en dêr waerd er drövich fen. Syn hearlik blide tinzen hweryn hy libbe en syn fiere gazene dreamen fleagen wei.

Op in dei kamen hearen en dames üt 'e stêd foar op 'e pleats en do't se wer foart gyngen yn it blinkende reau mei twa hynsders dêrfoar, do siet ek Anke dêr yn en net ien fen dy foarname jonge minsken seach nei Broar, ek Anke net.

Hjar praetten stêdsk meielkoar en laken en hienen wille; — wyld fleach do it leed op yn Broar, as in donkere wolken wier it om him en hy amme der yn, mei eltse sike fielde er it.

In pear dagen letter teach Broar nei de stêd, kaem de jouns wer op de Marsheide en brocht mei syn jild det er fortsjinne hie op 'e klaei, in rommer tiid for Sytse en Auk.

En al krimmenearre Auk sa as altyd, hja seach hast hwet tsjin Broar op, om't er sa'n hompe jild thusbrocht; en dochs hie se him Ijeaf. Net mei sêft-waerme wirden koe se dy uterje oan him, sa as in mem dy't yn in kreaze wente hüshalde kin fen in ridlik goede deihier en dy't ek sa opfied is.

De minsken fen de Marsheide binne sa net opbrocht, hja binne fen jongs-öf-oan bern fen de natür, rou sims en bot, mar hja hawwe ek al jong de fiere ütsichten oer de Mar en mieden en poellen, en al kinne se hjar net uterje, hja fiele it moaije fen de skepping: sünder det se it seis witte libbet yn hjar it moaije minskelike.

Mar de bürsters en de boeren dy sizze: „it is in frjemd soarte fen folk."

IV.

Broar wier wer sa as foarhinne de greate jonge, dy't rounswalke mei it boat troch de poellen en oer de Mar, dêr't er mei syn bihyplik fiskark hwet fortsjinne.

Ienkear bleau er wei oant let yn de joun, en do't er

Sluiten