Geen zoekvraag opgegeven

Tekst
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

de kjeld sims troch alles hinne jeije. Hja wist it skoan en om't for elts minske de stoarmen fen 't libben it leed op in oare manear oanbringe, eange hja noch wol, mar lm hjar sterke keine geast scoe nou wol opdoare tsjin it libben, as det libben hjar bean waerd fen immen, dy't hja alles hwet yn hjar omgyng fortelle koe, mei it hearlike witten, det dy hjar forstie en fielde hwet hja bisköge as moai en goed. —

De lange winter gyng for lm foarby as in lange rige dagen, hweryn hja in lange earnstige striid fierde yn hjar djipste moedslibben; stil en allinne stried hja, hwent nimmen wist hja, dy't hjar riede koe en det hie se dochs ek net wollen, — allinne mei hjarsels woe se it ütmeitsje.

Do't de earste Maitiids-dagen kamen wier lm wer fleurich sa as altyd, hwennear büten it earste ünthjitten yn 'e loft hinget det in ljochter blierder tiid op komst is, — mar yn hjar eagen laei in djipper glÊns. Ate Roels fornaem der net folie fen, sa as hy de hiele winter nea opmirken hie, det syn dochter in stille striid fierde ; hy libbe as bijierre widner en geseten boer syn rêstich libben op de eigene pleats, de boerkerij gyng bést en syn dochter hie it biwald foar yn de hüs: hy hoegde neat oars to winskjen.

En Broar? och dy hie it sa drok, nou't mei de Maitiid it lanwirk kaem en noch safolle mear; hy wrotte fen de moarn ta de joun, mar yn de winter hied er field det sims hwet by him weromkaem, det in heap like op it mearke fen Anke en hjar spyljen, en al wist er wol det it libben gjin plak hat for mearkes, dochs hied er detselde, det hwet like op itjinge hy ienkear trochlibbe hie yn in dream, festhalden en opsierd sims, mar nou wier it gever en fêster om't er it nea büten it deistich libben om tocht.

Do't de drokke tiid oankaem en de lange jounen, hwerop Broar üt-en-troch op 'e Sanwykspleats siet by de boer en syn dochter, foarby wiemen, do earst waerd it him düdlik, det dy jounen moaije skoftkes for him west hienen. Hwent al hienen de boer en hy in bulte praet oer de boerkerij, ek hie lm sims mei riddenearre en den wier it Broar as hied er nea sa'n sêfte kleare stimme heard.

As hja Broar oanseach, den wier it krekt as ljochten dy eagen yn him en liezen hwet yn syn siele en wisten in hiel bult fen him, det hy net uterje koe.

Sluiten