Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

— 8 —

FOARSTE UTKOMST. 1. Thied, Jüle.

Thied :

Sa kin 't wol, Jüle. Né, dy skeakels net, Noch ek dy spjelden, flünkerjend fen goud — Gjin pronkske steat mear op myn aide dei. To lang is 't lyn, det Fryslan's femten my Forbliden mei hjar ljeafde en flünkrjend each — Gjin goud noch glanzgjen mear. My foeget bést Dit lynwaed, deistich yn syn skyn, mar djür As nea in fammehan noch weve hat Fen Eider oant it Sinkfal. Jüle, tank.

Jule :

Wier 't foechsum, det ik Mem in frage die ? Thied: 6 Hwet wier 't, myn dochter ?

Jüle:

Wachtet Mem hwet greats, Det Mem hjar djürste liifsklead oantein hat ?

Thied:

Hwet greats en bliids. Mar ho't it krekt bistiet, Hwet it bitsjut en hwet it wytgje mei, Ik wit it net...

Jüle:

,, . Dochs mient Mem al, det eat...

Thied:

Nin mienen, mar in witnis is 't, dy't myn

Forjeldzjend hert mei nije gloed' trochstriel't

Hark Jule, en siz, eft ik falsk hoopje scoe. Hwent jisterjoun, ear't noch de swiere moanne In bleke strieling spraette oer froastich gea — 'k Siet mymrjend del, en stoarre it ISnfjild oer Fornüvre ho't myn hert sa freedsum wier Mids d' ünrêst fen ós tiid — do teante sêft Prins Radbod nei myn iens'me troansit ta En bügde del en sei in wunder wird.

Jüle:

Hwet wier 't dat him nei Mem ta dreau, sa Iet ?

Thied :

„Forjow my, Beppe" — sei syn ljeave stim, Sa myld, sa sterk as iere maitüdswyn Dy't oer de weagen fen it marwiid glydt — „Forjow my Beppe, det ik ünbean kom En sprek yn riedsel-taeï. Mar tsjuch moarndei

Sluiten