is toegevoegd aan uw favorieten.

Gysbert Japicx wirken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

<1 Authóre

TO DY

LEZZER.

Ljeafd'-wirddige Lanz-ljue, ruwne Friesen, gol-hertige lezzers en sjongers;

5 So 'er immen aet, aef hette, fijnt to leckjen in to berispjen, oon-geande uwz letter-spjealdinge aef boeckstoyinge (dear ijn wy uwz salme naet foldwaen kinne) aef oorz hette: wy sille goemoeds wezze dat petear to herckjen: Mar az 'er immen, for it yensken trognoaze 10 in oer-kóge to habben, oon-komt meye fuwlle jerre-Pin fen Momus, om alle dwaen oer to kliemjen in to begriemjen; Dy schil it beleavje, az hy it alle gearre, meye schern-stirt, beslingere het dat him jinstiet, uwz eack to-komme to litten dat im wol-beheaget in better 15 tinckt; dat wy reyz löytse mogge aeft er so nolck in ljeap iz ijn 't bouwjen, timmerjen, mirsseljen in op-rjuechtjen, az ijn 't aef-brecken, wirck-scheynjen, om-schoerren in forwoestjen: aef it lock to sloeg dat er in tredde koam, dy uwt it miz-grijpjen fen uwz twaën, twissche 20 twijn, 't ljeacht in fol-mecker wirck oon-bea, to eere fen uwz friessche tonge, dy-me t on-rjuechte beschildget dat me him mey nin lett'ren uwt-bijldje schoe kinne. So folie tocht my rie to sizzen, mey winsch in wad fen lock, seyn' in wolfert ginste.