Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

wol it ornaris wol, tocht de frou, en sa scoenen wy den mar nei ünderen ritme; oeral stienen hAnwizers om .yen it paed to wizen, it skynt det der wol mear minsken komme. Non ja, it woe den ek wol nei ünderen, mar de diveker, Invet kaem dat op 'e küten oan; altyd oan moast men mar mei de hakken yn 'e groun, om 't it oars al to hird gyng en men den hals oer 'e kop nei ünderen tleach. En Invet ik nou ljeafst doch, nei ünderen ef nei hoppen ? ik wit it net, mar ik leau fen nei ünderen. Nei hoppen yn in stadige altyd allike pas, dat kin men lang follialde en dêr wirdt men net gau wircli fen, mar, it giet altyd omheech en ü, liwet wirde de skoen den op 't lést swier. Nei ünderen giet fen seis, mar men wirdt wircli fen it tsjinkoaren. üweroin dos ljeaver nei ünderen? omt men den klear is, en as men omheech giet, mèat men wer omleech, dêr helpt net oan. Mar as alles sa moai is as omleech by de Sonnenberg del, den scoe men hast syn hiele lihhen wol nei de hidelte rinne wolle. It prachtige ütsicht oer de omkriten, it moaije wald fen hege beaminen, allegearre mei rjuchte stammen fen in 20 a 30 meter heech, lijir en dêr ris i:i beekje mei streamend wetter, by in gloppe yn 'e beammen it ütsicht oer de mar mei syn stoomboaten en oer de stêd, efter yen yet altyd de Pilatus en foar yn 'e fierte de Rigi, lnver't nou en den ris in wolkje foarby drean en sa de kop ünsichtber makke. By dit alles it pakkende fen in heech en great wald mei syn waldklanken en syn stilte, mei syn ljocht en syn healIjocht, mei syn beamgesüs en syn wald-lucht, den freegje ik, eft it net moai wier ? en eft men der den sin oan bat om wer yn 'e biwenne wrald werom to

Sluiten