Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

det wy yet sönder goedkeape wanten thüskamen; dy't goedkeap wieme, wierne net nei üs sin en dy't nei üs sin wieme, wieme allike djür as thüs. En sadwaende sjuch jy? .wrotten wy wer trocli de drukte nei üs hotel en knipten op 'e koai.

I) oaie moarns troffen wy in tsjerke-feest yn 'e Dom, it feest fen it Hillige Krus. Der wierne folie mear minsken as de boide oare dagen en ek folie meai foargongeis. En do't de minsken allegearre nei efteren yn 'e tsjerke gyngen, gvngen wy fensels mei en it dürre net lang, ef der gyng in moai biskildere bak, mei in pear kjersen en in pear reade girdyntsjes biliongen, omlieech, hielendal oan boppen ta. Men koe net sjên det er litsen waerd en 't gyng stadich oan, yn sa'11 liege tsjerke dürre it dos in liiel skoft, ear t er boppe wier. En do gyngen de girdyntsjes fen inoar en lialdde in preesterit Hillige Krüs omlieech, wylst it sjongen mar altyd trocli dürre. Ik leau det it op in bnlte minsken in greate yndruk makke, de measten foelen op 'e knibbels en bigonnen to bidden. Do t de bak wer delkaem, gyngen de minsken hast allegearre nei it middenfek en rigelen lijai der om in romte, in paed, dat frij bliuwemoast. Wy hierden dér ek elts in stoel en setten üs del yn öfwachting fen Invet der komme scoe. De frou tochte det de Kening en de Keningin dèr lans komme scoenen, omt hja wolris yn tsjerke wêze koenen en ik tochte t ek el net, dat wit ik net mear. Mar einling en to'n léste kaem it, mar it wierne gjin Kening en Keningin, mai in lige hast net oer to sjên fen krüsen en preesteis yn tsjien, tweintich soarten fen klaeijinge, swart, \\.\t, read, poarper en goud, 't ien mei oar hast in

Sluiten