Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Italiaenske sinne, ily alles sa inoai makke, wylst yn 't heitelan Knie en rein vet reagen oer de fjilden en de minsken yet yn 'e kragen fen 'e oeijassen weikrüpten? Mei fiif minuten warskóge de conducteur üs, det \vy der üt moasten, en vviisde üs mei-ien de wei, hwent sünder det wy it him seinen, wist hy wol, det wy nei de „Villa" moasten. Hy liie oan myn praet by 't keapjen fen 'e kaertsjes wol mirken, det myn Italiaensk der net tsjok op lei, en hwerom giet in frjemde nou dy kant oars üt as 0111 1'alla viccini? By de yngong fen 'e leane leine in stik ef trije echte bidlers en wierne lensels „ansichten" to keap. By it eigentlike bigjin moasten wy üs nammen yn in boek sette en krigen wy in „gids." Italiaensk wier syn memmetael, Frysk minen, mar wy koene dy beide net brüke en dos mar wer yn 't Fransk, de moaije sprake fen it „Hof" en de „Diplomatie." En omt wy elkoars memmetael net forstienen, moasten wy dos ek wol „diplomatisch" dwaen. Nuu, 'k moat earlik sizze, det ik op üs hiele reis net rêstiger Fransk praten ha as mei dy Italiaen, hwent it gyng mei üs beide sa liwet lyk up, beide gjin eigen en beide net alhiel baes oer 't spil. En elk liiene wy ek in kameraed, dér wy tsjin prate koene yn üs eigen sprake, ik yn myn wiif en hy yn in earme stumper, dy om neat meirinne mocht om it moais ek ris to sjèn. It is dêr yn ien wird in Paradys: ald porselein fen 1'ompeji, ( en men kin der wol op oan, det it net neiniakke is) streamend wetter, luist alle beannnen fen lis ierde, o. a. de Eucalyptus, de Kaniferbeam, it öükerreid, de Drakenbloedbeani, Bamboes, Azalea's fen mear as manshichte, Oleanders as luizen, in hearlik moai ütsicht

Sluiten