Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

ris, det sinneskyn en tsjuster elkoar öfwikselje moatte yn 't libben, dat heart nou ienkoar sa, mar de wei fen Genua nei Marseiile is den in moai byld fen 't minskelibben. Sa steamt men tomidden fen moaije tunen, rozen, palmen en azalea's, en den wer om in liirtsje sit men yn in tunnel en is alles wer tonger en swarte naclit om yen hinne ; ik leau det men op dat ein troch twa hündert hinne moat. Do spoardyk leit alhiel oan 'e ranne fen 'e Middellanske sé en dos alle rotsen en bergen, dy 'r Invet yn ütstekke, moat men dwers trochhinne. Men is sims sa deun oan 't wetter, dot it liket krekt eft men oer in brêge spoart en it is sok moai, klear wetter, dat glanzet en Ijochtet under 'e gleone sinne, wylst oan 'e oare kant fen 'e trein bergen fol beammen en blommen lizze, mei lijir en dêr in tsjerke ef in ristorante, hwent dy binne 'r beide ryklik. 11 't lést sjucht men, det de nammen foroarje, de ristorantes wirde Café's en Restaurants, en den dürret it net lang mear ef de trein haldt stil, en wy moatte 'r allegearre üt for de Franske douane yn Vintimille: wy binne yn Frankryk for 't earst fen üs libben. De douane is skaplik, wy binne skaplik, mei fiif minuten sitte wy yn 'e Salie a manger en komt er al gau in swartrök mei in „menu" en in „Carte des Yins". Yn 'e seal hingje twa klokken, ien mei de „Tempo di Roma" en ien mei de „Temps de Paris", hja üntrinne elkoar krekt fyftich minuten en wy hawwe it dos wol oan tiid. Mar alhowol wy rom de tiid hienen, scoe 't my dêr bast noch üntkomme en wol sa, det it jild kostte hie. Do't it miel öfroun wier en de trein al foar kaem, scoe ik üs alde coupé opsiikje, hwent wy hienen dêr in mantel, in cape en twa

Sluiten