Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

It wier wer lyk as yn de kontrijen fen Bellinzona en Como, allinne de snie wier foart, dy skynde wei teid to wêzen yn 'e tiid, dy't wy yn 't Süden troclibrocht hiene. It wier den ek fordealde smuk, ont de joun ta hoechden de finsterkes fen 'e coupé net ticht en koene wy de frisse bercliloft mar by longfollen tagelyk nei binnen arbeidzje. Der kaem inkeld, as de wei twisken de bergen ütgroeven wier, wol ris hwet reek fen 'e lokomotief mei mank, mar dat koe 'r wol op stean, sa fris wier 't oare. Oni in lire ef tsjieu de jouns kamen wy oan .yn 'e stéd fen luxe oan it „Lac Léman" ; it neisjên fen üs bagage gyng hjir op it allermaklikst, hja koene sa fen büten wol sjên hwet er yn siet en dos setten wy do mar de sokken deryn om üs hötel-weiu to finen. Der stie in hiele rigle klear, men koe wol sjên, det lija dér wend wierne om ütfenlnizers to krijen en wy koene oan 'e wein wol sjên, det wy net yn in earmoedich spiltsje tollinie komme scoene. Dit kaem den ek al üt, in hotel as in kastiel en in hiele keppel ljue by de doar yn 'e bocht om üs op to heinen; hja skynden wakkere bliid to wêzen, det wy kamen en wy wierne bliid mei üs skoan ünderdak. Alliowol men hjir oeral Fr&nsk praet, wierne wy nou doclis wer yn Switserlan en dos thiis, dat gefoel hiene wy beide yn ienen wer beet. Yn Switserkui hiene wy net op in plak wést, dér wy üs net thüs fielden, en it wol my wol oan, det dit eltse frjemde dér sa gean scil; hwer dit oan leit, dat wit ik sa krekt net: det alles dér sa kreas is, det se oeral sa „beleefd" binne en doclis net krüpeiicli, det de krêbbe dér sa goed is en dochs it spil net oeribele djür èf it ien mei it oar, mar men

Sluiten