is toegevoegd aan je favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Op Müntsepölle.

i.

It Idsehiemster klokhüs lette ....

De deasang droane swier troch de droege maitiidsloft, en brocht de minsken dêr by om, for safier se it net to drok hiene om to harkjen, de tiinge det der wer ien fen hjar gelikens yn 'e swarte modder bidobbe waerd.

Efter it lyk oan gyng in lange rige manljue en frouljue. Earst trije slaggen om 't hof, — do waerd de bier delset njunken it iepen grèf; de rige hokke der omhinne gear, de dragers lieten de kiste stadich sakje. Do in hol gerügel fen losse modder, yette in gong om 't hof, — efkes letter stoar it lüd fen 'e léste trêd op it kreakerige skylpaed üt. De klok swei; yn it neisangerjen klonk de wijing ta rêst en frede. Op en om it hof wier neat mear to fornimmen as it süntsjes rüzjen fen 'e weevjende linebeammen, en it trilderich blêdgeluster yn'e hage.

De jonge boerinne fen Müntsepölle wier opdroegen.

It greatste part bigraffenisfolk sei by de reedshikke de widner goêndei en teach op hüs oan; allinne de ald boer dy't, as alderling fen it fakante Oreongea, it tsjerkedoarp dêr't Idsehiem ünder hearde, de foargong hawn hie, en fierders de sibben en de neiste bürljue mei hjar frouljue, gyngen mei, om bigraffenismiel to halden, sa't det it brükme is.

Der waerd net folie sein; op it paed net, en neitiid yn 'e hüs likemin. By in bigraffenismiel binne de ljue ornaris al net sa praetsk, mar diskear, op Müntsepölle, gyng it döchs bysündere stil ta De alderling die in gebet, dêr't gans fen 'e 90ste psalm yn oanhelle waerd. Krekt