is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

sa't it hearde. Der waerd kofjedronken, en al brekkende-wei in stik Dimterkoeken iten. De manljue stieken de lange strie oan en rikken as skoarstiens, en de frouljue hiene pine yn 'e holle, ef bearden sa, en treauwen elk syn bar it silveren rükersdoaske ünder 'e noas, ef kweasgen it spünske op 'e büsdoek üt, en wreauwen hjar dêrmei de glêdde foarholle. Allegearre krekt sa 't hearde. En der waerd altomets ek oan 'e deade tocht, — mar fêst net sa 't hearde, oars hied der döchs licht ris ien wêze kinnen, dy't syn müle oer hjar iependie. Mar dêr like elk him for to mijen.

It wier in forfeelsum byinoar sitten, dêr yn dy neare, tsjustere keamer. Om 't hoartsje lieten de manljue de efterste kiezzen sjên, en strieken de frouljue hjar mei de platte han oer 'e skette. Detwoeoan beide kanten safolle sizze as: ik sjuch de doar ljeaver oan 'e bütekant, mar ik doar de earste net wêze dy't him opdocht.

Einlings, do't de klok for 'e twade kear fol sloech yn 'e tiid det se dêr sa sieten to neat-sizzen, sei de alderling, wyls't er stadich oereingyng: „Kom, dêr binne se al mei hjar fjouweren. It wirdt swietjes-oan letter; wy scille mar ris avesaesje meitsje." Do blieken foartynienen de measten fen bitinken to wêzen det it tiid fen opbrekken wier, en hja namen de gelegenheit waer om mei skik en fetsoen foart to kommen. In klok slacht net faker as om 't ure fol.

Gjin kertier letter wier 't léste folk fen 't hiem, en op 'e arbeidster nei, dy't bitsjinne hie en hastich oan 't oprêdden gyng, wier de boer allinne oerbleaun yn 'e keamer.

In koart skofte bleau er foar 't finster stean, en eage it lan oer, for safier as de healtichte blinen it lije woene. Do draeide er him hommels om, en gyng nei 't milhüs om him to forklaeijen. It swarte bigraffenispak waerd uttein en yn 'e kas hinge.

Krekt as oars, yn 't blau baitsje en mei de seilbokse oan, kaem er in amery letter yn 't büthüs.

It wier melkerstiid, en de kij stiene yette op stal.

Jurjen, de feint, wier allang by de leadder op kladdere en hie hea jown. Do't er wer fen 'e souder kaem en fen 'e léste trime op 'e hobbelige klaeiflier fen 'e skürreed stapt wier, bleau er efkes stean to harkjen.