is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Ut it keammerke nést it milhüs klonk it sêfte gülen fen in lyts bern.

„Lytse wjirm! hwet dochst einliks op 'e wrald?" tocht Jurjen. „Ha se dy wer oan dyn lot oerlitten? De keallen wirde mear aclitslein, as dou . . .

Mei-iens gyng er yn 'e hüs.

De widze stie om 'e hoeke fen 'e doar. Jurjen krige de sobber fen 'e tafel, stipte dy yn 'e malkkop, en treau him it bern yn 't mültsje.

It hold foartynienen op fen gülen.

Tige op 't snjit mei syn kinststik, en wyls't er om syn eigen drystens glimke, bigoan de feint do stadich to widzjen. Sa't er dêr stie, en altomets troch de milhüsdoar kipe, bang det him immen oer 't mat komme scoe, wier der net folie kreazens oan him. Hy hie op syn lofterwang in great read plak, en in djippe groede yn 'tkin; det makke syn wêzen al bare ünsjuch. Fierders hied er in biheind foet, dy't under 'trinnen efter him oan slingerjen kaem, en him op 't skoalpaed de namme fen Jurjen Slingerbile oanbrocht hie. Mar hy wier wirksum, en dêrby goedlik fen aerd. For ien dy't him net skoudere, hied er alles oer.

In hopen minsken moatte om sa to sizzen omstrüpt wirde, scil men hwet goeds oan hjar fine, en Jurjen wier der ien fen.

„Och hearken ja, dou lytse wjirm!" sei er yetris, do't it boike sliepte, „hwet dochst hjir? Hwa scil in bulte fen dy halde, en op dy tasjên? Dyn heit net, ha 'k soach. En de nije faem, hwet scil det for in frouminsk wêze?"

Seis hied er in stiefmoar hawn ; syn mem hied er net kend. Det hy wist by ünderfining, hwet it ynhie om fen in frjemd greatbrocht to wirden.

Hy teante ta 't keammerke üt, en gyng nei 't büthüs, hwer't de boer en in fanke fen in foege fyftsjen jier, dy't in faem üt it pak keare moast, al ünder 'e kij sieten.

„De lytse jonge gülde; ik ha der efkes by sjoen, hwent de arbeidster hearde it net, sa 't like," sei er; wyls krige er amer en toelle, en stapte op in stal.

„Soa," andere de boer. Oars kaem der gjin biskie.