is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Skodholjend gyng Jurjen oan 't wirk.

Nei't de jonge widner syn léste kou dien molken hie, gyng er foart wer yn 'e hus, om to sjên eft yn 'e greate keamer en yn 't milhüs alles wer sahwet to plak stie, en de arbeidster oars hjar wirk ek goed forrjuchte hie. In husfrousfaem hied er de oare deis earst to forwachtsjen; syn moeike, dy't widdou wier en in herberchje hold yn 'e Greongeaster bürren, hie mei saun haesten ien for him woan.

Yn it doarp hie lykwol sa gau net ien to finen west, dy't it sinnige om for net to folie lean husfrousfaem en greatfaem tagelyk to wezen, en fen moarnsier ont jouns let ta mei in lyts bern om to toppen. Müntsepólle laei ek op in minne namme: de boer wier earnich en bijegene yen hounsk, twa dingen dy't makken det men der net folie heil hie. De measte boaden holden 't der gjin fol jier üt. Ja, Jurjen hie der al trije jier wenne, mar mei dy wier 't hwet oars, sa redenearren de Greongeasters; dy mocht mei syn üngelokkigens bliid wêze det er

in hinnekommen hie.

Mar kar wier der sadwaende net, en de boer syn moeike hie

dêrom de earste de béste dy't der om utens to krijen wier, hierd. It

wier in wees, ien üt Gaesterlan wei, fen Aldemardum ef dêr earnse.

Oan distiid ta hie hja de hüshalding waernomd for hjar heit, in koumelker,

mar dy man wier koartlyn to forstjerren komd. Moarn scoe se yn

hjar nij plak wêze.

As Tsjalke Teades al leed droech oer syn forlies, den liet er

him dochs net skine. De minsken seine, hy hie der net folie under to

dwaen det er syn wiif forlern hie, en hwa't hwet by him forkearde,

moast soks ek hast wol tinke. Hy roan der alteast like rjucht om. Folie

sizze hied er nea net dien, en syn troanje stie al sa faek op stoarm en

ünwaer, as op sinneskyn. Det, dit sei net folie. Jurjen allinne dyt

fensels alle dagen mei him omgean moast, hie, do't de frou dea boppe

ierde stie, opmirken, det de boer yette mear yn himsels keard wier

as er oars plichte, en yet koarter fen biskie wier, en gauwer om in

neatichheit graude en snaude, as foartiid.

Mar nei 't lyk hied er net taeld, en ek net nei 't lytse libbentsje yn

'e widze.