Omstikken en sydstikken
Hy hie sa 't like it hutnmelinkje oer en tofolle; hy laei der him tominsten neat oan gelegen. Do't er de arbeidster oer 'e flier knge, _ de baekster wier al foart, do't syn wiif stoar, - hied er bitinge, det hja it bern birêdde, en nachts yn 't keammerke der't de widze stie, sliepe scoe, ont salang der gjin faem wier. Fierders liet er .t bern
bern, en seach der net nei om.
De jouns nei iten, do't de oaren op bêd gien wieme, en hy allinne bleau, gyng er yetris nei de foarkeamer. Hy die .t kammenet iepen, en naem der in spoennen doaze üt, dêr't er syn ,.1lyn b,warre. Der wier net malle folie yn, en dochs moast er de hier fen det jier yet bitelje. Hy tocht der lang oer nei, ho't er yn syn troud-
wêzen boerke hie. _ , ,
Det hied er nou al in pear jounen oanien dien. En ho langer er
rekkene en harsenskrabe, nammersto mear roude it him det er nin
frijfeint bleaun wier.
Hy wier hird efterüt gien, en hie ek in tige üngelokkich houliks-
libben hawn. Hy en syn wiif hiene min kinnen, togearre. ^
Skraech-oan oardeljier lyn wier er mei Janke troud. Do t er om
hjar stikke, wier hja it tsjepste frouminsk yn 'e omkriten, mei in pear
eagen yn 'e holle sa blau as de simmerloft, en hier as goud It lo
joech him sa 't like alles hwet it to jaen hie, do't er hjar op Muntse-
pölle brocht. ,
Mar hja hie in forkeard aerd, en for boerinne doogde se al-
hielendal net. Det hied er earder ynsjên moatten. Hy moast in wil
ha dy't de hannen nei 't wirk stiene, hwent hy hie in lyts spil, en
mar in ünderhansk fanke ta faem, mear koe 't net lije. It foarnaemste
wirk moast de frou seis opknappe. En sa fier hied er Janke nea net
krije kinnen. Hja wier greatsk en pronksk, en siet al folie mei de
hannen oerinoarren. Sa hoefde it nimmen nij to b.kommen, det se
mei gauwens in husfol rüzje hiene, hwent syn aerd wier krektrjucht-
oarsom as hjarres. . .,
Nei in koarte dream fen lok en ljeafde kaem der in lange tnd
fen tsjieren en iggewearjen. Hy forwiet hjar hieltyd det se gjin sint
meibrocht hie op hjar troudei, en de boel hirder oer 'e balken smiet