is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

De neimiddeis ünder melken kaem de hüsfrousfaem. Hy seach hjar oankommen, do't se ticht oan 'e hameije ta wier, en syn eagen hifken hjar, krekt as hied er in nij hynsder foar. Fen foarkommen foei hja him neat ta, alteast hwet de foarsens oanbilange net; hja wier

al frijhwet de lytse kant neist.

Syn goêndei klonk fortrietlik. Koart en ünfrjeonlik died er hjar ütliz fen 'e dingen dy't hja witte moast, en forpraette mei hjar

hwet se to dwaen hie. j

„Hja scil gjin gong wetter tille kinne, op 't slimst!" tocht er, dot er wer yn 'e yester gyng. Hy liet it oan 'e arbeidster oer, om hjar

fierder to stoel en to bank to bringen.

Do't de skipper foart neitiid hjar güd brocht — de man hie der gjin swier tögjen oer, - wier Antsje' earste wirk, om de sneinske klean üt to tsjen en hjar deiske pluntsjes üt 'e kiste to krijen. Itsmel gouden earizer gyng yn 't heechoppich doaske; hja sette in swart mütske op, en die in skieppegrauwen skerldoek foar. For de gledlearen skoen mei ilestiken kamen in pear toffels yn 't plak. Hwent de dracht fen 'e Gaesterlanskes mei dy fen 'e oare Südhoekster boere- en arbeidersfrouljue hwet üntrinne, yn twa dingen halde hja it meiinoarren, krekt as alle Friezinnen: hja forbroeije de holle, en litte de foetten ütweakje.

Sa klaeid kaem hja wer yn 't milhüs, om it jounsiten ré to meitsjen. De arbeidster wier al foart, en de lytsfaem stie op 't stalt to amerbjinnen. Om yn in ünbikende hüshalding foart de wei to witten, en oan to pakken, fait neat ta, mar Antsje stie net sa gau mei forlegen hannen, en do't de boer en Jurjen efkes letter yn 'e hüs kamen,

hinge de süpe al oer.

Jurjen sei hjar frjeonlik goêndei. Hy wier wend, det er by de measte minsken opsjên moast; det hoefde er nou net, en soks stie

him foart al oan yn 'e nijfaem.

„Wy pasje goed byinoar, ik en jy," sei er, en gyng njunke hjar stean. „Gjinien fen üs beiden scil in gat yn 'e loft stjitte."

Antsje naem him nijsgierrich op; njunkelytsen kaem der meilijen yn hjar eagen. Hja andere lykwol neat, mar seach ris nei de süpe, dy't tsjin 'e soad oan wier.