Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„Eft se de boel ek oersiede, ef oanbarne lit?" tocht Tsjalke. Fen syn forstoarn wiif wier er 't net oars wend; jamk hied er hjar dêr hirde wirden om jown, mar 'twier döchs altyd weroan itselde; it like wol net oars to kinnen. Dêr tocht er him lilk oer; syn foarnimmen fen jisterjoune kaem him wer yn 'tsin. As de nijfaem it hert hie om de süpe oersiede to litten, koe hja moarn de dei wer oprukke, det stie fêst.

Dêr gyng Antsje wer nei de hird. Krekt op tiid redte hja it bisleech troch 'e süpe, en krige de pöt öf.

Do't de brij op tafel stie to wazemjen, fortrette it Tsjalke suver, det se net sangerich wier; hy hie graech wollen, det der hwet op to sizzen wier. Hy hie hwet oer him krige, krekt as moast er der alle minsken op oansjên det it him tsjinslagge wier yn syn trouwen. De oarsaek fen syn soargen laei op 't tsjerkhöf; hjar, de deade, koed er neat mear forwite. Mar de nijfaem hie hjar plak yn 'e hüshalding ynnomd; hja scoe dübeld en dwers üntjilde moatte hwet dy oare misdien hie. Hy wier in wriuwpeal brek; hwa koed er dêr better for brüke, as hjar? Hwet die se sa minmansk to lykjen en sa stil en dimmen to wêzen!

Dy't in houn slaen wol, kin wol in stök fine. Do't er de deis dêroan mirk, det de Gaesterlanske seden en menearen en sines inoarren yn inkelde dingen üntroannen, graude er hjar ta, det hy hie hjar net woan om de boel trochinoar hinne to smiten, en it scoe gau kriich west ha, as Antsje net wizer west hie.

Mar dy hold hjar stil, en die hjar bést om 't him nei 't sin to meitsjen.

II.

Foartynienen do't hja komd wier, hie Antsje de soarch for 'e lytse jonge fen 'e arbeidster oernomd.

Hja kaem üt in great hüshalden. Op hjar fyftsjend jier forlear se hjar mem; sünt hie se, as de aldste fen 'e saun, op hjar jonge broerkes en sisterkes pasje moatten. Twa dêrfen laeijen do yette yn 'e widze.

Sadwaende hie hja tige mei bern omgean leard, en wier se de lytse boi wol tabitroud.

Sluiten