is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

En ho neigeanich eft de boer oars wêze mocht, yn dit stik fen saken liet er hjar ek stil gewirde. Hja mocht mei de jonge ompankoekje sa't se seis Ijeafst woe; hy hie der nin bigryp oer, ho't in lyts bern greatbrocht wirde moast, en woed er ek nin bigryp oer ha. Hy tocht oars nearne net om, as om jildfortsjinjen; for alles hwetdêr buten om gyng, wier er ünforskillich, ef tominsten, sa hold er him. Altyd deselde, swijsum en stymsk, gyng er syn gong, as immen dy't him tsjin in great fortriet forsette woe.

Hy töge swier oer syn ünk, — en net botte fordildich.

De kij waerden ütlitten, en 't hüs skjinmakke. De tiid fen meanen en haeijen kaem oan, en brocht in hopen drokte mei. De hantsjemieren swaeiden de seine troch 'e hege stannen en lieten it gêrs op lange swéën efter hjarren. Iverige hannen kearden en skodden it, om wyn en sinne to helpen. Licht skrabe in dei twa-trije letter op 't selde plak de riuwe oer 'e stoppel, en brocht men it nije hea oan 'e wudze. Reak njunke reak waerd optime; weide op weide it hiem op riden. Mei hjar greate skürdoarren fen 'e iere moarn oan 'e lette joun ta yn 't wiidst iepen, gappen de greidpleatsen oer 'e mieden, as longerige, blau-reade munsters, dy't alles trochswolgen hwet de maitiid groeije litten hie, en nimmer net sêd waerden.

Do't de nei-üngetiid oan 'e kant wier, en de boer fen Müntsepölle tiid hie, om bidaerdwei nei to gean, ho't it mei syn boerkerij stie, mocht er mear as tofreden wêze.

It hie in bést heajier west. In fiks gewaechs en mei droechte woan, — better koe 't net. Efter op 't hiem stie in greate bult; hja hiene lang alles net yn 'e skürre bergje kinnen. As de prizen skieik ris hwet omheech gyngen, koe 't oerstallige — hwent seis koed er it hyn efte nei net opfoerje, — in aerdich dofke opbringe, en dêr tidige er op, by 't meitsjen fen syn plan.

Hwent in plan hied er, — hy tocht wer om trouwen.

Syn wiif wier yet mar kwealik in fol fearnsjier rêst; in oar scoe der wol skande fen sprekke, as 't der fen kaem.

Mar dêr steurde er him net oan.

Akke fen Lolle Hylkes, dêr woed er op öf; dy moast boerinne