Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„Is 'tin kreas frouminske?"

— „Né," sei Jurjen, „hielendal 'nt, mar it is in iennichst bern, en de aldboer sit der goed by. Hy hat wol in tüntsje, wirdt der fen sein."

It wier frjemd, mar det like in treast to wêzen for Antsje. Men scoene oars sa sizze, hwet laei der hjar oan gelegen, hwa't frou waerd op MÜntsepölle? Earm ef ryk, tsjep ef ünsjuch, det wier ommers itselde; hja scoe der like goed om foart moatte.

„Tsjalke Teades wol fensels noait nin ien wer ha dy't nin sint

yn 'e marse hat," forfette Jurjen.

Antsje knikte swijend. Det leaude hja wol, en 't wier ek krekt sa 't hearde, tocht hjar. In earmeljues bern moast bynefter stean by in rike boeredochter, det gyng altyd sa. Us Ljeaven Heare hie 'tfêst

sa ha wollen ....

„Hy is glüpende gierrich; for in min lean wol er alles fen yen

dien ha."

In lekskoaijer wier de feint oars net. Diskear wier der lykwol hwet, det him oantrune om de boer swart to meitsjen; hy wist seis 'nt, hwerom. Wier 't der him altomets om to dwaen om Antsje sa fier to krijen, det hja him gelyk joech? Dêr hie 't in bulte fen. Mar Antsje swei.

En do't se in amerij letter de jonge gülen hearde, gyng hja yn 'e hüs, om him üt 'e widze to krijen.

Hwa't do sjoen hie, det der in trien op 't widzekleed dripte .... Mar nimmen seach it.

* * *

Do't de boer de middeis om melkerstiid hinne thüskaein, seach er, as hied er de iene op, en scoe de oare der oan. Sünder in wird to sizzen, teach er syn seilbokse oan, en gyng nei de yester, dêr't Jurjen al ünder syn earste kou siet.

De feint mirk foart wol, ho let eft it wier.

„Hy is fen in forkearde reis thüskomd," tocht er fortrietlik. Fortrietlik, — hwent de boer wier nou yet blyn, mar troude er net gau, den wier der wol kans det him hjoed ef moarn de eagen iepen-

Sluiten