is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

laei yette det frisse, eigene, dêr't men in jongfaem en in troud wiif oan ütinoarren ken, en dêr't döchs nimmen in namme oan to jaen wit. Mar det hja noed stie fen det bern as wier 't hjar eigen, det scoe elkenien sizze dy't der hjar mei gean seach. Hwent eft in frouminske in bulte ef in bytsje ophat mei de lytse dy't se op 'e earm draegt, det kin men sjên oan 't beethalden. In mem bygelyks haldt hjar bern sa soarchfaldich, sa Hawar, üs sprake is dóchs ek hast like

earm as oare talen!

Op Müntsepölle wier alles wakker by 't selde bleaun.

Ont nou ta hie de boer yet net wer om in wiif to fjild west. Forline hjerst wier 't him neat yn 'e kaert wierre; ear't er it wer weage, woed er earst mear wissichheit ha.

Mar hy gyng tsjintwirdich faker as er plichte nei de herberge yn

'e bürren.

Nei syn stamhalder seach er yette net om. Det de boeresoan fen Lytshuzen him in slach foar west hie, dêr joech er it bern de skild fen. Mocht er der njunkelytsen al oerhinne wêze, det Akke him do öfstegere hie, der wier gans praet fen komd, en det stiek him. Hied er woan, hy scoe him oan 't rabjen fen 'e ljue net steurd ha; nou't er forlern hie, wier 't him ünhjirmlik yn 'e wei, det se hwet fen syn mislokte frijersgong öfwisten, en it gefal in hiel skoft op'e tekst hawn hiene. Hy koe him ek net bigripe, ho't in oar der efter komd wier. Earst seach er syn moeike der op oan, mar do't er dêr mei in opstritsen seil hinne roan, en it minske al hjar soune üren tsjin hjar ünskild op 'e skealjen lei, wier er yette allike fier.

Yn elk gefal: det er in bern hie, wier syn üngelok, en dêrom bleau de jonge him hosk.

Wy seine det op Müntsepölle alles wakker allyk bleaun wier. Mar Jurjen wier dochs wol in dripke foroare. Net fen oansjên, mar ynwindich.

Sünt forline jier wier er net mear sa tofreden yn syn lot, as foartiid. Hy koe der him sa goed net mear yn skikke, sa wier 't mar.

As men him frege hiene, hwerom net, hied er grif mei in andert oan west. De boer wier ommers yet altyd blyn; as der yn 'e hüshalding hwet wier, det him net sinnige, — en der wier hast alle dagen hwet! — den krige Antsje de kous op 'e kop.